|

Earste skoalle fan Folsgeare


Earste skoalle fan Folsgeare
©: Uitgeverij van der Meulen bv Sneek

Al iuwen is de skoalle it middelpunt yn it doarp. Yn it tsjerke argyf kinne wy lêze dat yn 1685 in part fan’e pastorije ferboud is ta klasselokaal en dat Douwe Douwes in heale baan as ûnderwizer hie.

Yn 1806 wurdt de skoalwet ynfierd. Yn dizze wet is regele dat allinne it iepenbier ûnderwiis subsidiearre wurdt. Yn Folsgeare bestiet de winsk om in skoalle te stichtsjen, maar earst yn1834 komme de tsjerkfâden by elkoar om te praten oer de fraach wêr’t dizze iepenbiere skoalle stean komme moat. Nei in lange gearkomste beslute se dat it bêste plak foar in skoalle oan’e noardeastkant fan’e tsjerke is. De yngong fan’e skoalle soe dan oan de Skeender komme te lizzen. Der komt tsjinstân, foaral om’t de skoalle dan bûten it doarp komt te stean en dat de boer fan’e pastorije buorkerij in stik greide kwyt rekket.

In pear jier letter komme de tsjerkfâden wer byelkoar, no mei it plan om de grêft oan’e súdkant fan’e tsjerke  te dimpen en dêr de skoalle te bouwen. De skoalle stiet tichter by it doarp en it kostet de boer gjin greide. Dit plan wurdt oannommen. De terpgrûn fan it  “Tsjerke pôltsje” is fan te grutte wearde om der in grêft mei te dimpen, der wurdt grûn fan earne oars oanfierd.

Foar de finansiering geane se mei in yntekenlist by de doarren del en dêrnêst lient de tsjerke fl 1000,- fan Jelle Douwes Bouma dy’t boer op Bons is.

© Tekst: Wytske Heida © Foto voorblad: Uitgeverij van der Meulen bv Sneek
Lês mear

Relatearre ynformaasje


Foto’sDokuminten

  • Gjin titel

    Disclaimer





Reageare

Via onderstaand formulier kunt u een reactie achterlaten voor de auteur of de eigenaar van het item. (Dorpsbelang Folsgeare)