Doarpen

Doarpen

Kies de begjinletter


Sânfurd is in lyts terpdoarp dat yn de Midsieuwen ûntstien is yn it midden fan it marregebiet yn it súdwesten fan de gritenij. Op de betiidste kaart fan de gritenij yn de atlas fan Schotanus út 1716 stiet de tsjerke fan ‘Zandvoord’ mei ien hûs oan Het Hop, in rune útrinner fan de Ringwiel. Westlik fan dizze kom stiet ien, en fierder op it skiereilân nei de Flakke Brekken lizze noch in fjouwertal pleatsen. Noardlik fan de Aldegeaster Brekken leit tusken in pear poelen de Sânfurder Ryp dy’t by it doarp hearre.

Yn de Tegenwoordige Staat van Friesland waard yn 1788 meld: ‘Zandfirde, of Zandvoord, ook een klein waterachtig dorp … in ’t Noorden aan de Ringwiel. In ’t Oosten heeft men een Watertje, dat den naam draagt van Gouden poel, en in ’t Westen een groot doch ondiep water, de Vlakke Brekken genaamd. In ’t Noorden van hier, over de Oudegaster Brekken, aan de poelen, op de scheidinge van Wonzeradeel, ligt het buurtje, Zandvoorder Ryp.’ De fersprate bebouwing wie allinne oer wetter ûntsletten. Op de kaart yn de atlas fan Eekhoff blykt de bebouwing yn de doarpskom tanommen en dizze is mei in lândyk oer De Band mei Aldegea ferbûn. Ek yn de Sânfurder Ryp binne mear pleatsen kommen.

It doarp bestiet út in tsjerke, inkele groepkes huzen en in pear ferspraat lizzende flinke stjelpbuorkerijen oan de dyk dy’t nei de Flakke Brekken liedt. Om de tsjerke hinne stiet in trijetal wenningen, datearjend út it ein fan de 19e ieu en yn de tuskentiid diels ferboud. Hjirtusken riist de tsjerke op. It tsjerkhou wurdt omseame troch in bûkehage mei linebeammen. De ienfâldige sealtsjerke is boud fan waarme readbrune stien. Sa’t bliken docht út de ankers yn de sletten westgevel is de tsjerke boud yn 1732. De gevels fan it skip binne yndield mei lisenen. De súdgevel is iepene mei rûnbôgefinsters. Ek de yngongspartij is rûn sletten. De houten geveltoer hat in ynsnuorre mei sink dutsen spits. It ynterieur hat in preekstoel út it midden fan de 17e ieu en in oargel.

Skalsum leit eastlik fan Frjentsjer en foarme mei Boer, Rie, Peins en Sweins de saneamde Frjentsjer Fiifgea: noardlike doarpen fan de lytse plattelânsgritenij Frjentsjerteradiel. It liket in streekdoarp by de dyk nei Menameradiel lâns, mar it is wier wol in terpdoarp. Fan de bebouwingsstreek fan huzen en buorkerijen ôf dy’t foaral noardlik fan de dyk leit, rint de Tsjerkestrjitte nei de terp. Dêr steane ek noch in pear húskes, mar de middelmjittich hege terp is foaral poadium foar de tsjerke en har tsjerkhou.Foar oan de dyk, op’ e hoeke, stiet de foarse (eardere) pastorije, in eklektysk bouwurk út de santiger of tachtiger jierren fan de 19e ieu. It bouwurk riist yn twa hege boulagen op, de wanden binne blokt stukadoare as is de wenning fan grutte blokken natoerstien boud. De middenpartij hat in dûbele doar yn in portyk mei in balkon der boppe. De finsters binne yn pleister omlist mei fraaie slutingskuiven yn it midden.

De tsjerke is boud oan it ein fan de 12e of begjin 13e ieu. Sy toant har oan de súdlike gevel op syn âldst: in histoarysk tapyt. Der binne grutte spitsbôgefinsters yn, mar der binne ek spoaren fan lytse rûnbôgefinsters. Tsjin de muorre steane inkele steunbearen en der binne spoaren fan in rûnbôgige yngong. De muorre fertoant mingd moppemateriaal: giel en appelblossem.De noardmuorre is fernijd mei lytse gieltsjes wêr’t in pear grutte finsters yn stean. It koar is healrûn sletten, mar boppe de finsters liket it oer te gean yn in 5/8 systeem. De kap is dekt mei blau glazuere Lucas IJsbrandpannen. Yn it ynterieur datearret de iken preekstoel mei sniene panelen út 1711 en it oargel is út it begjin fan de 19e ieu. De toer hat in 19eieus foarkommen trochdat er doe oan trije siden beklamme is. Yn de 18e ieu wie de toer noch begroeid mei klimop. Dy is troch it dêryn hûzjende skealike fûgelguod roaid, mar lang hat it sechje noch klonken: ‘To Skalsum, yn’ e klimmerbean’.

Skarl is hast neat, in doarpke fan in pear húskes en buorkerijen om in mei flinke beammen omseame tsjerkhôf hinne, dêr‘t gjin tsjerke (mear) op stiet, mar in klokkestoel. De klok is yn 1597 getten troch Hendrik Wegewaert út Kampen. Oan de soal fan de rêch fan balstienliem dêr’t it Reade Klif fan ta op in hichte fan njoggen meter en mei in lingte fan 200 meter opdreaun is, liket it wol dat it doarpke yn in griene fallei dellein is. Dizze fallei giet nei in betreklik lege dyk oer yn de folslein lege en oardel meter djippe Suderpolder fan Starum. Oan de súdkant fan de Staverske Sudermarpolder moat it yn de tiid foar it droechlizzen (even nei 1620) al hielendal yndruk makke ha: de hege gaasten, dy‘t rap oergean yn in flinke wetterflakte. Oan de kust wie it Reade Klif oan it lêst fan de 19e ieu ta yndie read fanwege de reade balstienliem. Yn dy tiid is de steile seekant ta in mei gersseadden dutsen gloaiïng makke. Yn 1952 is op it klif in monumint fan balstiennen oprjochte, nei ‘t dêr sûnt 1945 jierliks de Slach by Warns betocht wurdt, wêrby‘t yn 1345 de Hollânske graaf Willem IV mei syn troepen troch de Friezen ferslein waard.

It buorskip Laaksum bestiet út in pear fiskershúskes en in buorkerij. De sfear wurdt sterk bepaald troch de dyk, mar Laaksum is benammen bekend as de lytste haven oan de eardere Sudersee. De buert wie yn de 18e ieu al wat ferneamd fanwege de goede kwaliteit bot dy‘t troch de fiskers ynhelle waard. De haven fan Laaksum is in kultuerhistoarysk monumint: de sfear fan de oarspronklike Suderseefiskerij is der noch te priuwen. De haven waard yn 1912 oanlein as flechthaven foar de pleatslike fiskers. Letter gie de beropsfiskerij fanwege de oanlis fan de Ofslútdyk hast hielendal ferlern. De haven rekke yn ferfal. Yn 1998 krige it kompleks har âlde gloarje wer werom. Ekstra neidruk wurdt lein op it histoaryske karakter fan de haven troch de mei de hân bakte klinkerkes op de pier en de letter wer pleatste âlde pikeltonnen. Yn dy tonnen waarden eartiids de fisknetten konservearre.

Skearnegoutum is oan de eastlike râne fan de eardere Middelsee in terpdoarp wêrfan it profyl dúdlik te merken is. Mar de terp leit besiden de trochgeande dyk dy’t nei de brêge oer de Swette, de trekfeart tusken Snits en Ljouwert, rint. De terpfoet is te werkennen oan de oprinnende tún fan de klassike pastorije. Der binnen terpfynsten út de 4e en 7e ieu. Mei it ynpolderjen fan de Middelsee is de terp opnommen yn it dykkompleks.

It doarp hat profitearre fan de lizzing oan de trekfeart en de dyk tusken Ljouwert en Snits. Dêr stienen ynearsten de huzen en wurkpleatsen: om de tsjerketerp hinne wie it oardel ieu ferlyn noch frij leech. Oan de trekfeart en dyk binne âlde buertsjes te finen. By de brêge stiet oan de kant fan de dyk de earder drok besochte herberch. Op de oare walskant fan de Swette stiet de eardere suvelfabryk, no mei in oare bedriuwsbestimming.

Op it krúspunt yn it doarp is yn 1884 in tsjerke troch de ôfskiedenen stichte, wat gjin wûnder fan arsjitektuer is. De herfoarme tsjerke fan 1861 is dat likemin, mar de mingde styl is der mei plezierige ferhâldingen en sels mei in bytsje grandeur tapast. It gebou op de hege, troch hagen en beammen omseame terp is in ûntwerp fan de Snitser arsjitekt Miense Molenaar. De tsjerke hat grutte rûnbôgefinsters yn it griisbrune muorrewurk dat troch lisenen yndield is. De toer hat in swiere ûnderste yndieling dy’t tagelyk tagongsportaal is. Dêrop folgje noch twa dielen en in spits. Noardlik fan de tsjerke stiet it ferieningsgebou Elim yn in aardige Amsterdamse School trant.

Nei de oarloch hat de earste doarpsútwreiding oan de súdwestlike kant mei benammen folkswenningbou plak fûn, letter is oan de noardkant in fikse útwreiding kommen. Oan de oare kant fan it spoar leit in nij bedriuweterrein. Noardeastlik fan Skearnegoutum is yn 1233 út Bloemkamp wei by Hartwert it frouljuskleaster Aula Dei of Nijeklooster op in hege terp stichte. No steane der in pear pleatsen en huzen.

Skarsterbrêge is as lytse delsetting yn de 18e ieu as útbuert fan Ousterhaule en Ousternijegea op de Skarren ûntstien op de krusing fan in dyk en in feart. Yn de 18e ieu waard foar de turffeart de Skarster Rien nij groeven om in feart dy’t droech fallen wie te ferfangen. Yn de Skarren moast in tolbrêge komme foar de krusende dyk.

Yn de Tegenwoordige Staat van Friesland waard yn 1788 by Aldeouwer meld: ‘Johannes Assema, en die van Douma en Solkama deeden den reeds gemelden Nieuwen Rhyn graaven; en dewyl hier door eene nieuwe doorvaart wierd geopend, die veel bekwaamer was, dan de door droogte verlamde Oude Rhyn, tot het vervoeren van turf, die hier in groote menigte plag gegraaven te worden, hebben de Staaten van den Lande Oktrooi verleend aan de Eigenaars, doorgaans Rhynheeren genaamd, om een’ tol van twee Stuivers te mogen heffen van ieder Schip, dat vaaren zoude door de brug, welke door hen gelegd was over gemelde vaart, door den Ouwster rydweg, van de Joure naar Sloten loopende, en naar de Scharren, een buurtje van verscheiden boerehuizen, niet verre van daar gelegen, de Scharster brug genaamd; gelyk deeze tol daar nog heden betaald wordt, aan de Herberg, by deeze brug staande.’ De dyk wie ynearsten allinne in paad; yn de 19e ieu waard in keunstdyk oanleiin dy’t Haskerlân en Doniawerstal ferbûn.

Oan it ein fan de 19e ieu struts der in grutte suvelfabryk del, de Maatschappij Hollandia dy’t lang, ûnder oare flagge, draaid hat. De fabryk is faak fernijd en útwreide: de âlde fabrykspiip stiet noch altyd nei eardere tiden te hunkerjen. Oan de Hollandiawei binne de lange rigen arbeiderswenningen fan griis mei rôze kalksânstien byld bepalend foar it doarp.

Oan de St.Nykster marzje fan it doarp stiet noch in opfallend bouwurk. De herfoarme tsjerke is yn 1914 ûntwurpen troch de foaroansteande Snitser arsjitekt Geert Stapensea yn in behearske Berlagiaanske styl en mei dekorative keramyske sier fan keunstner Willem Brouwer út Leiderdorp.

Skerpenseel is in streekdoarp dat yn de Midsieuwen oan de Padsleat ûntstien is. De earste fermelding fan it doarp is fan 1245. Fan it suden ôf, fan Spangea ôf rûn de Padsleat yn in bôge troch de westlike hoeke fan Weststellingwerf om ek de doarpen Skerpenseel, Munnekebuorren en in part fan Aldlemmer te ûntsluten. By de sleat lâns rûn in fuotpaad. Op de gritenijkaart yn de atlas fan Schotanus út 1716 stiet de bebouwing fan it streekdoarp by dizze sleat oanjûn, wylst oan de even westliker lizzende wei, de Grindwei dy’t no de foarnaamste ferkearsferbining foarmet, hast noch gjin bebouwing stiet.

De Tegenwoordige Staat van Friesland wist yn 1788 te melden dat Skerpenseel: ‘even als Spangen, eene Kerk heeft met een spits torentje, en ligt in ’t Noordwesten van gemelde Dorp. De landeryen loopen van de Scheen tot aan de Kuinder, gelyk mede in de zes volgende Dorpen plaats heeft.’ Yn de 19e ieu is der yn de omjouwing in protte turf groeven. Op de kaart yn de atlas fan Eekhoff út 1850 is dat te sjen. Ek it begjin fan de ferskowing fan it doarp yn westlike rjochting nei de Grindwei is te sjen. It doarp bestiet no út oardel kilometer lange, frij konsintrearre lintbebouwing, bebouwing dy’t yn noardlike rjochting minder sletten trochgiet.

Wat súdliker fan it midden stiet eastlik fan de dyk de trijesidige sletten sealtsjerke út 1788, dy’t yn 1860 útwreide is mei in noardlike dwersearm. De trijeledige, libbene detaillearre toer is yn 1879 ûntstien. De kearsrjochte Grindwei yn it doarp hat in frij wikseljende bebouwing mei wol libbene “fersteuringen” fan de roailine. Dêr foarmet de tsjerke in stêdeboukundich hichtepunt yn.

By de ôfslach fan de Pieter Stuyvesantwei nei de súdlike yntree fan it doarp stiet de tinknulle fan Pieter Stuyvesant, waans heit as predikant yn Skerpenseel stie. De ferneamde man is yn it eastliker lizzende doarp Pepergea berne. De tinknulle bestiet út in elegante ioniske pylder op in hege foet mei op de skacht in portretmedaillon fan brûs en as bekroaning in sylskip mei in stik as wat mêsten.

De terp Skettens by de Marneslinke moat al betiid bewenne west wêze. Fanâlds bestie Skettens út in pear huzen en pleatsen by de tsjerke en fersprate bebouwing. It doarp hat no in lang útrutsen struktuer, as in streekdoarp. De dûbele streek huzen dy’t fan ein 19e ieu ôf ûntwikkele is, liedt mei in flauwe bocht fan de terp nei de ûntslutingsdyk. Om de ôfgroeven tsjerketerp te beskermjen is in flinke kearmuorre opmitsele. Dy terp is fierder ôfgroeven, mar is noch foar in grut part werkenber troch de fraai om de terp slingerjende Wytmarsumer Feart.

De dûbele streek is sympatyk, mar nergens opfallend: wat yn de breedte boude boargerhuzen, inkele huzen fan rôze en grize kalksânstien fan koart nei 1900. Yn de eastlike bebouwingsstrook falt foaral de eardere grifformearde tsjerke út 1907 op.

Op de terp hat in midsieuske tsjerke mei sealdaktoer stien. De yn 1865 fernijde tsjerke befettet mooglik noch âld muorrewurk. De âlde toer is yn 1816 of 1819 ôfbrutsen en earst ferfongen troch in houten eksimplaar. Yn 1877 kaam in stiennen toer foar de tsjerke nei ûntwerp fan arsjitekt Jan van Reenen. De kânsel út de âlde tsjerke, mei in hantsje as baretknop, is wer pleatst. Sûnt de 16e en 17e ieu hat de tsjerke in bûtengewoane flier troch in rige eksellint houde grêfsarken. Dêrmei manifestearret de machtige famylje Osinga him foar ivich. De moaiste út de kolleksje is fan Sybrand van Osinga en Atke van Aggema, in portretsark wêrop de ferstoarnen libbensgrut ôfbylde binne. De makker beitele yn 1621 hjir grutsk syn namme yn: Pieter Claes antiek.

Súdeastlik fan it doarp lei Osingastate, dy’t yn de 18e ieu sloopt is en ferfongen troch in buorkerij. De steatige stjelpbuorkerij is yn 1982 troch brân ferneatige. Yn de nijbou binne de keunstsinnige spoaren fan de Osinga’s oanbrocht: njonken de doar trije fel kleure reliëfstiennen mei in jager mei gewear en slanke jachthûnen. Yn it ynterieur is in reliëfstien mei in jachttafriel pleatst.

It doarp Skiermuontseach, ek wol Oosterburen neamd, is in streekdoarp op it eilân dat neamd is nei de Cisterciënzer muontsen yn harren grize pijen, dy’t fan it kleaster Klaarkamp út in úthôf op it eilân stichte hienen. Nei de ferwoasting fan in âlder doarp is Oosterburen yn it midden fan de 18e ieu stichte. Yn 1638 krige de famylje Stachauer de hege hearlikheid fan it eilân yn besit. Nei wikseling fan eigenaren konfiskearre de Nederlânske Staat it eilân daliks nei de oarloch.

Yn 1726 waard it rjocht, rieds en posthûs stichte, dat ta sintrum fan it nije doarp útgroeie soe. De kearn fan Hotel van der Werff hat noch dielen fan dit gebou. Yn de taapkeamer is de gevelstien mei it wapen Stachauer. De rjocht sletten tsjerke is yn 1866 boud op it plak fan in foargongster út 1762. Yn 1908 kaam de opbou fan de toer mei nullespits ta stân.

It doarp krige in regelmjittige struktuer fan trije, ûnderling wat ferskode lange strjitten fan west nei east: de Middenstreek en Langestreek, dy’t mei in bajonetbeweging en in brinkeftige romte fan inoar skieden binne, en de Noorderstreek. Tusken de lêste twa rint it paad Langestreek om’ e Noord troch. Oan dizze streken steane noch in protte karakteristike, fan giele stien en mei tutegevels mei beitelingen boude eilanner wenhuzen út de 18e ieu. De Langestreek rint fier nei it easten troch rjochting Huis Rijsbergen. Dit mânske gebou dat tsjintwurdich as jeugdherberch yn gebrûk is, is yn 1757 stichte troch de Stachauwers en it waard om 1860 hinne ta syn tsjintwurdige uterlik ferboud. Oan de Nieuwestreek is yn 1857 it riedshûs boud.

Yn de noardwestlike dunen is yn 1854 de rûne, koanyske fjoertoer boud. De fan bakstien oplutsen en pleistere toer hat in hurdstiennen foet. De wachterswenten der tsjinoer kamen om 1880 hinne ta stân. Noardlik fan it doarp kaam yn itselde jier in soartgelike fjoertoer, dy’t yn 1911 bûten gebrûk steld is en fan 1950 oant 1992 tsjinst die as wettertoer.

Skraard is in terpdoarp tichtby de eardere Marneslink en komt yn 1270 foar it earst yn de boarnen foar as Scadawerth. It doarp hie goede ferbiningen oer wetter. De fan noard nei súd rinnende Skraarder Feart slingert om it doarp hinne. De terp hat in regelmjittige, radiale struktuer, mar de bebouwing ken dy regelmaat net. Yn Skraard is de tsjerke net op de krún fan de twa meter hege terp boud, mar oan de súdwestlike râne. Sy kaam sa mei it koar nei de kearn fan it doarp te stean.

De âldere bebouwing leit foaral oan de eastlike kant fan de terp, sawol oan de terpkant as oan de oare kant fan de Skraarder Feart. Oer de terp rint it paad fan Wûns nei Boalsert. Dizze is ta in trochgeande dyk, de Smidstrjitte, rjocht lutsen nei de Easterleane rjochting Longerhou. De súdlike en eastlike terprâne binne it tichtst beboud bleaun, foaral it noardeasten, wêr’t yn 1889 in ienfâldige grifformearde tsjerke kaam. De bebouwing is op de feart rjochte mei de Tsjerkestrjitte as efterstege. Romtlik biedt it in ôfwikseling fan konsintrearre buertsjes en iepen kampkes lân spannende bylden en opmerklike trochsichten. Yn 1988 waard Skraard beskerme doarpsgesicht. De westlike terphelte bleau lang ûnbeboud. Yn de jierren om 1900 hinne kaam oan de Skoalstrjitte wat bebouwing. Oan de westlike marzje lizze in stik as wat markante pleatsen dy’t de oergong nei it greidelânskip foarmje. It net fergroeven tsjerkhou is ôfgrinze mei in stiennen muorre wêr’t oan de súdkant daliks de terpfoet grinzet.

Yn de Midsieuwen reizgen beafeartsgongers nei Skraard om der it hostywûnder te betinken. Der is no gjin spoar mear te finen fan de bliedende hosty. De tsjerke datearret foar in grut part út de let romaanske perioade en is fan giele friezen boud, lykas de toer. Yn de tsjerke stiet meubilêr út de 17e ieu. De renêssânse kânsel, doophek, lessener, jildtaffeltsje en nachtmielbanken foarmje in harmonieus gehiel. Echte juwieltsjes fan houtsnijwurk binne de sydwangen fan tsien tsjerkebanken fan ± 1565 mei ingelen, duvels en mûnsters.

It terpdoarp Seisbierrum wie ea it doarp fan de Liauckama’s. Harren state stie noardlik fan it doarp: it terrein en de fraaie stinspoarte bestean noch. Liauckamastate wie ien fan de grutste staten fan Fryslân. Yn 1824 is it kastiel sloopt wêrnei der yn 1862 in grutte kop-hals-romppleats fan giele stientsjes op it terrein boud is. Boppe de slotgrêft stiet in machtige stinspoarte. Dy is fan 1604, mar kin yn earste oanlis âlder wêze: oan de ûnderkant sitte friezen en dêr boppe giele stientsjes. De poarte hat oeral gatten foar dowen, want de adel hie dizze fûgels foar sawol de dong as foar de konsumpsje.

Even eastliker leit de net sa grutte, mar skildereftige buorkerij Lutmastate op in fraai omseame en beplante hiem en mei in sierlik blanket foarhûs út ± 1870. Nei it easten ta stiet de nôtmole mei stelling De Korenaar út 1868 en de glêzen piramide fan Aeolus, in technysk edukatyf sintrum. De Adelenstrjitte, flankearre troch karakteristike wenningen fan reade parsstien út de tuskenoarlochske perioade, liedt nei it doarpssintrum. Yn it sintrum stiet hotel kafee restaurant De Harmonie âld te wêzen. Yn de Alde Buorren steane aardige, meast âlde húskes yn ferskate stilen. De grifformearde tsjerke yn Amsterdamske Skoalle styl wêrfan de earste stien op 19 maaie 1927 lein is, is sintraalbou eftich.

It sintrum wurdt dominearre troch de herfoarme tsjerke dy’t yn de Midsieuwen oan de hillige Sictus wijd wie. De ienbeukige tsjerke mei rûnsletten koar ferberget har hege leeftyd (13e ieu) efter in pleisterlaach. De toer is ek âld, mar dy krige yn 1904 in nije mantel. It ynterieur hat orizjineel, oermjittich meubilêr. De kânsel, dooptún, doopbekkehâlder en tekstbuorden binne yn 1768 troch Johannes Georg Hempel yn in oerdiedige rococo styl snien. De kûp fan de kânsel liket fergroeid mei in beamstam, mei takken dy’t it klankboerd op syn plak hâlde. De lambrisearring soarget foar in ienheid mei de ein 17eieuske hearebanken en de prachtige oargelwand.

