|

It eilân fan Easterein


It eilân fan Easterein
©: FrieslandWonderland

Yn Westergoa, it gebiet westlik fan de eardere Middelsee, lizze de âldste diken fan Nederlân. De earste dykjes binne oanlein om inkelde pleatsen hinne en de dêrby hearrende ikkers. Fanôf ûngefear 900 binne ringdiken opsmiten om de hieltyd groeiende gebieten hinne: de saneamde ’memmepolders’. Dêrwei waard de rest fan it lân bedike.

It ’Eilân fan Easterein’ is ien fan de fjouwer memmepolders fan Westergoa. Dy polder is noch dúdlik werkenber yn it lânskip. In dyk folget it hiele trassee fan de ringdyk, dy`t sels ek noch foar in grut part oanwêzich is. It súdlike diel fan de dyk is ûnderdiel fan de ferneamde Slachtedyk.

Utsein in prachtich moai foarbyld fan it karakteristike Fryske terpenlânskip komme jo hjir ek it doarp tsjin dat in protte minsken it moaiste fan Fryslân fine: Easterein.

Colofon

FrieslandWonderland

© Foto voorblad: FrieslandWonderland
Lês mear