Nijsgjirrichheden yn Folsgeare


 

Eartiids stiene der yn it gebiet oan’e eastkant fan Folsgeare oant Snits in soad pleatsen dy’t troch rinderspaden mei elkoar ferbûn wiene. Om’t dizze rinderspaden in grut part fan it jier ûnbegeanber wiene, gie it ferfier oer it wetter. De measte pleatsen binne ferdwûn en it gebiet is foar it grutste part bedriuwenterrein wurden. Der binne nije wegen oanlein en yn plak fan hynders en karren sûze der no daagliks tûzenen auto’s oer de neistlizzende autodyk.

Mar noch net alles is ferdwûn. Iensum stiet der noch ien pleats as in oantinken oan eardere tiden. Dizze pleats hat de  namme “Carpe Diem”. Der wurdt net mear buorke, mar de pleats hat oant de dei fan hjoed de útstrieling fan in grutsk ferline.  

De pleats hat in lange skiednis. Ut’e argiven witte wy dat der op dit stee al hiel lang buorke wurdt. Yn 1511wenne hjir in Broer Hottyaz. Yn 1778 is de pleats eigendom fan Johannes Hendriks en wurdt hierd troch Heere Cornelis. Yn 1786 lit Johannes Hendriks der in nije pleats del sette en hy set yn 1787 de neikommende advertinsje yn de LC.

De Secretaris ADEMA, zal op Dinsdag den 11 December ’s Namiddags om één uur in de Witte Arend te Sneek by strijkgeld verkopen.

Een Stemdragende ZATHE en LANDEN, met een Nieuwgebouwde Huizinge en Schuure gelegen te Folsgare, groot over het geheel 61 en drie vierde Pondematen, alle beste griedlanden belast met 25 floreen, te huur doende boven alle lasten 330 Gl. by Heere Cornelis bewoond, Petry en May 1797 vry van Huur.

 

 

 

 

 

 

 

Op’e sydkant fan‘e gevel, boppe it winkelrút, hingje twa boerden dêr’t  reklame op makke wurdt foar “Van Nelle Koffie en Thee”  Dêr ûnder steane Anne Sjirks en syn soantsje Sjirk Annes.

Yn 1841 bout timmerman Johannes Paulus Spiering yn Folsgeare tsjin it tsjerkhûs oer in winkel mei dêr efter in wenning.. Hy hat it perseel kocht fan Roel Uiltjes dy’t dernêst wennet en hopet letter in keaper foar it pân te finen. As it pân klear is, hiere Kornelis Sjerps Piersma en syn frou Hjebbeltje Sjoerds Sjaarda de winkel. Kornelis wurket as arbeider en syn frou Hjebbeltje docht de winkel en de húshâlding.

Kornelis en Hjebbeltje hawwe de saken goed foar inoar en keapje yn 1843 de saak fan Johannes Spiering. De winkel rint goed, sadat Kornelis ophâldt mei syn wurk by de boer en himsels  hielendal op’e winkel rjochtet. Yn 1853 ferstjert Hjebbeltje (dy’t yn it doarp Habeltje neamd wurdt). Kornelis is syn stipe en taflecht kwyt en kin de húshâlding en de winkel net allinnne behappe.Yn 1856 set hy de winkel te keap en ferhuzet yn 1858 nei Easthim. Hy ferhuzet yn 1872 wer nei Folsgeare en stjert dêr op 80-jierrige leeftyd (1880)

Sjirk Annes Cnossen en Eelkjen Johannes Grijpsma komme nei harren houlik yn 1856 nei Folsgeare dêr‘t se de winkel fan Kornelis Piersma oernimme.

Trijntje, de âldste dochter fan Sjirk Annes (berne yn 1859) giet yn 1874 nei Abbegea, dêr’t se tsjinstfaam wurdt. Yn 1880 komt se swier wer thús en jout it libben oan soan Sjirk. Wa’t de heit is, bliuwt ûnbekend en har mem Eelkjen rekket hjirtroch sa fan’t sintrum dat se yn Frjentsjer opnommen wurde moat. Bernsbern Sjirk stjert  6 novimber 1880, trije moanne âld en 26 november ferstjert Eelkjen yn Frjentsjer.

De húshâlding Cnossen hat in drege tiid efter de rêch, mar mei stipe fan’e lytse mienskip fan Folsgeare komt it libben wer op ‘e gleed.  Grietje, de jongste dochter (berne 1865), soarget foar har heit en har jongste broerke Anne Sjirks ( berne 1869). 

