Doarpen

Doarpen


Feanwâlden is in streekdoarp dat him oan de súdlike râne fan in grut feangebiet op in hegere sânrêch ûntwikkele hat. Yn de 14e ieu wienen der twa delsettingen, dy’t beide in tsjerke hienen: Sint-Johanneswâld en it oardel kilometer súdwestliker lizzende Eslawâld. Al foar 1436 wist it kleaster Klaarkamp de 14eiuwske toerstins as úthôf, of leaver as steunpunt, foar de turfwinning yn de omjouwing te winnen. De Wâlster Feart, Skiersleat en Galgesleat soargen foar in hast tsien kilometer lange, rjochtstreekse ferkearsferbining tusken it kleaster en de Skierstins. De stins stie tusken de twa lytse delsettingen yn. Eslawâld waard om 1500 hinne fanwege wetteroerlêst as gefolch fan de turfwinning opheven en mei Sint-Johanneswâld ferienige ta Feanwâlden. It mearfâld fan de nije namme lit dat sjen. De tsjintwurdige tsjerke stiet op it plak wêr’t de foargonger fan Sint-Johanneswâld stie. De oare tsjerke waard ôfbrutsen en hoewol it tsjerkhou noch lang respektearre waard – oant yn it midden fan de 19e ieu lei it der noch – skode de bewenning fan Eslawâld yn eastlike rjochting lâns de ûntginningswei op. Sa groeide Feanwâlden foaral eastlik fan de Skierstins út ta in karakteristyk streekdoarp mei ynearsten noch tinne en fersprate bebouwing. Yn 1866 kaam it spoar fan Ljouwert nei Grins ta stân dat yn Feanwâlden frij ticht súdlik fan de doarpskom kaam te lizzen. Der kaam in stasjon en in kofjehûs dy’t beide al wer ferdwûn binne. Yn 1880 folge heaks dêrop in tramferbining mei Dokkum. Al sûnt it begjin fan de 19e ieu hie him tichtby it krúspunt fan de dyk en de Wâlster Feart nei it noarden in begjin fan komfoarming foardien. Oan it ein fan dy ieu waard Feanwâlden in oantreklik wenplak foar rinteniers en letter forinzen. Se setten har ynearsten ta wenjen oan de Stinswei, wêr’t efter djippe túnen in tal notabele wenningen ferriisd binne. De Skierstins is faak ferboud, mar lit it wêzen fan de te ferdigenjen stins noch goed sjen. De toer stiet op in omgrêft terrein en oarspronklik ek op in lytse heuvel. De boppebou rêst op hoekpylders dy’t troch bôgen ferbûn binne. De bôgen binne yn de Midsieuwen al tichte en de oerwulvjende romte is ta in kelder útgroeven. It fertrek derboppe, de haadferdjipping, en de folgjende ferdjipping, ha houten plafonds. Yn beide ferdjippingen sitte sjitsluven en der binne ek spoaren fan in bekroaning mei kantelen. De Skierstins is mei syn oanbouwen út lettere tiid yn gebrûk as besikerssintrum en museum. De ienfâldige doarpstsjerke mei in yn it westlike part fan it skip opnommen sealdaktoer is yn it midden fan de 17e ieu (1648) boud om in âlde foargongster te ferfangen. Dy is ferskate kearen makke. Foar it tsjerkhou stiet it yn 1778 stichte, eardere skoalhûs oan de Haadstrjitte. De skoalle is inkele jierren lyn sloopt. Dêrnjonken tsjûget in buorkerij mei in dwers pleatst hearehûs út 1902 fan in agrarysk ferline. Skean tsjinoer de Skierstins riist in grutte filla mei oanbouwen op, tsjintwurdich Huize Patronium neamd. Dizze waard yn 1898 nei ûntwerp fan Hendrik Kramer boud foar Pieter de Clercq, in Amsterdams aristokraat, bankier en mesenas. De Clercq krige yn Fryslân in protte lânbesit. De filla krige in omfang en in rike neorenêssânse pronk mei in protte boubyldhouwurk dy’t wolstân en erudysje fan de opdrachtjouwer útdrukten. It front en it fleugeltsje mei de eigensinnige erkereftige tagongspartij binne fraai fersierd. Súdlik fan it spoar is oan it ein fan de 19e ieu in partikuliere suvelfabryk stichte dy’t yn it begjin fan de 20 ieu fernijd en útwreide is yn fernijingsstyl. In part fan de fabryk is fan de sloop rêden en yn it Openluchtmuseum yn Arnhem wer opboud. Yn 2003 binne de arbeiderswenten dy’t de wenningbouferiening yn 1919 en 1921 oan de oare kant fan it spoar boude, ek sloopt. De direkteurswenning El Dorado (1874) yn pleistere mingde styl stiet noch wol oan de Suderwei en even fierder stiet de minniste tsjerke (1865) mei pastorije.