It komdoarp Sibrandabuorren leit oan de eastlike kant fan de eardere Middelsee en is ien fan de doarpen yn de Lege Geaen (of Legean), de lege lannen, it lege súdwestlike part fan de eardere gritenij Raerderhim. De kom wurdt foarme troch de wat fan de trochgeande dyk weromlutsen tsjerke en tichtbye omjouwing. Súdlik fan de tsjerke stiet in lyts buertsje mei de âldste bebouwing, dy’t dêr ek frij konsintrearre is. De romte foar de tsjerke, wêr’t op’ e hoeke ek it kafee stiet, kin krekt gjin plein neamd wurde.

It doarp hat him by de trochgeande dyk troch de Legean lâns útrutsen, wêrtroch it in streekdoarp wurden is. Yn it suden stiet bebouwing fan meast frijsteande huzen en, wat fierder it lân yn, pleatsen. Opfallend is in blokfoarmige wenning fan twa kleuren kalksânstien. Yn it noarden is kompaktere bebouwing te finen, bygelyks by de brêge. De dokterswenning stiet tusken de tsjerke en de brêge yn, in brede notabele wenning yn in romme tún mei fiverke.

De noch altyd oan de dyk en oan de Sibrandabuorster Feart rjochting de Snitser Mar lizzende molkfabryk fan de Legean krige in nije bedriuwsbestimming. De namme ‘Lege Geaen’ yn art deko letters stiet noch op de gevel. Oer de feart leit in flapbrêge mei poarte yn neoklassicistyske foarmen, wêr’t it doarp grutsk op is. Der stiet sels noch in moaie klassike hefboom foar.

De oan Sint Martinus wijde tsjerke mei sealdaktoer is al foar it ein fan de 18e ieu ferdwûn. Tsjerke en toer binne yn de 19e ieu fernijd. It gebou is in sealtsjerke fan trije finstersfekken djip mei knappe grutte rûnbôgefinsters. De foargevel hat trije fan dizze grutte finsters, wêrfan de middelste boppe de tagong sit mei rûnbôgich boppeljocht. De gevel wurdt oan de boppekant bekroand troch in rûnbôgefries fan plaster en op de hoekpenanten sitte sierpinakels. Dêr stiet de grutte houten toer mei ynsnuorre spits. It tsjerkhou is foar in grut part omfette troch in izeren stek en fierder troch in hage.

Sibrandahûs is in lyts doarp, in relatyf jonge delsetting dy’t yn it bedike Fryslân net mear op in terp boud hoegde te wurden. It doarp hat gjin kearn, mar bestiet út in tsjerkje yn in beamseame en fierder wrydske lannen, oarspronklik ek oan de oare kant fan de Ie, mei hjir en dêr agraryske bebouwing.

De mânske stjelpbuorkerij Starkenborgh noardeastlik fan de tsjerke stiet wol op in hústerp en dêr is it allegearre begûn. Yn de Midsieuwen stie hjir in sterk hûs Sterkenburg dat fan de Tjaarda’s wie fan Rinsumageast. Letter is dêr troch in Grinzer houlik de belangrike takke Tjarda van Starkenborgh út fuortkommen. No stiet der in grutte stjelpbuorkerij út 1868 mei in foarútboud, ûnderkeldere en fan in souderferdjipping foarsjoen foarhûs. Nei alle gedachten stichten de Tjaarda’s by harren fersterke hûs it tsjerkje as in soart kapel, want it liket net ûnnatuerlik dat it in úthôf fan de rom in kilometer westliker lizzende sistersiënzer abdij wie.

De tsjerke moat fan 1300 hinne wêze; in romano goatyske styl, de kraallisten om de raamnissen hinne wize der op. It finster by it koar hat sels noch de âlde dekorative yndieling, de trasearring. Dy is by restauraasjes foarsichtich behandele. Boppedat stiet yn it midden noch in tichte yngong mei in prachtich profilearre, rûn finster. De omlisting fan dit finster fertoant in ôfwikseling fan gewoane profylstien en stiennen dy’t glazuere binne. Der binne resten by de tsjerke yn’ e grûn fûn fan in rûnbôgefries fan de goatlist dy’t ek yn dizze perioade passe. De tsjerke wie oarspronklik oan de westkant wat langer en hat stiennen ferwulven; de oansetten binne oan muorrespoaren te werkennen. Nei alle gedachten hat it tsjerkje nea in toer hân.

Der is neat oerbleaun fan it foar 1163 stichte grutte kleaster Klaarkamp dat westlik fan Sibrandahûs lei; it is al gau nei de Herfoarming (1580) sloopt. Likemin is der in protte oer fan de Klaarkampstermar: it is foar in grut part ynpoldere. De Klaarkampster mole stiet súdlik fan de eardere mar.

Sigerswâld is in âld, tin befolke streekdoarp yn it uterste noardeasten fan Opsterlân, dat mei de buorskip Foarwurk grinzet oan Grins. Yn de Midsieuwen stie der in úthôf fan it kleaster fan Smelle Ie. Der rûnen twa wegen fan west nei east. Oan de Tolwei nei it noarden is oan it ein fan de 16e ieu by de grins in skâns oanlein. Oan de noardlike Binnewei stie ferspraat wat bebouwing; oan de súdlike Bûtewei stie hast neat, mar stie wol de tsjerke. Oan wjerskanten fan de streek leinen lange feanen.

Koart nei it midden fan de 17e ieu waard fan Drachten ôf nei it easten de Bakkefeanster Feart groeven dy’t nei Sigerswâld yn súdeastlike rjochting fierder rûn. De Tegenwoordige Staat van Friesland fermelde yn 1788: Behalven de bouwlanden, behooren onder dit Dorp zeer uitgestrekte Veenen, vooral Noordwaards, daar ook eenige oude Huissteden gevonden worden. Onder anderen behoort hier toe Bakkaveen, geheel op de Heide, in’t Zuidoosten des Dorps, en door dezelve loopt eene vaart met verscheiden Verlaaten en Zydwken naar de Zuidelyke Veenen, in welke de turfgravery van tyd tot tyd toeneemt.’

De turfwinning troch de Drachtster Compagnie betsjutte in nije ympuls foar de streek. Yn it noarden ûntwikkele de buorskip by de skâns him as selsstannich doarp: Fryske Peallen. Yn it suden waard Bakkefean in selsstannich doarp. Sigerswâld bestiet tsjintwurdich as fanâlds út in streek fan benammen buorkerijen. Op de krusing mei de Bakkefeanster Feart is de Foarwurksbrêge ferfongen troch in daam mar der stiet noch wol altyd in kafee.

De tsjerke is oan it ein fan de 19e ieu ferhúze nei de Binnewei. It is in lytse, ienfâldige sealtsjerke sûnder toer mei rûnbôgefinsters. Tichtby de Bûtewei leit it begraafplak, wat troch in tichte beamseame omfette is, wêrfan it baarhúske oplutsen is fan bakstien yn grut formaat: roaswinkels. As dy fan de âlde tsjerke ôfkomstich binne dan soe dy oan it ein fan de 15e of it begjin fan de 16 ieu boud wêze kinne.

St. Nyk is in streekdoarp dat by de dyk lâns oer in nochal hege sânrêch, ûnderdiel foarmjend fan in rige ‘gaasten’, yn de Midsieuwen ûntstien is. Op it betiidste kaartbyld, yn de atlas fan Schotanus út 1718, is der noch mar in bytsje bebouwing oan de belangrykste west east rjochte dyk te sjen, mar nammerste mear oan de dyk dy’t nei it suden rjochting De Lemmer rint. Oan dizze mei beammen beplante leane stiet oan de noardeastkant in rige wenningen en pleatsen. Foarby de krusing stiet de tsjerke oan de Lykwei. Noardlik fan it doarp leit boulân, súdlik healân.

De Tegenwoordige Staat van Friesland bestege yn 1788 in frij protte oandacht oan it doarp: ‘St. Niklaasga, ten Noordoosten van Tjerkgaast, is een der grootste Dorpen deezer Grieteny, en bestaat uit drie en dertig Boereplaatsen, en verdere wooningen. De kerk, een koepel torentje hebbende, is gebouwd in 1720, doch zeer vervallen. De meeste ingezetenen van dit Dorp zyn van den Roomsch-Katholyken Godsdienst. De buurtjes de Ryl en de Hongerschar behooren ook onder hetzelve. … Weleer werd hier, des Zondags na Pinkster, eene jaarmarkt gehouden, die in 1774 is afgeschaft, om datze nu en dan veele wanorders en bykans nooit eenig weezentlyk nut te wege bragt. Over ’t algemeen is de grond zandig en hoog, doch ten Noorden laag en onvruchtbaar. Ten Zuiden, naar Doniaga, heeft ook de tegenwoordige Grietman, met eenige andere Ingezetenen, eene Polder aangelegd van 426 Pondemaaten lands, van welke men zich met den tyd veel goeds beloofd.’

Neffens de kaart yn de atlas fan Eekhoff út 1850 wie doe oan beide wegen fan de trijesprong bebouwing. De herfoarme tsjerke stie doe hieltyd noardlik dêrfan, tusken wat tsjintwurdich de Tsjerkeleane en de Omloop hjit. Ek de roomske tsjerke (1833) wie oanjûn, súdlik fan de trochgeande dyk, no de Tsjerkestrjitte. De boerestreek oan de dyk nei De Lemmer lei oan de westkant fan de Eijsinga’s Polder.

Yn de twadde helte fan de 19e ieu en yn de 20e ieu is St. Nyk sterk groeid. De tsjerke oan de Omloop is yn 1721 boud en hoewol ‘t se yn 1788 ‘zeer vervallen’ neamd waard en de mienskip foaral roomsk wie, is se lykwols oerein bleaun. It is in trijekantige sletten sealtsjerke mei in lege geveltoer mei in koepeltsje wat iepen wurk hat. Dizze toer draacht in klok dy’t Steven Butendiic yn 1467 geat en dy’t út de Legemar, dy’t tichtby leit, ôfkomstich is.

De roomsken ha yn 1885 in died steld troch in triomfalistyske, neogotyske tsjerke bouwe te litten dy’t it doarpssintrum en it silhûet dominearre hat. It is nei in ûntwerp fan de Fryske arsjitekt Jan Doedes van der Weide, in learling fan de ferneamde Cuypers makke, in krúsbasilyk mei in trijekantich sletten koar en in doopkapel. De rizige toer hat fjouwer fjilden, in omloop en ranke spits en wurdt begelied troch in treptoer. De tsjerke hat in fraai neogotysk ynterieur en bypassend meubilêr mei in haadalter út 1897 en in triomfkrús fan 1907. In rige brânskildere finsters binne út 1897 mar in generaasje letter binne ek noch finsters makke troch J.M.Ydema. Efter de tsjerke is yn 1933 nei ûntwerp fan H.Huitema in grutte Lourdesgrot oanlein.

By de trijesprong steane twa kafees. Fierder hat it sintrum in ynbannige bebouwing. Yn it easten boude boargemaster Rengers yn 1871 by de buorskip Hûs ter Heide syn bûtenferbliuw Boschoord, dat yn 1909 ferboud is. Noch fierder waard yn de fernijingsstyl de filla Doniastate boud.

Yn 1904 waard Wilhelminaoord stichte. Ynisjatyfnimmers wienen de frijgeselle freules Van Eysinge. Sy stelden harren libben yn it teken fan de filantropy. It rêstoard wie foar froulju dy’t te’ n ein wienen en kaam yn it bosk dat yn 1845 yn opdracht fan de lettere boargemaster fan Lemsterlân, jhr. Mr.C.L.van Beyma thoe Kingma, oanlein wie op de skrale sângrûn. It hûs waard nei de mem fan de freules Wilhelminaoord neamd. It is kloek fleugelgebou yn in libbende chaletstyl nei in ûntwerp fan arsjitekt Hendrik Kramer. It ûntwerp fan de tunen wie fan de freules sels, mei ien fan harren broers.