Dizze Anne Sjirks trout yn 1895 mei Antje of Anna Annes de Jong út Ysbrechtum. Hy is dan keapman en winkelfeint by syn heit.

 

Strûpenkeal is in terp fuort by Folsgeare. Fan it fiadukt oer de A7 ôf, by de ôfslach Snits kommend fan’e kant fan Boalsert, is in bochtsjend restant fan’e âlde molesleat te sjen en rjochts stiet in terp yn it lânskip, mei beammen der om hinne. It is in foar dizze omkriten in tige hege terp, goed 3 meter. Foar in soad minsken in ûnbekend, mar tagelyk unyk monumint.

Foardat de terp oanlein waard, hat der al bewenning west op dit plak. Tusken fynsten yn’e terpsoal fan’e terp kamen skerven út’e lette izertiid / begjin Romeinske tiid foar it ljocht, tagelyk mei inkele tsientallen brokstikken rau-izer dat wolf neamd wurdt. Dizze wolf is produsearre yn leechûnen, dy’t folle waarden mei izeroer dat ryklik foarhannen wie yn en lâns de Ald Rien of Groote Rijn.

Foar de minsken dy’t harren hjir goed twa iuwen foar it begjin fan’e jiertelling nei wenjen setten, sil de oanwêzichheid fan grutte hoemannichten izeroer in trochslachjaande faktor west hat. Fynsten fan Romeinske munten noardlik fan’e terp, jouwe oan dat de bewenners kontakt hân hawwe mei de bûtenwrâld.

 

Der binne om Strûpenkeal hinne mear as ien feanterpen fûn, wat oanjowt dat it in, foar dat tiidrek, tichtbefolke gebiet west hat.Troch in feroaring fan klimaat koart nei it begjin fan’e jiertelling, stiigt it seewetterpeil en wurde dy iere bewenners fan hûs en hiem ferdreaun. Op en om’e orizjinele terp wurde noch altyd ierdewurk skerven werom fûn út dat tiidrek.

 

Troch in feroaring fan klimaat koart nei it begjin fan’e jiertelling, stiigt it seewetterpeil en wurde dy iere bewenners fan hûs en hiem ferdreaun. Op en om’e orizjinele terp wurde noch altyd ierdewurk skerven werom fûn út dat tiidrek.

 

Der binne noch gjin diken, de minsken wenje mei it fee yn dizze tiid fan in soad oerstreamings heech en drûch op’e terp. It foardiel fan’e oerstreamings is, dat it seewetter sâlt efter lit yn it fean. Sâlt is yn dy tiid in tige weardefol artikel. It winnen fan sâlt út it fean wurdt ‘zelnering’ neamd. It fean mei sâlt wurdt útgroeven en ferbrând yn in spesjale ûne. De oerbleaune jiske wurdt mongen mei wetter en wer útsean oant it sâlt oerbliuwt. Dit einprodukt wurdt brûkt foar eigen gebrûk of as betelmiddel.

 

 

 

Op 25 desimber 1778 wurdt yn Hidaard Ruurd Freerks berne, it njoggende bern fan Freerk Murks Abma en Gerritje Roelofs. Ruurd Freerks  leart ûnder it tasjend each fan syn âldere broers en susters it boerebedriuw thús op de buorkerij. Hy ûntwille;et him ta in goede boer en hat each foar de mienskip. Om’t hy it njoggende bern is, it de kâns tige lyts dat hy boer wurde sil op’e âlderlike buorkerij.

Lykwols, Ruurd Freerks leart  Hiltje Klazes Wiersma. ( berne 26 febrewaris 1781) út Folsgeare  kennen. Har âlden  Claes Harmens en Baukje Teades wenje op in buorkerij oan’e Folsgeasterleane nû 2, te sjen op’e kaart fan Eekhoff (1850) It is in beskieden buorkerij mei 35 pûnsmiet lân der om hinne. Oer de opfeart fanôf de Ald Rien is de buorkerij goed berikber oer it wetter.

Claes Harmens en Baukje Teades binne der tige mei ynnommen dat harren iennige dochter thús komt mei boeresoan Ruurd Freeks. It stel trout op 25 oktober 1801.

Nei de berte fan trije bern, sjocht Ruurd Freerks ris om him hinne. As de bern grut binne, is de buorkerij te lyts om se in takomst jaan te kinnen.

