Boustyl: Romano-gotyk
Datearring: omtrint 1300
Restauraasje: 1977
Lizzing:
Om de tsjerke dy’t iensum op de terp stiet lizze mar in pear huzen en pleatsen, midden yn it lânskip fan de klaai en de greide by Dokkum. Om de tsjerke is in tsjerkhôf mei dêromhinne in grêft.
Eksterieur:
It lytse tsjerkje leit op in terp ûnder hege beammen. It is stifte as úthôf fan it kleaster Klaarkamp dat der sûnt lang net mear is. Yn de noardmuorre sit in Romano-goatysk finster dat no ticht is en in rûn finster dat yn in nis oant de grûn ta trochrint.
Ynterieur:
Twa fitrines yn de tsjerke mei ûnder oaren 'âlde friezen' en inkelde midsieuske dakpannen hâlde it oantinken oan Klaarkamp yn eare. Dielen fan in minsklik skelet, dat opgroeven is op it eardere kleasterterrein, binne te besjen yn de fitrine. In fragmint fan in grutte swarte kûgelpot tsjûget fan de tiid dat yn sokke potten net doopte, ferstoarne tatebern yn de net wijde grûn begroeven waarden lyk neist it tsjerkhôf.
Gebrûk hjoed-de-dei:
De tsjerke is no bekend om it grutte tal, goed besochte konserten fan Fryske trûbadoers, folkgroepen, klassike ensembles en senioare-orkesten.
Ien kear yn it jier wurdt der in tsjerketsjinst yn it Grinslânsk holden, foar Grinslanners yn de provinsje Fryslân.