It Waad: wrâlderfgoed
It Waad is unyk yn de wrâld. Net foar neat is it grutste diel troch UNESCO betitele as Wrâlderfgoed. It lânskip is nei de lêste iistiid, likernôch 7000 jier ferlyn, ûntstien. Geologysk besjoen is dat tige jong. En noch hieltyd feroaret it lânskip, suver wylst men der nei sjocht.
Ek wat de libbene natoer oanbelanget is it Waad unyk. Nearne yn ’e wrâld is der sprake fan ferlykbere rykdom en fariaasje. Der libje mar leafst 10.000 ferskillende planten en bisten. Dat binne fêste bewenners mar ek in hiele protte oare besikers: 10 oant 12 miljoen trekfûgels meitsje gebrûk fan dit gebiet.
De eilannen biede in noflike miks fan natoer, rêst, kultuerhistoarje, gesellige doarpkes, prachtige stikken strân, bosken, dunen, eveneminten, fertier en ferskeidene sportive aktiviteiten. En nettsjinsteande de oerienkomsten, hat elk eilân dúdlik in eigen sfear.
Eins lit it Waad him net yn wurden fange. Men moat it op it plak sels ûndergean, belibje, opsnuve en priuwe.
Colofon
FrieslandWonderland