St.Jansgea is in streekdoarp fan midsieuske komôf op in ûntginningsas dy’t fan noardeast nei súdwest rint en wêr’t Rotstergaast en Reahel ek diel fan útmeitsje. Op de betiidste kaart dy’t St.Jansgea yn byld bringt, de kaart yn de Schotanusatlas fan 1718, is it doarp in nochal ticht beboude streek fan huzen en buorkerijen noardlik fan de dyk mei wat boulân en fierder feanlân. De tsjerke stie doe noardlik en frij fier by de streek wei.

Yn de Tegenwoordige Staat van Friesland waard yn 1788 oer it doarp meld: ‘dit Dorp is ten opzigte der stemmen, .. het grootste der geheele Grieteny; ’t zelve ligt zeer vermaaklyk in ’t geboomte, … aan den rydweg van Rottum, die in ’t Zuiden hier langs loopt naar Rotster-Haule, Rohel en Doniawerstal. Ten Noorden van ’t zelve liggen laage veenlanden en ten Zuiden Miedlanden.’ Yn de twadde helte fan de 18e ieu baggeren de Gietersen by St.Jansgea en Rotsterhaule leechfean út om dy te bewurken ta turf. Op de gritenijkaart yn de atlas fan Eekhoff is te sjen dat de grutskalige ferfeaningen fan de landerijen net folle oerlitten hat en dat de streek as in raffelige kade tusken de feanplassen leit. Tagelyk wie de bebouwing by de Streek lâns fertichte.

Nei de ynpoldering en it yn kultuer bringen fan it lân is de Streek fertichte ta in lintbebouwing dy’t oan de noardkant noch altyd tichter is dan oan de súdkant fan de Streek. Fan de âlde Streek ôf is noch dúdliker dan yn it buordoarp Rotsterhaule te ûnderfinen, hoe leech it lân leit.

De resinte útwreidingswyk leit ek yn de djipte fan de polder. Grutte bakkers fan roggebrea en koeke ha harren spoaren neilitten. Oan de Hege Dyk / Molestelle stiet in mole út 1857 en it gemaaltsje De Grie yn nij saaklike styl út 1931, dy’t beide op harren tiid de polder frijwaarden fan wetteroerlêst. De doarpstsjerke út 1864 is troch brân fernield en yn 1963 is der in moderne tsjerke boud.

Skingen is in terpdoarp dat om it begjin fan de jiertelling ûntstien is. Miskien sels earder, omdat der yn de buert fynsten út de Romeinske tiid dien binne, dy’t oanjouwe dat it gebiet doe al bewenne wie. Earder ha hjir de staten Wobbema en Blaauwhuis stien. De state Stehouders lei flink súdliker fan it doarp.

Skingen is lyts bleaun en in karakteristyk agrarysk doarp. It bestiet eins allinne út de Buorren dy’t yn westlike rjochting fuortset wurdt as Anemawei en yn eastlike rjochting as Slappeterpsterdyk. Der stiet in frij iepen en bot wikseljende bebouwing.

Earder lei it doarp nochal isolearre, al bea de Skingster Feart en nei in skerpe bocht de Nije Mear, in frij koarte wetterferbining mei de Harnzer Trekfeart.

De Tegenwoordige Staat van Friesland melde yn 1786: : ‘Van dit dorp loopt eene binnenvaart naar de trekvaart; doch met rydtuigen kan men van Sweins, Peins, Dronryp en Menaldum in dit dorp alleen komen door de landen en menigvuldige hekken.’ Rom in heale ieu letter wie der in protte ferbettere. Yn 1842 kaam de ryksstrjitwei fan Ljouwert nei Harns ta stân en Skingen krige yn 1850 syn eigen dyk nei dizze wichtige ferkearsier.

Der binne berjochten dat Skingen in tsjerke hat dy’t wol út de 12e ieu stamme koe en byldmateriaal út de 18e ieu kin dat wol befêstigje. Mar yn 1877 bestege de tsjerkfâdij it ôfbrekken fan de âlde en it bouwen fan in nije tsjerke mei toer út dy’t ûntwurpen wie troch arsjitekt F.Brouwer út Koarnjum. De bou waard foar hast 1.000 gûne gund oan oannimmer Keuning út St.Anne. It waard in sealtsjerke mei in trijekantich sletten koar mei in heal ynboude toer. Dizze toer yn trije fjilden en mei in ynsnuorre nullespits krige oerhoekse steunbearen. It skip wurdt ferljochte troch rûnbôgefinsters en de tsjerke fertoant mear neogotyske foarmen. Op it tsjerkhou stiet in grêfstien fan de beoefener fan it Frysk damspul Izaäk Hogerhuis mei in ôfbylding fan dit spul.

Slappeterp is in terpdoarp dat mooglik oan it begjin fan de jiertelling ûntstien is op in lange kwelderwâl. It heart by in rige terpen dy’t fan Arkens by Frjentsjer oer Skalsum, Peins, Tamterp, Slappeterp oant de hege Wier tusken Menaam en Berltsum rint. Yn de 13e ieu komt it foar as ‘Slepelterp’ en yn 1469 as ‘Slepperdorp’. It is in agraryske delsetting fan troch de ieuwen hinne in stik as seis/sân pleatsen en wat arbeiderswenningen. Yn de 19e ieu kamen der in stik as wat grientekwekers by. Mar stinzen of staten stienen der net yn de buert. It doarp stie mei de Aldfeart fia de Skingster Feart yn ferbining mei de Harnzer Trekfeart.

No liket Slappeterp in buertsje oan de oer de eardere kwelderwâl rinnende dyk fan Frjentsjer nei Menaam en in wat ôfsidich op in hege terp steande tsjerke. De midsieuske tsjerke mei sealdaktoer ferkearde oan it begjin fan de 19e ieu yn ferfallen steat. De reizgjende dûmny H.Potter neamde it yn 1805 yn in ferslach de ‘ruinen’ fan Slappeterp. Yn 1826 waard der in nije tsjerke mei in toer mei spits boud. Krekt in jier letter herhelle de skiednis him en it is dan ek net wis dat de tsjerke yn 1826 hielendal nij boud is of fernijd is.

Yn 1926 is der wol in nije tsjerke boud en sels ien dy’t syn gelikense hast net hat. De foaroansteande Ljouwerter arsjitekt Hendrik Kramer makke it ûntwerp. It is in gebou yn tradisjonele haadfoarmen mei ekspresjonistyske detaillearingen. De toer ferwiist nei de tradysje fan de sealdaktuorren, mar is yn syn slanke en rjochthoekige – ynstee fan fjouwerkante - foarkommen in nije ynterpretaasje. De sealtsjerke mei in rjochte koarsluting hat twa topgevels dy’t in dwersbeuk suggerearje. De smelle rûnbôgefinsters ha glês yn lead yn art deco styl. Binnen rêste de gewulfribben op konsoles dy’t de fjouwer evangelisten foarstelle. Dy binne lykas de wizerplaten fan it oerwurk fan de toer frij wis makke troch de keramykkeunstner W.C.Brouwer út Leiderdorp, lykas yn Skarsterbrêge.

Slijkenburg is een komdorp dat in 1585 op het dorpsgebied van Spanga is gesticht als verdedigingsschans voor Friesland aan de Linde. De schans zou in 1702 zijn geslecht om de vrijkomende aarde te benutten voor de aanleg van de nieuwe Statendijk tussen Schoterzijl en Slijkenburg. Dit om de hoek van de samenkomst van de Tsjonger (of Kuinder) en de Linde beter tegen overstromingen te beschermen. Eén van de oude, nu niet meer bestaande huizen van Slijkenburg droeg het jaartal 1587. Het bewijs dat in de schans spoedig huizen zijn gebouwd. Van de grietenijkaart in de atlas van Schotanus uit 1716 is het schanskarakter dan ook niet meer af te lezen. Er had zich toen al geconcentreerde bebouwing ontwikkeld.

In de Tegenwoordige Staat van Friesland werd in 1788 gemeld: ‘Ook behoort hier onder, … de Schans en buurt Slykenburg, alwaar weleer de Sluis lag, om, ten tyde van storm, het Zeewater uit de Kuinder te keeren; doch na den storm van ’t jaar 1701, is hier eene nieuwe Dyk binnen door gelegd, die van Schooterland Zuidoostwaards loopende, by Slykenburg aan den Lindedyk sluit, en de Schutsluis, thans de Nieuwe Schooterzyl genaamd, hooge op gelegd. … Ook is het getal huizen van de buurt Slykenburg, sedert het begin deezer eeuw, merkelyk verminderd.’

Door de verlanding van de kuststrook boerde Slijkenburg net als De Kuinre achteruit.

Slijkenburg heeft nooit een kerk gehad, maar wel een school die door de jeugd uit de wijde omgeving werd bezocht. Het is nu een klein dorp waar de vroegere krijgshaftige functie niet meer van kan worden afgelezen. Het heeft een compacte kern met gevarieerde bebouwing. Het ligt buitendijks de Zeedijk op de noordwestelijke oever van de Linde. De dijken zijn sinds de droogmaking van de Noordoostpolder slaperdijken en bezitten hun oude beloop en hoogte nog. Het dorp ligt nog net in Friesland. Van afstand biedt het een karakteristiek gezicht voor een kustnederzetting met oranje pannendaken die boven de kruin van de dijk uitsteken.

Smelle Ie is in lyts streekdoarp dat syn romrofte ferline net ferriedt. De oarsprong hat it te tankjen oan in benediktiner kleasterstichting dy’t al foar 1250 plak fûn hat. It ‘Onser Lyewe Vrouwen Smelgeraconvent’ wie in dûbelkleaster, der wennen en wurken manlju en froulju. Nei 1400 is it noch altyd fan de benediktiner orde mar dan is it inkeld en allinne in frouljuskleaster.

Yn de 15e ieu slút it him oan by in herfoarmingsbeweging. De kleasterlingen sille harren mei de sielesoarch fan de tin befolke omjouwing dwaande hâlden ha. It plak wie keazen omdat der in nochal hege, noch altyd besteande, sânrêch lei tusken de feanen. Mei leechfean yn it westen, heechfean yn it easten, en boppedat flakby wetterlopen lizzend. It kleaster hat stadichoan it grûnbesit oan de wâlskanten útwreide en de kleasterlingen ha harren mooglik mei de ferfeaningen bemuoid. It kleaster luts allegearre aktiviteiten oan. De groeiende delsetting waard sels it haadplak fan Smellingerlân. Smelle Ie waard in belangryk merkeplak foar de wide omjouwing. De belangrykste jiermerk wie yn in oerienkomst (1453), dat in feilich reizgjen fan keaplju garandearre, fêstlein op de tongersdeis nei mid fêsten, twa of trije wike foar Peaske.

Yn de 14e en 15e ieu wennen de grytmannen yn dit doarp. Nei’t it kleaster yn 1580 slute moast, die bliken dat der hast 1200 hektare oan grûnbesit by hearde. It kleaster is nei de opheffing ôfbrutsen, mar argeologysk ûndersyk yn it hege kleasterkamp hat dúdlik makke dat de kleastertsjerke in dowestiennen gebou west is mei in wat ynspringend, rûn sletten koar. Fan dit wijde ferline is neat mear te merken. Der stiet sels gjin tsjerke.

Nei de gloarjetiid fan de lette Midsieuwen is it doarp krompen ta in streekdelsetting fan pleatsen en arbeiderswenningen. Mei by in haventsje oan it Smeliester Sân wat fertichting. Fan de santiger jierren ôf is it doarp lykas it tichtby lizzende De Wylgen troch forinzen ûntdutsen as rêstich wenplak by it drokke Drachten. Efter it kleasterkamp is oan de Sanding in rekreaasjeplak ynrjochte.

