Boustyl: Sealtsjerke
Datearring: 1708, toer 14de ieu
Restauraasje: 2005
Lizzing:
Westhim leit súdeastlik fan Blauhús oan de Himdyk. De tsjerke stiet in bytsje ferlern yn it lânskip.
Eksterieur:
De sealtektoer is fan de 14de ieu, mar de tsjerke is fan de 18de ieu. De toer bestiet út grutte 'âlde friezen'. Op de naald stiet in wynwizer út omtrint 1700. Yn de toer hingje twa klokken: de âldste dêrfan is fan 1353. Yn it râneskrift fan dy klok stiet: Bartolomeus dibaphus St. rex ex immaculata mater Jesu. Ave Maria (Bartolomeus, de hillige kening, mei poarper beklaaid en de ûnbesmette mem fan Jezus. Wês groete Maria). De klok fernijt teffens de namme fan pastoar Luidulfrus. De jongste klok is fan 1639.
De tsjerke fan no is boud yn 1708 yn it plak fan in midsieuske tsjerke.
Ynterieur:
De tsjerke hat in ikehoutene preekstoel mei sniene pilasters op de hoeken fan de kûp en in doopstek út de 18de ieu. De banken binne ienfâldich mar foarmje in moai gehiel.
Gebrûk hjoed-de-dei:
De 'Plaatselijke Commissie' dy’t it tsjerkje beheart, docht al in soad jierren trou mei oan it iepen wêzen op sneontemiddeis yn it ramt fan 'Tsjerkepaad'. Der binne geregeld konserten en útstallings. Fierder is it tsjerkje dat romantysk yn it lânskip leit beskikber foar rou- en troutsjinsten.