Wout Zijlstra
Wout Zijlstra wurdt berne op 4 Augustus 1964 yn Wolsum. Hy is it jongste bern fan Watte Zijlstra, soan fan slachter Hantsje Zijlstra en Minke Zijlstra út Wolsum en Idske Posthuma, de dochter fan slachter Douwe Posthuma en Aagje de Boer út Folsgeare ( Tsjaerddyk 42). Boppe Wout binne twa broers en twa susters.
Heit Watte Zijlstra wurket de earste jierren fan syn houlik as feekeapman yn Wolsum. Yn 1968 keapet hy in slachterij yn Drylts en om 1975 hinne in pleats oan’e Tsjaerddyk (nû 27), dêr’t letter it súkses foar Wout begjinne sil.
Foardat hy mei syn húshâlding nei Folsgeare komt, wurde earst de kop en de hals fan’e buorkerij yngeand ferboud troch de lokale timmerman Wiersma. De húshâlding ferhuzet yn 1976 . Zijlstra wurdt wer feekeapman en hat de romte om fee oan te keapjen en te weidzjen.
Wout is wilens tolve jier âld en set útein mei it trainen mei selsmakke gewichten. It risseltaat mei der wêze. Nei in pear jier fan goaien en smiten begjint de súdmuorre fan’e buorkerij te skuorren en te fersakjen. Dit wjerhâldt him der net fan om al op jonge leeftyd mei súkses mei te dwaan oan wedstriden foar “Sterkste Man”.