|

Breeuwsma zathe


Breeuwsma zathe
©: Atse Bruin

 

It is simmer 1696 en op de earste buorkerij oan de Kerckweg  (Folsgeasterleane), yn in strieljend sintsje, wapperje twa grutte flaggen as teken dat it feest is. Fettie Hayes Sinnema trout hjoed mei Jentie Oeges Breeuwsma fan Sibrandebuorren. Heit Haye Lous Sinnema hat in bêste ko ferkocht om der in grut feest fan meitsje te kinnen.

Nei de troutsjinst is it feest en Haye Lous sit tefreden om him hinne te sjen.Hy wit dat fan moarn ôf der in nije baas op de buorkerij is en dat it in Breeuwsma buorkerij wurde sil. Hy hat net in soan en de âldste dochters binne al troud, dat dit is de koartste klap.

It libben op it plattelân is in saak fan hurd wurkjen en sa geane de seizoenen en de jierren ûngemurken hurd foarby. Merken, doarpsfeesten, boelguodden en houliken binne de hichtepunten yn in jier. It houlik fan Oege Jentjes Breeuwsma mei Claeske Hogenbrug op 29 septimber 1748 is sa’n hichtepunt. In nije boer op de buorkerij en de berte fan Jentje, Oege en Fedde binne blide foarfallen.

 

 

 

 

 

 

Locatie

Folsgare

© Tekst: Wytske Heida © Foto voorblad: Atse Bruin
Lês mear

Relatearre ynformaasje


Foto’sDokuminten



Reageare

Via onderstaand formulier kunt u een reactie achterlaten voor de auteur of de eigenaar van het item. (Dorpsbelang Folsgeare)


Dit venster wordt mede mogelijk gemaakt door: