Op en yn de omjouwing fan de Ofslútdyk
Op en om de Ofslútdyk
Foar de measten is de Ofslútdyk net mear en net minder as in handige, flugge ferbining tusken Fryslân en Noard-Hollân. Net folle minsken beseffe dat de tusken 1927 en 1932 oanleine dyk ien fan de grutste wettersteatswurken is dy’t oait op ’e wrâld realisearre binne. De ferwêzenliking fan in 30 kilometer lange daam as ôfsluting fan in binnensee wie - hielendal foar dy tiid - in gigantyske prestaasje.
De Ofslútdyk foarmet net allinnich in ferbining tusken bestimmingen; de dyk is séls ek in oantreklike bestimming. Jo belibje dêr de oertreffende trep fan it begryp wiid. By moai waar is it útsicht oer de Waadsee en de Iselmar manjefyk. En by wat minder waar binne jo dêr echt ien mei de eleminten...
Koarnwertersân is, krekt lykas Breesândyk, in earder wurkeilân. Dêr waard yn maaie 1940 de Dútske opmars noch lang tsjinholden. De saneamde kazematten (bunkers) besteane noch altyd en foarmje tsjintwurdich in ynteressant museum. Fierder leit dêr in slûzekompleks, dat bestiet út in spuislûs en twa skutslûzen. It kompleks is in ryksmonumint en is neamd nei Hendrik Lorentz, dy’t yn 1902 de Nobelpriis foar natuerkunde krige en in belangrike rol spile by de oanlis fan de Ofslútdyk.
De regio om de oansluting fan de Ofslútdyk op it fêstelân hinne is ek de muoite wurdich. Koarnwert, berteplak fan de dichter Obe Postma, is in beskerme doarpsgesicht en yn Wûns stiet in bysûnder seldsume ’sintraalboutsjerke’.
Surch is û.o. bekend fanwegen Hotel-café-restaurant De Steenen Man, dêr’t in protte dykwurkers fertier sochten en dêr’t it neffens de ferhalen rûch om en ta gean koe...
Colofon
FrieslandWonderland