Boustyl: Romaansk
Datearring: 13de ieu
Restauraasje: 1988
Lizzing:
De terp mei dêrop it âlde doarp is foar in part ôfgroeven en dat kin men oan de noardkant hiel goed sjen. Op it oerbleaune part fan de terp stiet de tsjerke.
Eksterieur:
Karakteristyk binne de grouwe muorren en de lytse (rûn)bôgefinsters. De boustyl is fan de 10de oant de 13de ieu. De tsjerke stiet op in hege terp en is boud mei in grut formaat bakstien. It gebou hat gjin westyngong.
De tsjerke fan Raard wie oarspronklik yn besit fan it kleaster Klaarkamp.
De toer is fan 1787. De klokken yn de toer binne fan 1523 en 1620.
Ynterieur:
De tsjerke hat in ikenhoutene preekstoel út 1650. De kûp hat Ioanyske balusters mei groeven deryn mei dêrtusken sniene panielen. De tsjerkeromte en ynrjochting binne ienfâldich.
Byldzjend keunstenares Irene Verbeek hat it fij krigen om it ynterieur fan de tsjerke yn Raard in eigen gesicht te jaan. De muorren binne op ’en nij wytkalke en de balken en planken flierren binne yn reade en giele okers, ierdske kleuren, farve.
It tonferwulft is yn blauwe kleuren skildere mei in gouden streep yn de midden dy’t in kier nei de himel symboalisearret. In reliëf dat tsjin de muorre pleatst is mei de namme ‘Zo zonder meer’ hat in ôfbylding fan in frouljuslichem, mei los wapperjend hier. Yn it koar leit op de flier in betonreliëf met de ôfprint fan in lichem yn foetushâlding.
Gebrûk hjoed-de-dei:
Yn de tsjerke sit sûnt 2002 it OerKa Irene Verbeek Museum. Alle jierren is der in wikseljende eksposysje mei wurk fan byldzjend keunstenares Irene Verbeek. Yn it ynterieur falle daliks de monumintale skilderijen fan hynders, wolven en oare ‘oer’-bisten op.