Feanwâldsterwâl is in streekdoarp mei in opmerklik karakter. It is fan Feanwâlden út ûntstien as feankoloanje, mooglik fan minnisten út Giethoorn,oan it wetter wat de grins útmakket tusken de gritenijen Dantumadiel en Tytsjerksteradiel. Yn de beskriuwing fan Feanwâlden út it ein fan de 18e ieu stiet: ‘In ‘t Zuidwesten heeft men een lange streek huizen aan ‘t diept, hier onder behoorende, en bekend by de naam van Diepswal.’Op de Wâl stiet oan 1865 ta dan ek in lytse Fermanje, skean tsjinoer de Preester Ikker. Der is doe even fierder in nije boud oan de Suderwei tusken Feanwâldsterwâl en Feanwâlden. De gemeentegrins dy’t mear nei it easten as de Zwette oant Kûkherne trochrint, leit noch hieltyd midden yn’ e feart, de kade leit oan de Dantumadielster kant. Oan dizze kant steane fanâlds de wâldhúskes of “spultsjes” yn in frij sletten rige. Dy húskes ha efter it foarhûs yn de breedte trochsjittende dakskylden wêr’t in skuorre mei foarme waard foar wat fee of berging fan lânbouprodukten. Op de Wâl steane ek yn de breedte boude wenningen en in stik as wat buorkerijen. Dêrtroch is der in grutte ôfwikseling fan bebouwing kommen. De bebouwing oan de kant fan Tytsjerksteradiel is wat grutskaliger. Tusken de wâldhúskes binne ek echte pleatsen te finen: yn it begjin bygelyks in aparte yn winkelheakmodel en fierderop in pear kop-rompen. De wenningen en pleatsen binne te berikken oer ôfsûnderlike brêgen oer de feart. Se jouwe de ûngefear in kilometer lange delsetting in eigen ritme. De measte brêgen binne ûnderwilens nochal ferswiere om auto’s en lânboumaterieel drage te kinnen. De pleatsen en wâldhúskes binne hast allegearre ferboud en útwreide om foldwaan te kinnen oan de winsken fan modern wenkomfort yn dizze favorite streek. As der net tefolle tocht wurdt oan de details is de sfear út de lette 19e ieu wol aardich bewarre bleaun. Hielendal yn de lêste bocht yn it westen, wêr de Wâlster Feart út it noarden fan de Looden Hel komt, stiet it kafee ‘t Dûke-Lûk, fanâlds nei alle gedachten in dûbele arbeiderswenning.