Smelbrêge is in lyts agrarysk streekdoarp dat nei alle gedachten yn de lette Midsieuwen mei Wâldsein en Ypekolsgea ûntstien is yn de uterste súdlike hoeke fan Wymbritseradiel. It grinze oan de eastkant daliks oan Doniawerstal. By de gemeentlike weryndieling kaam yn 1984 in flink gebiet westlik fan de Kûfurd by Wymbritseradiel. Hjirtroch hat Smelbrêge oer in smelle dyk nei de yn 1848 oanleine rykswei Snits-De Lemmer ûntsletten, no oan de boerestreek Koufurderrige in buordoarp yn eigen gemeente krigen.

Ut de gritenijkaart yn de atlas fan Schotanus út 1716 is op te meitsjen dat Smelbrêge doe noch in tsjerke hie en dat de fiif gebouwen, nei alle gedachten trije huzen en twa pleatsen, der frij konsintrearre omhinne stienen. Yn de polder de Gouden Boaiem lizze twa buorkerijen, mar it is net hielendal dúdlik oft dizze polder tusken de Hegemer Mar en de Nije Wimerts by it doarpsgebiet fan Smelbrêge hearde.

Yn de Tegenwoordige Staat van Friesland waard yn 1788 meld: ‘Smallebrugge, een klein Dorpje, digt aan de grenzen van Doniawerstal, en niet verre van Woudsend, ongeveer honderd roeden ten Oosten van de Wymerts. Onder dit Dorp behooren tien stemmende plaatsen, onder welke men in 1459 telde Hepkehuis, een sterk Stins, welk, in dat jaar door Haring Donia werd veroverd, om, daar uit Epe Kie, en zyn’ Zoon Jarich, te beschadigen.’ Fan de stins is yn de boarnen fierder gjin spoar te finen.

Op de kaart yn de atlas fan Eekhoff is de tsjerke ferdwûn; der is noch in tsjerkhou mei klokkehûs oer. Ek de huzen steane net mear yntekene en it doarp bestiet allinne noch út inkele ferspraat steande buorkerijen. Dit byld is net mear oars wurden. Oer it hiem fan de sintraal lizzende buorkerij kin it tsjerkhou berikt wurde. Der steane in stik as wat 18eieuske grêfpeallen. Yn it midden fan de 19e ieu lei hjir noch in út 1569 datearjende sark fan de famylje Bruynsma. In wiidskonkige klokkestoel mei in sealdak ferfong yn 1963 in âlder eksimplaar. De konstruksje herberget in klok dy’t yn 1617 getten is troch Henricus Meurs.

Snakkerbuorren is in feartdoarp fan âlde komôf mar fan jonge leeftyd. De buert by de Dokkumer Ie lâns is nei alle gedachten al yn de 15e ieu ûntstien, mar krige yn de santiger jierren pas de status fan doarp. Foar dy tiid wie it offisjeel in buorskip by Lekkum.

Snakkerbuorren ûntwikkele him mei syn middenstân fan de 17e ieu ôf as fersoargingssintrum foar Lekkum en Miedum. It perspektyf is kantele. Ljouwert hat him yn noardlike rjochting sa sterk ûntwikkele dat it liket dat it doarp oan de stêd fêstgroeid is. De Ie hie ynearsten twa earmen dy’t foar de needsaaklike wetterlossing by Tergrêft op inoar oansletten binne. De Dokkumer Ie groeide boppedat út ta in belangrike ferkearsier yn de sterk ferbettere wetterstruktuer yn it noardeasten fan Fryslân. It ferkear en hannel oer it wetter befoardere, sadat oan de noardwestkant fan de Ie yn 1647 in jaachpaad foar de trekfeart oanlein waard.

Snakkerbuorren hat noch altyd de struktuer fan in lange frontbuert oan it wetter, ‘Oan’ e Ie’ en in efterbuert oan de dyk, ‘Oan’ e Dyk’. Op de súdlike hoeke wêr’t de buerten by elkoar komme is yn 1775 herberch ‘De Sevenster’ boud, dy’t de skippers fan tsjinst wie en nei alle gedachten ek wol in foargonger hie. It ienfâldige blokfoarmige gebou mei in folsleine ferdjipping en in skylddak wurdt no bewenne.

Fanâlds is Snakkerbuorren in warbere delsetting mei bedriuwen dy’t mei de skipfeart te meitsjen hienen. Der wienen ek bedriuwen dy’t de belestingen en regeljouwing fan Ljouwert ûntflechte wienen. Under mear in stienbakkerij, in kalkbranderij, in oaljefabryk, in sjerpfabryk en in grutte sjippesiederij hienen har yn Snakkerbuorren fêstige. Yn de romte tusken de Ie en de Dyk wie túnkerij.

De lintbebouwing oan it wetter hat in yn leeftyd en oansjoch in grut ferskaat oan wenningen, eardere pakhuzen, oare bedriuwsgebouwen en in stik as wat pleatsen. Der rint in net iepenbier paad foar de gevels lâns, wêr’t besikers gewoanwei tastien wurde. En de dynamyk yn fariaasje wurdt yn stân hâlden: oan de Ie en yn it tuskengebiet wêr’t de tunen ferdwûn binne.

Sniksweach is in doarp fan midsieuske komôf. It wie it lytste doarp fan de gritenij Haskerlân, mar waard wol rekkene ta de waaier fan Hasker Fiifgea: fan west nei east Sniksweach, Westermar, Haskerhoarne, Aldehaske en Nijehaske. De gritenijkaart fan Schotanus (1718) biedt it betiidste byld fan Sniksweach. De Swaag Manne Vaart, letter de Sniksweachster Feart neamd, rûn súdwestlik by in lyts oantal pleatsen lâns en joech likegoed nei it noarden as nei it suden, ûntslutingen oer it wetter.Efter de bebouwing rûn in paad wêr’t de tsjerke mei tsjerkhou oan lei. It efterlân wie doe noch net yn kultuer brocht en ûnbewenne.

Oan de ein fan de 18e ieu waard yn de Tegenwoordige Staat van Friesland meldt: ‘het kleinste Dorp der Grieteny, ten Noordwesten van de Joure, aan de Slagtedyk, die weleer eene waterkeering was, doch thans vervallen is: hier onder liggen Zwaagmanne vaart, zich strekkende naar de Joure, en Westwaards naar Utingeradeel en Doniawerstal; voorts door de laage landen Ripkema Sloot, een gedeelte der Dolte, en der uitgedroogde wateren de Oude en nieuwe Geeuw.’ Der soe in Solkamastate stien ha. Neffens Schotanus moat dy socht wurde yn de uterste súdhoeke fan it doarp, tichtby de Jouster Sylroede flak tsjin De Jouwer oan.

Op de kaart yn de atlas fan Eekhoff út 1849 liket Sniksweach der wat op foarút gien. Yn de streek steane mear pleatsen en de miedlannen efter it doarp binne yn kultuer brocht. It tsjerkhou stiet oanjûn, mar de tsjerke bestiet net mear. Op it omgrêfte, goed ûnderhâlden tsjerkhou stiet in wyt skildere, houten klokkestoel mei in helmdak. It bouwurk is yn 1971 opknapt en draacht in klok dy’t yn 1787 getten is troch L.Haverkamp.

De streek bestiet hjoed de dei út pleatsen, wêrfan in stik as wat monumintale út de 19e ieu binne, en wenningen dy’t nei de ferkearsdyk, wêr’t de feart lein hat, rjochte binne. It eardere súdlike doarpsgebiet is foar in grut part yn gebrûk as bedriuweterrein fan Douwe Egberts.

It streekdoarp Sondel leit op de súdlike sânrêch fan Gaasterlân en sil lykas de oare doarpen op dizze rêch om 1300 hinne ûntstien wêze. It doarp hat by de tsjerke in komfoarmige fertichting. By de Sondelergaast noardwestlik rikt dy rêch oant mear as sân meter. Noardlik fan Sondel leit de buorskip Delbuorren, westlik it okkerdeis opromme Dútske bunkerkamp dat lang as bungalowpark yn in rekreaasjegebiet tsjinst dien hat. Súdlik fan Sondel leit it natuergebiet de Sondeler Leijen.

De herfoarme tsjerke is yn 1870 op de fûneminten fan in foargongster boud en stiet op in heech lizzend tsjerkhou. It is in sealtsjerke mei in trijekantige sluting mei op de westgevel in geveltuorke dat mei sink beklaaid is mei in ynsnuorre spits. Dêr hinget in 14eieuske klok yn. De tsjerke hat in 17eieuske kânsel, in oerkappe hearebank en in oargel út 1897 fan Bakker en Timmenga.

Bûten inkele nochal ticht beboude streken hat it doarp in stik as wat monumintale buorkerijen, û.o. in kop-romp en in kop-hals-romppleats út de 18e ieu. De út it ein fan de 19e ieu datearjende stjelpbuorkerij Beuckenswijk falt it meast op fanwege de enoarm úthoude tinkstiennen dy’t de flanken fan de foargevel siere. Se binne út 1780 en 1785 en binne ôfkomstich út it eardere bûtenferbliuw Beuckenswijk. Dat waard bewenne troch it patrisyske pear Johannes Petrus van Hylckama en Titia Rinia van Nauta.

Súdeastlik fan Sondel leit oan de kust Takosyl, it plak wêr’t de Ie, eartiids it wichtichste farwetter om súdwest Fryslân te ûntsluten, yn de Sudersee út kaam. Oer Takosyl geane ferhalen fan smokkeljen en oare boeverij. Der lei in skipfeart en streamslûs dy’t yn it midden fan de 20e ieu ferfongen is troch in ynlitslûs dy’t by in tekoart oan wetter yn de Fryske boezem iepen setten wurdt. Oan de Lemster kant fan de Ie en efter de eardere seedyk leit in Joadsk tsjerkhou, yn 1802 stichte, letter nochris útwreide en tsjintwurdich yn behear fan de natuerbeskermingsorganisaasje It Fryske Gea.

Sonnegea is in streekdoarp fan midsieuske komôf oan de Middelweg (tsjintwurdich Sonnegeawei) daliks westlik fan Wolvegea. Op de gritenijkaart yn de atlas fan Schotanus út 1716 is it in flinke lange streek mei oan de noardkant fan de dyk de bebouwing, inkele perselen bosk en boulân. Oan de súdkant is it allegearre boulân. De wegen en paden binne mei beammen omseame. Yn it midden, by in lytse knik yn’ e dyk, is de tsjerke boud. Krekt bûten it doarp stiet in molen tichtby de Boppewei.

De Tegenwoordige Staat van Friesland melde yn 1788: ‘een aangenaam Dorp, ten Westen van Wolvega aan den Middelweg naar Oude Tryne, langs welken de huizen zeer vermaaklyk in ’t geboomte liggen. Weleer was hier ook eene Kerk met een klein spits torentje, doch dezelve is al voor veele jaaren afgebroken; zynde echter de School, ’t Klokhuis met de Klok en ’t Kerkhof nog in weezen. Nader by Wolvega, aan den Buitenweg, was voor deezen ook nog een oud Kerkhof bekend, ’t welk tot Sonnega behoorde; doch reeds voor langen tyd in een bouwkamp is veranderd.’

Op de kaart yn de atlas fan Eekhoff út 1850 is it âlde tsjerkhou fan Sonnegea oan de Boppewei (tsjintwurdich Pieter Stuyesantwei) oanjûn. De streek is dan behoarlik ticht boud, mar allinne noardlik fan de wei. De Sonnegeawei is no benammen oan dy kant mei in ôfwikseling fan wenningen en pleatsen boud, mar ek oan de oare kant binne gebouwen kommen.

Yn kontrast mei it protte skaad yn it ferline, is it noch altyd besteande tsjerkhou, wat op in ferheging leit, frij keal. De klokkestoel datearret fan sawat 1640 en is om 1920 hinne opknapt. De konstruksje hat in helmdak. Der binne mar in stik as wat grêftekens op it tsjerkhou te finen. Wol leit hjir in restant fan in sark foar Anna Lugtiens dy’t yn 1640 stoar. De eastlike flank fan it doarp is yn de tiid fêstgroeid oan Wolvegea en oan it bedriuweterrein, dat him hieltyd fierder ûntwikkelt. De romtlike belibbing levert sa in grut kontrast op.

