Boustyl: Sealtsjerke
Datearring: 1792
Restauraasje: 1981/2009
Lizzing:
De tsjerke fan Koartsweagen falt no ûnder De Gordyk. De tsjerke leit besuden De Gordyk en it hjoeddeiske Koartsweagen, oan De Leyen yn it iepen fjild, mei in rom, skadich en monumintaal hôf deromhinne.
Eksterieur:
It ienfâldige tsjerkje is opboud mei bakstien. Der binne ek âlde friezen (kleastermoppen) te sjen: dy komme fan de yn 1896 ôfbrutsen tsjerke.
Oant de ein fan de njoggentjinde ieu stie der in klokkestoel by de tsjerke. Yn 1896 binne de twa klokken dêrfan ferkocht. Ien fan dy beide klokken, in ryk fersierde tolfde- of trettjinde-ieuske klok, is bekend as de âldste klok fan Nederlân. Hy is no yn it klokkemuseum yn Asten, yn Noard-Brabân. Der stiet ûnder oaren in grut Mariamonogram op de klok en yn spegelbyld de tekst Ave Maria. Dy Mariaklok komt nei alle gedachten út de Mariakapel dy’t yn de midsieuwen yn Koarsweagen stien hat. De hjoeddeiske klok yn de dakruter is fan 1947.
Ynterieur:
De tsjerkeromte hat in ienfâldige ynrjochting mei û.o. in 17de ieuske kânsel. Under de kânsel leit in sarkofaachdeksel fan sânstien, dat ek brûkt is as dekstien foar in alter, dêr’t de oanbrochte fiif krusen fan tsjûgje. Der binne twa hearebanken yn de tsjerke foar de tsjerkfâden fan eartiids en in preekstoel.
Gebrûk hjoed-de-dei:
It tsjerkje fan Koartsweagen wurdt in pear kear yn ’t jier brûkt foor trou- en routsjinsten. De Pleatslike Kommisje fan de Stichting Alde Fryske Tsjerken siket mooglike hierders, lykas koaren, korpsen of bedriuwen en ynstellings dy’t der gearkomsten yn hâlde wolle.