Tsjaerddyk 26
Smid Hein Heinsius en syn frou Durkje Boersma ha it plan opfette om foar harren dochter Sytske en harren skoansoan Feike Damstra (zoon van Klaas Damstra en Klaaske de Boer) in komelkerij bouwe te litten. Hein Heinsius wol dêrfoar it stikje tsjerkelân keapje oan ‘e Tsjaerddyk, oan’e ein fan it doarp. Nei oerlis mei de tsjerkfâden kin hy it lân keapje mei in erfpacht foar ûnbeskate tiid fan jierliks 7 gûne.
Yn 1905 hat de gemeente nije regels foar it bouwen en ferbouwen ynfierd. Hein Heinsius is de earste út Folsgeare dy’t yn maart 1905 in bou oanfraach yntsjinje moat foar it bouwen fan in hûs.
Al daliks by de bou fan it hûs tsjinnet hy yn augustus 1905 ek in bou oanfraach yn foar in feestalling en in heaberch.
Feike en Sytske hierden in part fan’e buorkerij dêr’t no Siep van der Velde wennet
( Tsjaerddyk 44).
Se ferhúzje yn 1906 mei harren trije bern nei it nije pân. Hjir wurde noch ris trije bern berne.