Boustyl: Sealtsjerke
Datearring: 1783
Restauraasje: 1980
Lizzing:
Sweins leit eastlik fan de stêd Frjentsjer.
Eksterieur:
De tsjerke waard boud yn it plak fan in gebou út de 13de ieu en hat oan de east- en westein trijesidich tichte muorren. Yn de midden fan it tsjerkje is in dakruter mei dêryn in klok út 1471, getten troch Steven Butendiic.
By de restauraasje yn 1980 is nammers in alderaardichste fynst dien. Der binne fragminten ûntdutsen dy’t noch fan de midsieuske tsjerke binne: byldhoude fragminten fan it fyftjinde-ieuske doopfet.
Ynterieur:
De tsjerke hat in ikehoutene preekstoel út de 18de ieu en twa oerkape famyljebanken mei wapens fan Van Beyma en Lycklama à Nijeholt. Yn de noardmuorre sit in sânstiennen epitaaf út 1652. By de restauraasje is de noch geve grêfkelder út de 16de ieu fan de famylje Thoe Kingma iepene.
Oargel:
It oargel is fan 1785 en is makke troch de oargelbouwer Johann Friedrich Wenthin út Emden. It is it iennige oargel yn syn soarte yn Fryslân. It is yn 2004 restaurearre troch de fa. Bakker & Timmenga. Men kin it oargel beharkje fia de website van Organum
Frisicum.
Gebrûk hjoed-de-dei:
De tsjerke fan Sweins wurdt net hiel yntinsyf brûkt. De 'Plaatselijke Commissie' organisearret út en troch (oargel)konserten en eksposysjes. It gebou is beskikber foar rou- en troutsjinsten.