Syn buorman Douwe Harmens buorket op in buorkerij (Strûpenkeal) besuden Ruurd Freerks.  Dizze is ek 35 pûnsmiet grut en de buorkerij leit prachtich op in grutte terp tsjin de  Ald Rien oan. De buorkerij komt yn’e ferkeap om’t ien fan’e eigners stoarn is.

Ruurd Freeks en Hiltje beslute om de buorkerij te keapjen.  Douwe Harmens wennet dêr foarearst oant de bern fan Ruurd Freerks en Hiltje grut binne.

De húshâlding wurdt útwreide mei noch twa bern.Yn’e jierren dêrnei wurde der noch trije bern berne.

Aldste dochter Gerritje Ruurds trout yn 1820.  Ruurd en Hiltje krije dêrnei noch twa bern.

 

 

 

 

Gerrit Rypma en Rinske Rypma-Goudberg trouwe yn  1966 en sette harren tawenjen yn Folsgeare op Tsjaerddyk 48. Op 13 maart 1967 wurdt Marten Cornelis  (Marco) berne.  De húshâlding bliuwt net yn Folsgeare,  mar ferhuzet yn 1971 nei Tirns nûmer 35.   

Yn 1977 komt de famylje Rypma werom nei Folsgeare en wennet dan oan‘e Folsgeasterleane nûmer 9. Marco syn heit hat dêr in hûs boud.

Nei de middelbere skoalle beslút Marco in oplieding yn boukundige rjochting (oant en mei útfierder) te folgjen. Oanslutend giet hy oan it wurk yn’e bou en hat tegearre mei syn heit in timmerbedriuw

Yn 1990 ferhuzet de húshâlding nei Tsjaerddyk 31b.

Al op de legere skoalle hat Marco in soad ynteresse foar muzyk en sjongen. Op de middelbere skoalle folget hy sjonglessen oan it sintrum foar de keunsten yn Snits. Marco kriget les fan Foppe Wiersma en letter fan Bea van der Wal. Stimulearre troch Bea nimt Marco it beslút om dochs troch te gean yn’e musyk.

Bea bringt him yn kontakt mei Mya Besselink, dosinte klassike sang oan it konservatoarium yn Maastricht. Hy wurdt dêr ta syn blidens oannommen en folget de oplieding solosang en opera (1995 – 1999). Syn haadfak wurdt solosang (stemfak tenoar). Dêrnjonken behellet hy ek it diploma ‘Dramatische Expressie’ (opera). Tagelyk studearret Marco bastuba en folget lessen by Piet Joris (1995/1997).

Yn 1999 studearret Marco ôf,  mar hy giet troch mei lessen te folgjen by Adi le Gue. Boppedat wurdt hy in skoft coacht troch Caroline Kaart.

Minsken dy’t op ‘e fyts of mei de auto fan Ysbrechtum nei Nijlân ta ride, komme lâns in opfallend monumint. In monumint wêrfan it net foar eltsenien daliks dúdlik wêze sil wat de betsjutting en oarsprong is. As je de muoite nimme om it better te besjen, sjogge je in izeren skulptuer fan in grutske hoanne op in hege stiennen sokkel. De plakette op it monumint makket dúdlik dat it om in monumint foar de omkommen minsken yn de Twadde Wrâldoarloch giet. Ek yn Wymbritseradiel hat de oarloch in soad slachtoffers makke. Dêrom moast der in tinkteken komme. Yn 1946 wurdt troch it gemeentebestjoer in kommisje oansteld dy’t de taak hat it oprjochtsjen fan in oarlochsmonumint te realisearjen, mei as doel de omkommen minsken fan de Twadde Wrâldoarloch út de gemeente Wymbritseradiel te betinken en de befrijing libben te hâlden. 

It architektenburo Goodijk en de Vries út Snits kriget de opdracht. Se komme mei in ûntwerp foar in betinkteken dat bestiet út in 10 meter hege pylder wêrop in kraaiende hoanne komme moat te stean mei in passende tekst yn de pylder. Foar de kraaiende hoanne wurdt byldhouwer Willem J. van der Valk út Eelderwolde oanlutsen en foar de tekst wurdt A.Tamminga frege. Om in gaadlik plak te sykjen wêr’t it monumint stean moat, meitsje boargemaster Tjaberings en byldhouwer van der Valk mei de auto in omreis troch de gemeente. It monumint kriget in plak op de krusing fan Rykswei 43 en de Brededyk. It stiet hjir tusken de doarpen Nijlân, Tsjalhuzum, Ysbrechtum en Folsgeare yn, oan de drokste dyk yn de gemeente en yn in wrydske omjowing.

