It Amelân
It Amelân
It Amelân hat in soad te bieden. In moaie natuerlike omjouwing dêr`t men alle kanten út fytse en kuierje kin. Meitsje ris in tocht nei It Oerd of noch fierder, De Hon, en ûndergean de romte, de leechte en de stilte. Besytsje de doarpkes en priuw de rike histoarje en eigensinnige Amelanner kultuer. Beklim de fjoertoer fan Hollum en genietsje fan it geweldige útsicht. Of sykje it nóch heger op en meitsje fan it fleanfjild fan Ballum ôf in rûnflecht boppe it eilân. In parasjutesprong heart ek ta de mooglikheden. En mei beide fuotten wer op de grûn kin men dêrnei op de golfbaan in baltsje slaan. Of men kin kitesurfe, of hynsteride, of gewoan lekker op it strân lizze. Op It Amelân hoecht men jin net te ferfelen!
De Amelanners sels ferfele har ek net: der is gjin eilân dêr`t safolle eveneminten organisearre wurde. Op kultureel mêd bygelyks: it 'Midzomerfeest', it 'Rôggefeest', Zydeco at Sea, de de Horizontoer en de Kunstmaand. Dêrneist mei It Amelân him mei rjocht it sportyfste waadeilân neame. Alle jierren is der in nasjonaal 'beachvolleybal'-toernoai, in ynternasjonaal strânrugby-toernoai, de 'Advent-Ure Run' en de 'Tri Ambla', Nederlân syn moaiste cross-triatlon (yn 2008 it offisjele ETU Europeesk Kampioenskip!).
It Amelân yn in nutedop: der bart fan alles, der kín fan alles, mar der móat neat! Alhoewol... Wat jo eins net misse méie, is de tewetterlitting fan de hynsterêdingsboat. Trochinoar íén kear yn 'e moanne wurdt sjen litten hoe`t earder by ‘skip yn need' de rêdingsboat troch tsien hynders oer it strân en troch de brâning ‘lansearre’ waard. In spektakulêr gesicht!
Ea, oan de ein fan de njoggentjinde ieu, wie it eilân mei in daam ferbûn mei it fêstelân. Mar de see besleat doedestiids dat It Amelân in eilân bliuwe moast: de daam ferdwûn foar it grutste part yn de weagen. It earste part wie de basis foar de tsjintwurdige feardaam by Holwert. By eb binne de restanten fan it fierdere part noch te sjen.
Yn de tweintichste ieu binne plannen makke om It Amelân troch twa diken te ferbinen mei it fêstelân en it gebiet tusken dy diken yn te polderjen. Dy kear wie it de minske sels dy`t besleat dat it eilân in eilân bliuwe moast. Gelokkich mar...
Colofon
FrieslandWonderland