Boustyl: Sealtsjerkje
Datearring: 1770
Restauraasje: klokkestoel yn 1980, tsjerke yn 2001
Lizzing: De namme Goaiïngaryp is ôflaat fan Goai (in persoansnamme), gea (doarp) en ryp (stripe lân). Goaiïngaryp leit oan de ein fan ûntginningsstripen, dy’t begjinne yn it doarp Goaiïngea oan de oare kant Snitser Mar. De tsjerke stiet yn de midden fan it doarp.
Eksterieur: Boppe de súdlike yngong sit in stien mei it wapen fan Vegelin van Claerbergen mei it jiertal 1770. De klokkestoel wurdt al yn 1543 neamd.
Der binne mear klokkestuollen te finen yn it Fryske wetterlân en de Fryske Wâlden. Se binne meast boud út earmoed: der wie gjin jild om in toer te bouwen, mar de klok moast wol let wurde om ta gebed op te roppen en tynge fan berten en stjergefallen te dwaan.
De Goaiïngarypster klok út 1527 fan Geert van Wou út Kampen is de swierste klok dy’t yn Fryslân yn in klokkestoel hinget: hy waacht mar leafst 1135 kilo en syn namme is neffens it opskrift op de klok Salvator. Van Wou geat ûnder oare de sân liedklokken foar de Dom fan Utert.
Ynterieur: De brânskildere ruten yn de tsjerke binne fan Ype Staak út Snits. Hy makke yn 1770 de seis ruten: ûnder oare ien mei de wapens fan de lêste steedhâlder, prins Willem V, de wapens fan de grytman fan Doanjewerstal Johan Vegelin van Claerbergen en de Fryske bestjoerskolleezjes.
Gebrûk hjoed-de-dei: It tsjerkje wurdt in soad besocht troch (wettersport)toeristen. De Pleatslike Kommisje ferhiert it gebou noch hiel geregeld oan de protestantske streekgemeente yn de omkriten, en foar rou- en troutsjinsten.