Boustyl: Romaansk
Datearring: 12de ieu
Restauraasje: 1950
Lizzing: De tsjerke fan Jorwert leit midden yn it doarp op in terp mei in grut tsjerkhôf deromhinne.
Eksterieur: De toer fan dizze tsjerke fan dowestien is ien fan de moaisten yn har soarte. De muorren binne opsnolke mei in yndieling fan bannen fan dowestien en keperfriezen. De galmgatten binne ryk detaillearre mei lytse dielpylders fan Bremer sânstien. In sealtek bekroant it gehiel. Oan de westkant fan de toer sit in spitsbôge-yngong.
De twa klokken binne fan 1394 en 1749. Se wurde alle dagen om 12.00 oere mei de hân let troch de leden fan it ‘klokkeliedersgilde’, mar op tongersdei dogge learlingen fan de skoalle dat wurk. By stjergefallen en berten yn it doarp wurdt de klok ek let. Foar in krekt berne ‘famke’ wurdt de lytse, foar in jonge de grutte klok let.
De toer is te beklimmen: foar de hiele drysten dy’t it oerewurk en de klokken fan wat tichterby sjen wolle. Oan de bûtenkant falle de galmgatten op mei har lytse pylders fan Bremer sânstien en it siermitselwurk derboppe.
Neffens de leginde behinderje de skouderstikken heech yn de toer dat de duvel mei it klokketou om de toer hinne swaait.
Bûten, oan de súdmuorre fan de tsjerke, is in twasidige sinnewizer út 1621 befêstige.
Ynterieur: It ynterieur makket een romme yndruk. Der stiet in fraaie 17de ieuske grutte trijedûbele oerkape hearebank en in like âlde preekstoel.
Yn de foartsjerke leit de sark fan Wattie van Hania. Hy waard yn 1569 yn syn sliepkeamer op Grut Hesens (in aadlike state) fermoarde. We sjogge op de sark hoe’t in grut swurd yn it lichem fan Wattie stutsen wurdt.
Der lizze fierder ek in soad fraai byldhoude grêfsarken fan foarname famyljes yn de tsjerke. Oan de mistsjelke op de sark fan pastoar Hottie Fons (ferstoarn yn 1556) is te sjen dat er it amt fan prysteramt hie. Yn it koar (oan de súdkant) is in hiel âld sarkofaachdeksel ynmetsele.
Oargel: It oargel út 1799 fan A. Gruizen, hat in boartlik front en in grut tal muzykynstruminten as fersiering. Men kin it oargel beharkje mei de website van Organum Frisicum.
Gebrûk hjoed-de-dei: De tsjerke fan Jorwert wurdt ien sneintemoarn yn de moanne brûkt troch de Ald-Katolike Tsjerke. De oare tiid is de tsjerke sa folle mooglik iepen foar toeristen, pylgers dy’t it Jabikspaad dogge en oare belangstellenden. Yn de toerseal is in samling twaddehâns boeken, dy’t foar in symboalysk bedrach ferkocht wurde.
De tsjerkeromte lient him foar konserten oant op in heechst 125 besikers. Ut soarte fine der ek rou- en troutsjinsten plak.