Yn 1859 wurdt troch de tsjerkfâdij de bou fan it nije tsjerkehûs oan de Tsjaerddyk opdroegen oan timmerman Pieter Willems Twijnstra út it doarp. It hûs komt  tusken de winkels van Epeus Couperus en Sjirk Annes Cnossen te stean. Ein 1859, as it hûs oplevere is, stjoert Pieter Willems de rekken mei in bedrach fan fl 555, 56 nei de tsjerkfâdij. De rekken wurdt betelle mei de opbringst fan in partij terpierde.

It nije tsjerkehûs is in stik lytser as it tsjerkehûs oan’e noardkant fan’e Tsjaerddyk. Dit docht ek bliken út de hierpriis yn 1860. Dy fan it tsjerkehûs noard is fl. 45,-  en fan it hûs oan’e súdkant fl.25, - De earste hierder fan it nije tsjerkehûs is Grietje Sipkes Bleeker, widdo fan Meinte Klazes Zijlstra, dy’t der tegearre mei har dochter Sytske komt te wenjen. Sytske wennet dêr mei har mem oant har houlik yn 1869 mei Willem Wieringa, dy’t skipper is yn Loënga. Na harren trouwen geane se nei Snits ta te wenjen en Sytske rekket al gau swier. As se acht moanne hinne is, komt Willem nei in koart siikbêd te ferstjerren op 20 maart 1870. In moanne letter, op 28 april 1870, wurdt Pieter Willem berne. Sytske is widdow, mei in poppe, sûnder ynkommen, yn in foar har frjemd fermidden. Se seit de hier op en begjin july 1870 komt se werom yn Folsgeare en trekt  mei Pieter Willem yn  by har mem. Har mem is keapman fan berop en Sytske wurdt naaister om in ynkommen te hawwen. Pieter Willem leart fan syn mem it fak dat se sels ek hat en hy wurdt letter dan ek kleanmakker fan berop. Yn juny 1882 ferstjert Grietje Sipkes Bleeker. Se is dan77 jier.  Sytske wennet dêrnei tegearre  mei har soan Pieter Willem yn it tsjerkehûs. Sytske trouwt yn 1884 op ’en nij mei Douwe Feenstra en yn 1885 ferhuzet de húshâlding nei Nijlân.

 

Mei yngong fan 1 jannewaris 1886 wurdt de iepenbiere skoalle yn Folsgeare troch de gemeente opheft. Dit berjocht komt net as in tongerslach út ‘e kleare loft, want de âlden hawwe oanjûn dat se kristlik ûnderwiis foar harren bern wolle. Hjirfoar wie al in kommisje oprjochte ta begeunstiging fan kristlik ûnderwiis yn Folsgeare. Wannear’t de statuten op 7 maart 1886 by keninklik beslút goedkard wurde, is de feriening in útmakke saak. Yn septimber 1886 komt it bestjoer wer by elkoar  De foarsitter dûmny E. C. Gravenmeijer iepenet de gearkomste mei gebed. Op de wurklist stiet as wichtichste punt: de bou fan’e nije skoalle. Op de oanbesteging binne fjirtjin ynskriuwingen yn kaam. De leechste ynskriuwing is dy fan timmerman Asma út Heech en de bou sil him gund wurde, oant der immen opmerkt: “Is hy net Roomsk? ”. Dan falt der in stilte, dit hiene se net foarsjoen. Dit feit is sa earnstich, dat de bou gund wurdt oan’e twadde op’e list,  timmerman Walsmeer út Wûns.  

De nij te bouwen skoalle komt foar de âlde skoalle oer te stean. Lyk as by de earste skoalle mei it net ta skea fan in stik greide gean en dêrfoar sil it lêste trochrinnende stik Tsjaerdfeart dempt wurde.

De earste stien wurdt lein op 22 oktober 1886 troch H.E. Gravenmeijer,  de soan fan’e foarsitter. Op 20 april 1887 wurdt de skoalle iepene. It tydlik oanstelde haad fan’e kristlike skoalle,  J. Wielinga út Gauw, wurdt no ferfongen troch de earste ûnderwizer oan’e nije skoalle, Johannes Steenbergen út Wommels.