Boustyl: sealtsjerke mei toer
Datearring: 1782
Restauraasje: 1976
Lizzing:
Middenyn it wide Fryske lânskip, by de trekfeart lâns fan Dokkum nei Strobos, leit efkes besuden Kollum it doarpke Lytsewâld (Nedl.: Augsbuurt, earder ek wol Lutjewoude).
Eksterieur:
De tsjerke is yn ’t plak kommen fan in eardere kapel.
Ynterieur:
De 17de ieuske kânsel is bewarre bleaun. Op it foarpaniel steane de figueren fan Moazes en Aron en it alliânsjewapen Aylva-Aylva. De beide roubuorden binne foar de Van Scheltinga’s út 1708 en 1712.
De buorden mei nammelisten fan de predikanten yn dizze tsjerke litte in aardich stikje tsjerkehistoarje sjen. De earstneamde is ‘Petrus pastor weleer, roomsch priester om de waarheid verbannen, 1567.’ In nuveraardige fermelding, om’t Fryslân doe offisjeel noch roomsk-katolyk wie. Of wie de pastoar ien mei protestantske sympatyen? Minsklik leed is der ek. Sa waard dûmny Pibo Talma yn 1820 fanwegen dwylsinnigens ûntslein.
Gebrûk hjoed-de-dei:
De tsjerke is tsientallen jierren yn gebrûk west by muzykskoalle 'de Wâldsang'. Dêr is yn 2010 in ein oan kommen. De Pleatslike Kommisje hat it behear op him nommen en ferhiert de tsjerke foar trouwerijen, begraffenissen en oare (famylje-) byienkomsten. De Kommisje siket fersterking fan minsken dy’t helpe wolle om de kulturele programmearring nij libben yn te blazen.