Spangea is in streekdoarp dat mooglik yn de lette Midsieuwen oan de Padsloot ûntstien is. In betide fermelding datearret út 1399, mar de delsetting kin âlder wêze. Fan it suden ôf, fan Spangea ôf, rûn de Padsloot yn in bôge troch de westlike hoeke fan Weststellingwerf om ek de doarpen Skerpenseel, Munnekebuorren en in part fan Aldlemmer te ûntsluten. Njonken de sleat rûn in rinderspaad.

Op de gritenijkaart yn de atlas fan Schotanus út 1716 stiet de bebouwing en ek de tsjerke fan it streekdoarp by dizze sleat oanjûn. Ek stiet der al wat bebouwing oan de even westliker lizzende Grindwei dy’t no de foarnaamste ferkearsferbining foarmet, en oan de dyk nei Nijetrine. It doarpsgebiet strekt him yn súdlike rjochting út oant de rivier de Linde, wêr’t de buorskip Blauwhof te finen wie. Oan de oare kant fan de Linde leit Oerisel mei de landerijen dy’t de Friesche Broek neamd waarden.

De Tegenwoordige Staat van Friesland uit 1788 melde: ‘dit Dorp, een Kerk met een spits torentje hebbende, bevat in zyne groote uitgestrektheid van landeryen 42 stemmen. ’t Zelve ligt geen 400 roeden van de Linde, daar de Spanger wateringe stuit; doch strekt zich Westwaards zeer verre uit tot aan de Kuinder.’ Fierder fermelde dizze beskriuwing dat de skâns en buert fan Slikenboarch, dy’t no as in selsstannich lyts doarp oanmerkt wurdt, ta it doarp Spangea heart. De tsjerke is yn 1820 ôfbrutsen. Op it stille, skildereftige tsjerkhou is nei de tiid in klokkestoel pleats wêr’t de klok yn hongen is dy’t yn 1761 getten is troch Steen en Borchartdt yn Enkhuzen. Dizze befettet de nammen, sûnder twivel de skinkers, fan Dirk Roelofs Oosten en Pieter Wubben.

De ferfeaningen yn it doarpsgebiet fan Spangea ha foaral yn de earste helte fan de 19e ieu plak fûn. Noardlik fan Spangea leit de útfeane Rottige Meenthe, in grut gebiet fan ûnlân troch de ferfeaningen en no in natuerreservaat. Op’ e hoeke by de Pieter Stuyvesantwei stiet it fraaie kafee ‘De Veehandel’ dat himsels as ‘opera-kafee’ oanpriizget, fanwege de simmerske opera’s.

It terpdoarp Spannum leit yn de griene greidestreek. It liket foaral in dykdoarp mei in fertichting om de tsjerke hinne tichtby de krúsende Lange Daam. Mar Spannum is in echt terpdoarp mei al in âlde skiednis tsjûge de terpfynsten fan ûnder mear in Merovingyske brûnzen earmbân.

Yn eardere ieuwen wie it allinne mar oer de fearten of troch it lân te berikken. Pas fier yn de 19e ieu kaam der in ferbiningsdyk en dêroan kaam dêrnei de nijbou ta stân en krige it doarp dat lange karakter. Oan dy dyk steane aardich wat grutte en lytse karakteristike doarpswenningen. De erfgrinzen fertoane dêr in fariearre kolleksje hagen en stekken.

Nei 1332 wie hjir in úthôf fan it grutte Kleaster Lidlum by Easterbierrum en fan 1878 oant 1905 op inisjatyf fan de predikant in famkesskoalle mei ynternaat, as in modern kleaster. De skoalle is dêrnei sloopt, de wenning as boargemasterswenning ferboud.

De âlde, smelle tsjerke is sterk fernijd; allinne de noardmuorre lit noch âld bakstienmateriaal út de goatyske tiid sjen. Oan dy kant steane twa foarse trijehoekige bearen en is yn 1910 in sjarmant paviljoentsje foar de sintrale ferwaarming tsjin de tsjerke boud. It is de húsfesting fan de sintrale ferwaarming. De foarse let goatyske toer, even minder breed as de tsjerke en trije fjilden heech, is fersierd mei djippe nissen fan wikseljende foarm dy’t it bouwurk grutte plastisiteit ferlient.

Hy wurdt bekroand troch in sealdak en jildt as ien fan de fraaiste sealdaktuorren fan Fryslân.

Ynwindich hat de tsjerke aardich meubilêr.

De Lange Daam is de iennichste ûntsluting fan it doarp oant fier yn de 19e ieu en rint hast rjocht fan noard nei súd mei it doarp yn it midden. Oan de súdkant rint er út yn de Boalserter Feart en oan de noardkant komt er fia in lyts stikje Aldmear út yn de Frjentsjerter Feart. Der wie dus ferbining mei de drokste farwetters fan noardwest Fryslân.

St. Anne is in streekdoarp dat nei de ynpoldering fan It Bilt fan it begjin fan de 16e ieu ôf fan streek ta doarp útgroeid is op de krusing fan de Middelwei en de Noorder en Súdderfaart. Doe’t de Kaaifaart oanlein is, is de Súdderfaart om 1860 hinne oandamme.

It is it sintrale doarp en it haadplak fan It Bilt. Ynearsten waard it Altoenae neamd. De ûntwikkeling koe begjinne nei’t yn 1505 de earste seedyk fan It Bilt opsmiten wie. It lân waard rasjoneel yn rjochthoekich krusende wegen en fearten opdield, in renêssânse lânskip. It Bilt krige fan de Saksyske Hear fan Fryslân de status fan gritenij, de jongste fan Fryslân. De bebouwing rûn de Noorderfaart en foaral de Middelwei – dy’t yn it sintrum tsjintwurdich Statenwei en Van Harenstrjitte hjit– lâns út. Ynearsten stie it rjochthûs súdeastlik fan de krusing, njonken it hûs fan de grytman. It nije gemeentehûs is yn 1927 nei ûntwerp fan Doeke Meintema fierder eastlik oan de Van Harenstrjitte boud. It is in freonlik, leech fleugelgebou mei opfallend hege, brutsen kappen en in represintative, heger oplutsen middenpartij mei gemeentewapen. Even fierderop stiet de grifformearde tsjerke. In troch Ane Nauta yn 1927 ûntwurpen flinke ekspresjonistyske krústsjerke mei in dakruter op de krusing. De bebouwing oan de Van Harenstraat is wikseljend: oan de súdlike kant sletten mei inkele fraaie huzen út de perioade 1880-1920, wêrtusken nûmer 24 út it midden fan de 19e ieu âlder is.

Hielendal oan de Middelwei-East steane opmerklike rigen arbeiderswenningen dy’t tusken 1919 en 1931 boud binne. Ek oan it earste diel fan de Warmoesstrjitte nei it suden stiet in fariearde, sletten bebouwing, mei inkele histoaryske gebouwen. Yn de westlike wand binne ek moderne winkelhuzen kommen. Oan de Statenwei is de bebouwing losser; der binne nochal wat boargerhuzen en represintative wenningen foar de doarpselite te finen, sa as de eardere dokterswenning yn chaletstyl út 1874. De ienfâldige neoclassicistische sealtsjerke foar de menisten is der mei pastorije yn 1871 boud. It tsjerkje krige yn de fyftiger jierren in nije foargevel. Dêr stiet ek it eardere rêsthûs De Vlaswiek. Dit fleugelgebou op in E foarmige plattegrûn hat útspringende midden en hoekpartijen en it gehiel is yn neorenêssânsefoarmen fersierd. Der efter is yn de njoggentiger jierren op in elegant stêdeboukundich patroan in nije buert oanlein.

Oan de Steedhâlderswei mei in like wikseljende, jongere bebouwing falt de rige goed fersoarge arbeiderswenningen op dy’t yn 1921 oan de westlike kant fan de Noorderfaart boud binne. Opfallend is it moaie plak dy’t oars meastal foar represintative bebouwing reservearre waard. Fierder nei it noarden, wêr’t eartiids ek in hiele rige yndustrymolens stienen, steane oan de Steedhâlderswei grutte pleatsen, wêrfan ien út 1757 mei in 18eieusk foarhûs mei klokgevel. In oare pleats mei in skuorre út 1771 hat ûnder in leger diel fan it dak in feranda op pylders.

St. Anne is de kearn fan It Bilt, en binnen it doarp foarmet de herfoarme tsjerke wer it sintrum. Dizze saneamde Van Harenstsjerke is yn 1682 op inisjatyf en ûnder beskerming fan de ynfloedrike grytman Willem van Haren boud. It is in romme, achtkantige tsjerke, neffens it ideaaltype foar de protestantske earetsjinst. Foar de Van Harenfamylje is al gau (1686) ek in achtkantige begraafkapel tsjin de noardkant fan de tsjerke boud. Hjirtroch waard it gehiel in soart mausoleum foar dit geslacht. De frij swiere klokkekoepel wurdt ynwindich droegen troch fjouwer pylders. De fersierde yngongen binne letter ta portalen útboud. It ynterieur hat prachtich meubilêr út de boutiid fan banken mei blakers. Fierder in ein 17eieuske preekstoel mei eksellint fersiersel en ornamintaal snijwurk en in grut oargel mei tribune út 1727, wêrfan it ynstrumint ûntmantele is. De bysûndere famyljebank fan Van Haren stiet as in troan tsjinoer de preekstoel. Dêrnjonken is de tagong nei de Van Harenkapel mei in doar mei swiere koperen spilen: in geskink fan de kening fan Sweden oan de ambassadeur Van Haren.

St. Jabik is in streekdoarp dat fan it begjin fan de 16e ieu ôf ûntwikkele is nei’t yn 1505 it Bilt ynpoldere wie. It lei yn it westen fan de nije gritenij en hjitte ynearsten Wijngaarden. It groeide by de yn 1830 bepúne en troch in feart begeliede Middelwei lâns, foaral flakby de tsjerke, wêr’t Westein, Eastein en de Suderwei by inoar kamen.

Oan de Suderwei stiet oan it begjin kafee De Brouwerij. In ein fierder stiet it yn 1919 troch Piet de Vries hiel betiid yn Amsterdamse School foarmen ûntwurpen kafee De Aardappelbeurs. Dêr tusken in pân mei in topgevel út 1765, in pakhús út de betide 20e ieu mei giele koppelaagjes as fersiering en in 19eieusk pakhús fan brune stien en tarre sydmuorren. Op’ e hoeke fan it Eastein stiet in fraaie buorkerij út 1849 en op nûmer 38 de grutte dokterswenning, yn 1915 yn tradisjonele styl ûntwurpen troch G.J.Veenstra.

It sintrum wurdt dominearre troch de herfoarme tsjerke. It godshûs is yn 1843 nei ûntwerp fan Thomas Romein boud, ien fan de fraaiste neoclassicistische gebouwen fan Fryslân. It is in dwers boude, folslein stukadoare sealtsjerke mei in grutte pylderportyk yn front en in elegante iepen en op seis pylderkes rêstende klokkekoepel op it dak. De foar en sydgevels ha dekorative kroanlisten mei friezen fan metopen, triglieven en aardige finsteromlistingen. Efter de tsjerke stiet yn in romme tún de eardere pastorije fan de herfoarme gemeente hast ferskûle efter in monumintale taksus. It gebou is ienfâldich blokfoarmich en allinne ien boulaach heech mei in flinke kap. Boppe de yngongspartij mei brede doar, sydljochten en snien boppeljocht is foar it dak in halsgevel útboud mei fraai byldhoude klaustikken en in segmintfoarmige bekroaning mei it jiertal 1760. Yn dy geveltop sit in letter oanbrocht grut, yn styl ridlik passend finster.

