Nijsgjirrichheden yn Aldeboarn


Winliken is it neat, in bocht yn in wetter, in knik yn in âlde earm fan in wetter, part fan in oerâlde leechlânbeek stadich streamend troch in stik kultuerlânskip tusken Aldeboarn en Alde Feanen.

En dochs.. dy loften en fierten. It deade reid mei in jerke beloftefol yn de moarntiid. De lûden oan de oare kant yn de elzesingel. In tomke, skril en sketterjend oan de ein, de earste reidmosk, in tsjiftsjaf en somtiden in fitis. It koeren fan de houtdo ûnsichtber oer it wetter. De rigele peallen foar dy ynham mei twa strânljippen en in iensume tsjirk.

Wy ha it feroarjen sjoen. Trije twychjes fan in wylgebeam wurden grauwe beammen mei swiere krunen. In bunders grutte grûnberging dy’t der ynienen wie en dit jier samar ek wer fuort. Neat fan werom te finen, in flakke griene hoeke gerslân mei op ’e nij ljippen en skriezen. En yn it wat wiete midden waarlamkes, mar gjin swietlûdich bletterjen yn de hoare skimerjûn.

Wat is der moai oan dit plakje, wat is der moai oan kjeld yn it fjild, oan fûle hagelbuien en reinwetter en hurde wyn, dy’t de triennen jin út de eagen waaie. Mar it kin ek oars. It yndrukwekkende lemieren fan de dei moarns betiid, in opkommende fjoerbal achter Drachten. Sinnestrielen oer de lea sa dat de jas út kin.

Wat makket it stee sa oantreklik. De sfear fan de iere moarn of de spanning fan it kânske fan dat ljipke wêrfan we witte dat it net lang mear duorret? Of is it dochs it lânskip dat ûndanks it nije bewurkjen dy oerâlde bewenners bewarre hat? Ik wit it net, mar jier op jier genietsje ik fan dat moaiste plakje fan Fryslân. In pear dagen, yn de aaisikerstiid.