Boustyl: Klassisistysk
Datearring: omtrint 1843
Restauraasje: 1985
Lizzing:
It lytse doarp leit noardlik fan it plak It Hearrenfean by het 'knooppunt Heerenveen'.
Eksterieur:
De tsjerke waard yn 1843 boud yn ’t plak fan in âldere tsjerke. It is in 'wettersteatstsjerke' neffens in ûntwerp fan arsitekt Thomas Romein út Ljouwert.
De tsjerke hat in sânstienkleurich pleistere front en in tuorke.
Ynterieur:
De sealtsjerke hat in ikehoutene preekstoel út de 17de ieu. Yn de flier fan de tsjerke leit in ryk byldhoude sark út 1653 fan de famylje Crack, mei wapens fan Crack en Lyklama à Nijeholt.
Oargel:
yn 2003 wie de restauraasje fan it Van Dam-oargel klear.
Gebrûk hjoed-de-dei:
De Rotondetsjerke, sa’t de tsjerke fan Terband faak neamd wurdt, is in begryp. De tsjerke leit tichtby de rotonde nei It Hearrenfean en wurdt sûnt 1968 simmerdeis brûkt foar 'Onderwegdiensten'. Fan de autodyk ôf falt de tsjerke daliks op, tanksij syn ljochte giele kleuren en fleurige tuorke.
Der wurde geregeld oargelkonserten organisearre. Somtiden wurdt de tsjerke brûkt as aula.