Oan de súdeastkant fan it doarp is yn 1957 de troch jhr.ir.A.P.Wesselman van Helmond ûntwurpen wettertoer boud. De toer is ûngefear 37 meter heech en foarsjoen fan in reservoir foar 515 kubike meter wetter.

Steggerda is in streekdoarp dat yn de Midsieuwen ûntstien is oan de Binnenwei fan Oldemarkt nei Noardwâlde, in delsettingsas wêr’t ek Blesdike, Pepergea en Finkegea oan ûntstien binne. Op de gritenijkaart yn de atlas fan Schotanus blykt, dat it doarp út ferskate dielen bestiet. It westen, de Oerbuorren, leit oan in eigen paad frij fier súdlik fan de Binnenwei. Y it midden is der aardich wat bebouwing by de krusing fan de dyk en de feart – de om 1608 hinne groeven Steggerda Feart – nei de Linde en yn it easten leit noardlik fan de dyk in lange strook bebouwing oant by it doarpsgebiet fan Finkegea. Boppedat rint súdliker noch de Boppewei, wêr’ t tsjintwurdich noch mar inkele fragminten fan oer binne.

Yn de Tegenwoordige Staat van Friesland waard yn 1788 meld: ten Westen van ’t voorige Vinkega aan denzelfden vermaaklyken rydweg, heeft ten Zuiden goede bouwlanden, en ten Noorden naar de Linde toe, eerst eenige bouw- en weilanden, en vervolgens, naby gemelden stroom, hooilanden. De Kerk, zonder toren, staat een weinig ten Noorden vry eenzaam, en ten Westen van dezelve loopt uit de Linde de Steggerder Sloot naar de Veenen; doch dewyl hier geen turf van eenig belang meer gegraaven wordt, is deeze Sloot ook niet meer vaarbaar. Steggerder buuren waardoor de gemelde Kerkweg loopt, ligt aan deeze Sloot, vermaaklyk in ’t geboomte; vindende men nog eene andere buurt, de Overbuuren genaamd, ten Zuiden van den Buitenweg, insgelyks in ’t geboomte.”

Op de kaart fan Eekhoff blykt der yn 1850 net folle feroare. Wol stiet yn Oerbuorren in roomsk tsjerkje wêr’t it lytse tsjerkhou út 1839 noch fan oer is. Eastlik fan de feart stiet de herfoarme tsjerke yn it beammeguod. De tsjerke is fan 1739, mar dat is net te merken, omdat se yn 1903 ommitsele is en sterk feroare is nei ûntwerp fan B.Rouwkema. Yn 1922 kaam oan de Binnewei nei ûntwerp fan Wolter te Riele in nije roomske tsjerke: in neogoatyske krústsjerke mei in achtkantige fieringtoer.

Stiens is in terpdoarp dat inkele ieuwen foar it begjin fan de jiertelling ûnstien is op in kwelderwâl eastlik fan de Boarnstream. Fan de grutte rige terpen noardlik fan Ljouwert groeide Stiens út ta it wichtichste doarp. It wie in radiaal terpdoarp en it om it tsjerkhou lizzende paad is nettsjinsteande de skaalfergrutting fan Smelbrêge en de Piter Jellessingel noch te werkennen. It is ien fan de belangrykste romtlike karakteristiken yn de doarpskearn, mei omdat it tsjerkhou omseame is troch in trijefâldige seame fan linebeammen. Foaral it eastlike segmint om dizze kearn hinne rekke mei radiaal en efterstrjitten en paden beboud.

Stiens wie ûntsletten oer de Stienzer Feart dy’t fan de terp ôf earst hast 700 meter nei it suden rûn om dêrnei yn eastlike rjochting nei de Dokkumer Ie ôf te bûgen. Tichtby dizze feart folgen ûntwikkelingen fan wenningbou en bedriuwichheid.

De âlde dyk fan de Middelsee westlik fan it doarp is yn 1847 oant Stiens ta as strjitwei ferbettere en yn 1901 krige Stiens ek noch spoarferbiningen. Yn 1901 iepene de Noord Friesche Lokaal Spoorweg it spoar nei Dokkum en al gau dêrnei it spoar oer it Bilt nei Barradiel. Beide dienen Stiens oan en it doarp krige in stasjon 1e klasse en in knap remizegebou. It persoaneferfier is yn 1936 staakt, mar it frachtferfier foar benammen in ierdappeleksportbedriuw fan Ljouwert-Stiens vv is oant de njoggentiger jierren bestean bleaun. Stasjon en remize steane noch oan de Lutskedyk. Doe’t de reizgjende kranteman Jacob Hepkema Stiens oan die, notearre er ûnder mear: ‘Dat Stiens een kapitaal- dorp is, behoeft de bezoeker niet te vragen, als hij den aanbouw van deftige renteniershuizen in oogenschouw neemt, welke hier de laatste jaren zijn verrezen langs de vaart en aan den hoofdweg, in grooter getale dan ergens elders ten platten lande gezien wordt, met kapitale herbergen advenant.’ Dizze boarger-en hearehuzen, wêr ûnder ferskate middengongwenningen, binne foaral te finen oan de Lege Hearewei, Smelbrêge, Langebuorren en Uniawei.

De ynfrastrukturele fernijingen joegen ympulzen oan it doarp en Stiens groeide ek yn de breedte, nei de strjitwei en nei it spoar ta. Nei de anneksaasje fan it sudertrimdiel yn 1943, bleau fan Ljouwerteradiel allinne it noardertrimdiel oer en fan dizze lytse gemeente waard Stiens it haadplak. It duorre lykwols noch inkele tsientallen jierren foar’t it gemeentehûs ek nei Stiens ferhúze.

Nei de oarloch, foaral sûnt it midden fan de sechstiger jierren, is Stiens as forinzeplak fan Ljouwert sterk groeid en as gehiel is it dan ek in jong plak mei in âlde kearn. Tsjin de eastlike marzje fan de midsieuske doarpskearn is oan it ein fan de 20 ieu in soarte lytsstedsk plein, it Sint-Vitusplein mei winkels ûntwikkele. De Sint-Vitus tsjerke is in mânske tsjerke mei in foarse sealdaktoer. It romaanske skip fan dowestien waard oan it ein fan de 11e of it begjin fan de 12e ieu boud. De muorren litte grutte sparfjilden sjen mei dêr yn (tichtsette) lytse rûnbôgefinsters. It koar is wat smeller as it skip en is yn de 13e ieu fan bakstien boud. Dit koar hat in fiifkantige sluting, dy’t yn de 19e ieu noch ris fernijd is. Mei de ferheging en gâns reparaasjes fan it skip lit it muorrewurk fan de tsjerke in boeiend histoarysk tapyt sjen. De toer datearret út de 15e ieu en is opboud út fjouwer fjilden. Der hingje trije klokken yn, ien út 1381, in twadde dy’t Arent van Wou yn 1509 geat en in tredde út 1607 fan de hân fan Gregorius van Hall, it ynterieur bestiet út inkele 17eieuske hearebanken en in 18eieuske kânsel. Under de grêfsarken falt in hiele grutte portretsark foar Philips van Boshuysen en syn frou Anna van Eysinga út it midden fan de 17e ieu op.

Tsjinoer de súdkant fan de tsjerke stiet it mânske, plastere Sint-Vitushûs dat yn it midden fan de 19e ieu as herberch Het Lands Welvaren boud is. Skean der tsjinoer stiet De Smalle Brug dy’t noch altyd as herberch funksjonearret.

Strobos is in jong doarp dat oan it ein fan de 18e ieu dy status noch net hat. ‘Onder Gerkesklooster behoort ook de buurt Strobosch, aan de Groninger grenzen gelegen, en meerendeels op ’t grondgebied van Friesland gesticht; hier zyn wegens den geduurigen doortocht, twee goede herbergen gebouwd.’ It is in skoft wol as in doarp beskôge, in doarp dat foar in part yn Fryslân en foar in part yn Grins lei. Op de krusing fan Sarabos en Miedweg lei de grins. Troch in resinte grinswiziging leit it wilens hielendal yn Fryslân. Strobos wie yn de tuskentiid yn westlike rjochting fêstgroeid oan Gerkeskleaster.

Strobos hat it ûntstean te tankjen oan in ferkearstechnyske útprakkesearre plak, by in slûs en brêge yn it belangrykste farwetter fan it Knillisdjip/ Hoendiep, de trekfeart tusken Fryslân en Grins. De rin fan de feart is in pear kear krekt by dizze doarpen ferlein. Foar de earste kear mei it Kolonelsrak dat fan 1656 ôf in flinke lus troch Gerkeskleaster ôfsnie en foar de lêste kear troch de ferbettering nei de oarloch fan it Prinses Margrietkanaal, de moderne opfolger fan it Knillisdjip. Dêrtroch is in skiereilân ûntstien, in gebiet dat foar in grut part ynnommen wurdt troch in skipswerf, dy’t de maat en de skaal fan it doarp fier te boppe giet. It bedriuw foarmet in opmerklik kontrast, ek mei it tichtby lizzende Gerkeskleaster.

Oant it midden fan de 19e ieu beheinde Strobos him noch ta in dûbele wetterbuert oan wjerskanten fan de feart en oan beide kanten fan de slûs en brêge. De Grinzer streek lei doe noch súdlik fan it begjin fan it Hoendiep en de Hellingstrjitte súdlik oan de Fryske kant. Yn de twadde helte fan de 19e ieu is Strobos foaral yn westlike rjochting by it Knillisdjip lâns groeid. Op it Breed folge de bebouwing by de Fryske streek en ‘De Claercamp’ lâns. Dêr groeide Strobos oan Gerkeskleaster fêst. De twillingdoarpen binne maatskiplik ien wurden, mar se ha noch hieltyd net al te dúdlike kearnen dy’t histoarysk ferklearre wurde kinne.

Sumar is in streekdoarp fan let midsieuske komôf súdwestlik fan de Burgumer Mar, ûntstien op de noardlike râne fan in grut sânplato. Súdlik fan it doarp lei in lang heidegebiet. Op de gritenijkaart yn de atlas fan Schotanus út 1761 is de ûnbewenne heide oanjûn. It doarp bestie doe út in lytse tsjerkebuorren, inkele mei beammen omseame wegen mei losse bebouwing en buerten.

De Tegenwoordige Staat van Friesland melde yn 1786: ‘Dit dorp verschilt weinig van Garyp, ten opzigte van de ligging der landeryen en plantagien, en sluit ook op eene gelyksoortige wyze tegen Smallingerland met een zandig heideveld. By de kerk is maar een kleine buurt; doch onder dit dorp behooren verscheiden andere buurtjes, als de Meershuizen, de Eest, de Landsbuuren, de Harste en de Heidhuizen, met nog eenige huizen, bekend by den naam van Molenbuurt.’ Op de kaart yn de Eekhoffatlas út 1847 is de bebouwing yn it doarp tanommen. Op de heide stiet ferspraat ek wat bebouwing.

Om 1900 hinne is de heide oanmakke en yn 1917 is der yn it kader fan de Wenningwet in flinke rige wenningen mei skuorre ta stân kommen: de Lytse Buorren. Yn de doarpskearn fertoant de Greate Buorren in ôfwikseljend byld fan grutte en lytse wenningen en pleatsen, wêrby de eardere pastorije út 1869 op nûmer 24 opfalt. Op nûmer 25 stiet in skoudersstjelp, ek wol in buorkerij fan it Burgumer Mar type neamd.

De doarpstsjerke is yn 1769 boud om it midsieuske godshûs te ferfangen. It is in ynbannige sealtsjerke mei in trijekantige sluting en in ynboude toer mei ynsnuorre spits. Seis troch Ype Staak yn 1771 makke brânskildere finsters binne de pronkstikken.

Nôtmole De Hoop is yn 1867 boud en yn 1881 nei brân wer opboud. It is in achtkant mei in mitsele ûnderbou en in stelling. De wjukken ha in breedte fan 21 meter. Yn de 20e ieu is noardlik fan it doarp en oan it Prinses Margrietkanaal, dat om 1950 hinne ferbettere is ta grutskips farwetter, in mânsk bedriuweterrein ta stân kommen.

Surhústerfean is in feankoloanjedoarp dat om 1600 hinne ûntstien is op it lange doarpsgebiet fan Surhuzum, wêr’t ek it noch súdliker feangebiet oan en mei de grinzen fan Smellingerlân ta hearde. By dizze ferfeaningen en dus by de doarpsfoarming ha menisten in promininte rol spile. Der hat yn it begjin fan de 18e ieu tydlik in koloanje fan menisten út Würtemberg wenne.

It plak hat noch altyd in promininte minniste gemeente mei in tsjerke út 1801. Oan it ein fan de 18e ieu, doe’t Surhústerfean al in plak fan betsjutting wie, mar noch hieltyd by Surhuzum hearde, waard skreaun: ‘Onder ’t zelve behoort de buurt Zuurhuisterveen, welke uit eene groote menigte van huizen bestaat, die alle langs de Veenster vaart, in een vermaakelyke en lommerryke plaats, midden in de hooge veenen zijn gestigt, en alwaar, in ’t laatst der voorige eeuw, ook eene nieuwe Kerk is gebouwd, die door haar eigen predikant bediend wordt. Niet verre van Zuurhuisterveen liggen de buurten Kortwolde, Ophuis en eenige andere op de kaart gemeld. Voorts behoort onder Zuurhuizum een gedeelte van de buurt de Rottevalle, ruim twee uren gaans van de kerk gelegen.’

De Feanster Feart stie as in dwersfeart heaks op de Nije of Kompanjonsfeart dy’t fan it Knillisdjip ôf en even westlik fan Stynsgea hast rjocht nei it suden groeven wie. Oan wjerskanten fan de dwersfeart festigen har net allinne ferfeaners, mar ek ambachtslju en nearingdwaanden. Der groeiden foaral oan de eastlike earm sletten bebouwingswanden by de Feanster Feart lâns . Yn it midden fan de 19e ieu rûn de feart noch by de tsjerke lâns. Dêr wie doe al in stik fan de feart dimpt. Inkele hûnderten meters rûn de bebouwing by de dyk lâns troch om dan wer de Lauwers tsjin te kommen. De Lauwers rûn nei twa bochten ûngefear parallel oan de âlde wetterloop fan de Lauwers nei it noarden.

Oan de U-bocht tusken de Lauwers en de Nije Feart is Surhústerfean groeid. De westlike earm fan de Feanster Feart dy’t hast oant it begjin fan Boelensloane rikte, bleau oant hjoed de dei los beboud.

Yn 1934/35 ferlear Surhústerfean syn karakter as feankoloanjedoarp doe’t de feart yn fazen dimpt waard. Skean op de dimpte feart waard nei it súdeasten de brede Grinswei- dy’t oan it begjin Jan Binnesleane hjit, oanlein. It pleineftige krúspunt waard in belangrike knoop yn de fierdere ûntwikkelingen. Dêr fregen ûnder mear in fraaie notabele wenning mei útboude middenpartij en in deftige, grutte rjochthoekige wenning fan twa boulagen fan 1900 de oandacht. It wie ek it belangrykste plak fan de start fan it doarp, want dêr waard oan de noardkant yn 1685 de tsjerke stichte, wêrmei Surhústerfean him feitlik losmakke fan it memmedoarp Surhuzum. De tsjerke is in uterst beskieden gebou, it plak is har boppe de holle groeid. De sealtsjerke bestiet, efter de foartsjerke mei in ienfâldige rûnbôgige tagong, út trije traveeën dy’t mei licht spitsbôgige finsters iepene binne. Krekt efter de westgevel stiet in houten dakruter.

Skean tsjinoer de tsjerke en by de yngong fan de winkelstrjitte De Kolk hat Pleatslik Belang yn 1934 in doarpstoer oprjochte, in opgeande toer fan reade bakstien mei oan alle kanten oerwurken, in piramidedak en ekspressyf mitsele treppen en blombakken oan de foet. Oan de Grinswei stiet in opmerklike rige ticht opinoar pakte mar wol frijsteande boargerhuzen út it midden fan de tritiger jierren. Foar de arbeiders wie ek al betiid mei soarch boud. Oan wjerskanten fan de Van Kammenstrjitte boude Wenningstichting Achtkarspelen yn 1920 in oantreklik lyts kompleks. It plak wreide ynearsten yn súdeastlike rjochting út, tusken de dimpte feart en de Grinswei . Surhústerfean groeide út ta it winkelsintrum foar de wide omjouwing. Ek de groei fan de yndustriële bedriuwichheid joech alle reden om de wenningbou nei de oarloch te ferfetsjen. Súdlik fan de Grinswei en noardlik fan de Dellen en Nije Jirden binne flinke útwreidingswiken ûntwikkele.

Surhuzum is in agrarysk streekdoarp mei in midsieuske komôf. De pleatsen steane noch altyd oan wjerskanten fan it Noard, Doarpsstrjitte en It Súd. Pleatsen, wêrfan ferskate in monumintaal karakter ha, liede it doarp yn en út. Yn it midden, tichtby de doarpstsjerke, is de struktuer wat tichter. Dêr stiet karakteristike doarpsbebouwing fan in stik as wat notabele wenningen út it ein fan de 19e en boargerhuzen út de earste helte fan de 20e ieu. It lang útrutsen doarp hat nei de oarloch rêchdekking oan de eastkant krigen, dêr binne foaral yn de jierren sechstich en santich in flink oantal strjitten by kommen. Efter dizze wyk leit de drokke trochgeande rûte fan Bûtenpost nei Surhústerfean en fierder nei Drachten.

Yn de Midsieuwen hie Surhuzum it grutste doarpsgebiet fan de gritenij. It hiele gebiet súdlik fan Stiensgea, it eastlike part fan Achtkarspelen hearde by Surhuzum. Ynearsten lei dêr noch it selsstannige doarp Koartwâld – ien fan de acht karspelen – mar dat wie sa lyts dat de húshâldingen de tsjerke net ûnderhâlde koene. De paus joech yn 1441 de Koartwâldsters tastimming harren by Surhuzum oan te sluten. Even noardlik fan Surhústerfean bestiet de buorskip noch altyd.

Yn de rin fan de 17e ieu hat Surhústerfean him fan it memmedoarp losmakke: oan it ein fan dy ieu wennen der al safolle minsken dat se in eigen tsjerke stichtsje koene.

De doarpstsjerke fan Surhuzum is yn 1614 wer boud mei sloopmateriaal fan de foargongster en de koarpartij mei in dekorative poarte is yn 1734 nochris útwreide. Doe binne de finsters fergrutte en in pear jier letter binne der brânskildere rúten fan Ype Staak yn pleatst. De út 1300 hinne datearjende lossteande en mei in loftbrêge mei de tsjerke ferbûne toer is ien fan de opmerklikste yn de provinsje. De foarse romp fan de toer wurdt op de hoeken skoarre troch steunbearen dy’t in protte fersnien binne, mei geveltopkes foarsjoen fan bôgefriezen oan alle kanten. Dêrnei riist de mitsele spits op.

Suwâld is in streekdoarp dat yn de Midsieuwen ûntstien is op in lange smelle sânrêch. Fan lytse hichte, mar dy’t dochs boppe it leechfean oan wjerskanten útstuts. Neffens de gritenijkaart yn de atlas fan Schotanus út 1716 bestie it doarp út in lange, bochtige streek by in diels troch beammen omseame dyk lâns, dy’t yn noardlike rjochting oer Tytsjerk yn ferbining stie mei de Swartewei nei Ljouwert. Súdlik fan it doarp leinen de ferkearsferbiningen oer it wetter fan de Wide Ie en de Lange Mear.

De Tegenwoordige Staat van Friesland melde yn 1786: Dit dorp is ook niet onvermaakelyk, en ligt op eene hoogte in laag land; ten Zuiden en Noorden heeft men bouwlanden, en de huizen staan in ’t geboomte, alwaar veel heiden bezemen gemaakt en naar elders verzonden worden. In ’t Westen loopt dit dorp zeer verre uit tot aan ’t Langdeel, en bevat daar het buurtje de Oude Mieden, alwaar veel vogelkooien gevonden worden. In de nabuurschap heeft men ook eenige meertjes, van welke het Louwsmeer wel het voornaamste is. … Uit de landen, aan de Oostkant en de wyde Ee gelegen, wordt veel turf gegraaven.’ Nei de ferfeaningen is it lege lân yn kultuer brocht.

De tsjerke is wijd oan Sint-Gregorius en datearret fanâlds út de 12e ieu. Dat is net te sjen, want it skip fan sânstien wie oan it ein fan de 16e en yn 1631/32 wer restaurearre en hy is nei alle gedachten yn de 19e ieu hielendal bepleistere. De âlde toer is yn 1828 ynstoart en yn 1889 is oan de westkant in houten geveltoer mei in beklaaiïng mei laaien pleatst. It ynterieur hat 17eieuske eleminten.

Tsjinoer de tsjerke stiet de yn 1883 boude, skildereftige konsistoarjekeamer yn in dekorative chaletstyl. Oan de bocht yn de Tsjerkebuert leit de âlde kearn mei in fariearre bebouwing oant ienfâldige arbeiderswenten ta en stiet de yn 1864 boude eardere grifformearde tsjerke. Oan it Suderein is in earder fearhûs dat troch de gevelankers syn datearring priis jout: 1727

Swichum is in terpdoarp dat – tsjûge in fynst fan brûnzen foarwurpen – al foar it begjin fan de jiertelling op in kwelderwâl yn in moerassige streek om 400 foar Christus ûntstie. Noardlik fan de delsetting slingere it Alddjip rjochting it westen om by Barrahûs yn de Middelsee út te kommen. Eastlik fan it doarp lei de Wergeaster Mar en de Himpenser Mar dy’t respektivelik yn 1623 en 1785 droech meald binne.

Swichum wie oer wetter yn alle rjochtingen ûntsletten. Fan de 10e ieu ôf binne de landerijen ynpoldere en kaam noardlik fan Swichum in dyk by it Alddjip lâns. Dizze Swichumerdyk wie de iennichste ûntsluting oer lân rjochting Barrahûs en dan oer de Brédyk, nei Goutum en Ljouwert.

Yn 1864 kaam der in dyk nei Wurdum en Wergea. De Ald Swichumerdyk ferlear syn betsjutting op it part yn it noarden fan it doarp nei.

De romaanske Nicolaas en Catharinatsjerke is yn de earste helte fan de 13e ieu boud en heart ta de betiidste bakstiennen gebouwen fan Fryslân. De rûne koarsluting is om 1300 hinne ta stân kommen. De toer is yn 1883 ommitsele. Yn it koar is by de resinte restauraasje efter in fuorthelle steunbear in rûnbôgefinster oantroffen. Doe binne ek twa grêfkelders ûntdutsen. De lêste binne fan de famylje Aytta dy’t ieuwenlang de skiednis fan it lytse doarp dominearre ha. De Aytta’s hienen der in state, wêr’t no de kop-hals-romppleats Ayttastate út 1847 stiet. De ferneamste telch út it geslacht is Wigle van Aytta, dy’t as Viglius as wittenskipper en bestjoersjurist yn it súdlike Nederlân karriêre makke en ien fan de wichtichste adviseurs fan Karel V en Filips II waard. Hy liet yn syn Swichum in skoalle en in ‘godshûs’, in hûs foar earme âlderein (1572) bouwe dat yn 1913 ôfbrutsen is. Doe is de terp, op it tsjerkhou nei, djip ôfgroeven. De bebouwing bestiet foaral út in stik as wat wenten en buorkerijen oan de âlde dyk en de nijere ûntslutingsdyk dy’t út de tiid fan 1900 hinne binne.