Ferwert is in radiaal doarp dat inkele ieuwen foar it begjin fan de jiertelling op in kwelderrêch ûntstien is. Yn de 11e ieu is de seedyk, dy‘t noardlik fan de Ferwerderadielster doarpen opsmiten waard, op de terp oansluten. Dêrtroch kaam de Ferwerter terp foar in grut part bûtendyks te lizzen. De bebouwing kaam yn it earstoan foaral op it súdlike en eastlike part fan de grutte terp ta stân. Ferwert wie oer it wetter ûntsletten mei de yn de 17e ieu groeven Ferwerter Feart, dy‘t earst yn ‘e rjochting fan Hegebeintum rint en dan in draai nimt om sa yn de Ie út te kommen. Yn it doarp hie him by Nijbuorren in haven foarme, dy‘t yn 1950 dimpt is, wêrtroch’t in strjitte ûntstean koe fan in opfallend breed profyl. Yn de buert fan de haven en fierder oan de súdeastkant ha de doarpsútwreidingen plak fûn, ek dy fan nei de oarloch. De seedyk wie de bêste ûntsluting oer lân. Fan it ein fan de 19e ieu ôf, doe‘t de trochgeande dyk al amper mear as âlde wetterkearing werom te finen wie, binne oan wjerskanten stadichoan frijsteande wenten foar boargers en begoedigen boud. Súdlik fan it doarp waard it lokaalspoar oanlein. Yn 1900 is der in 2e klasse stasjon boud. Oan de doedestiids oanleine Stationsstraat kaam fan 1913 ôf folkshúsfesting ta stân, wêrnei‘t de betide sosjale wenningbou op dat plak en oan de Looxmastraat en Gasthuisstraat fuortset is. Ferwert hie him ûntwikkele ta haadplak fan de gritenij. Der stienen ek in pear belangrike staten fan oansjenlike famyljes, sa as Juwsma yn it suden, Meekma yn it easten en benammen Cammingha yn it noarden mei in enoarme tún der omhinne. Op it súdlike part fan de terp hie him in – ûnder it tsjerklik gesach fallend – plein foarme. It ek no noch besteande Vrijhof wie frijwarre fan it boargerlik gesach. Yn de hoeke by de poartetrochgong nei it tsjerkhôf stiet it út de 15e ieu datearjende eardere prebendarishûs, in dwerspleatst hûs mei in sûterrain en in haadferdjipping, dat fan 1580 oan 1737 ta tsjinst die as pastorije en nei de tiid oan1840 ta gritenijhûs waard. Doe waard de gevel wol nei de neoklassicistyske moade feroare en ek binnenyn feroare der it ien en oar. Yn 1840 is nei in ûntwerp fan R.W.F. Stoett in nij gritenijhûs boud op de hoeke fan de Hogebeintumerweg. It is in fiif brede finsterfakken breed pân fan in hege haadferdjipping op in sûterrain. De yngongspartij, flankearre troch brede ioanyske pilasters, kin oer in bordestrep berikt wurde. Om-ende-by 1980 is it kompleks útwreide en it wurdt noch altyd brûkt as gemeentehûs. De kloeke doarpstsjerke, wijd oan Sint-Martinus, stiet efter it Vrijhof, mei dêromhinne in sletten bebouwing. De tsjerke is te berikken troch in poarte út de 17e ieu. Se is in bûtengewoan lange letGoatyske tsjerke mei grutte spitsbôgefinsters tusken de steunbearen yn en is boud fan reade en giele moppen. De noardmuorre, dêr ‘t dowestien fan har foargongster yn ferwurke is, is alhiel sletten. De tsjerke is efter de yn it begjin fan de 16e ieu oplutsen swiere toer boud. Dizze bestiet út trije steapele segminten, wêrfan‘t de twadde en tredde oarspronklik troch dikke, profilearre lisenen keppele wienen. By ien fan de restauraasjes binne nei in pear ûntdutsen spoaren, yn it twadde segmint siernissen yn koerbôgefoarm oanbrocht. Yn de heechste segmint einigje de lisenen ynienen en dêr rinne nissen troch, dêr‘t de galmgatten yn oanbrocht binne. It sealdak hat desennia lang op it muorrewurk fan de geveltoppen lein, ynstee fan tusken de muorren yn. It ynterieur hat ûnder oaren in preekstoel út de 17e ieu mei doopstek, in pear hearebanken en in fraaie Mechelske kroan út de 16e ieu. Skean tsjin it gemeentehûs oer is om 1920 hinne de grutte grifformearde tsjerke op in T-foarmige plattegrûn boud. Yn it suden, healwei Wânswert, leit de yn de 11e ieu opsmiten en yn 1913 gruttendiels ôfgroeven terp fan it eardere Benediktiner kleaster Foswert. Op dat plak steane no twa monumintale kop-hals-romppleatsen. By de iene is by de bou fan de skuorre moppemateriaal fan it kleaster wer brûkt.

Ferwâlde is in, yn de uterste hoeke fan Wûnseradiel, leechlizzend komdoarp dat net sa fier fan de eardere Suderseedyk ôf leit. It is fia de Djippert mei de Dykfeart ferbûn. Nei it easten ta is it doarp mei de Lytse Feart ferbûn mei de Yndyk en de yn 1876-1879 droechleine Kolken oan de noardkant fan de Warkumer Mar. Al earder waarden de Aeltsjemar en de Fallingabuorster Mar droechmeald; dêr kaam yn 1644 permisje foar. Ferwâlde waard yn it ferline in grut doarp neamd. Dat hie te krijen mei it doarpsgebiet mei in soad belangrike buorkerijen. It koe dan ek gâns stimmen útbringe. Yn de omjouwing wurde de leechlizzende landerijen, oant trije meter ûnder N.A.P., frijwol útslutend brûkt foar de feehâlderij. Allinne by de eardere seedyk, by it buorskip Doniabuorren, binne noch wat spoaren fan boulân. De doarpskearn, súdlik fan de tsjerke bestiet út in iepen romte dêr‘t âlde (súd) en nije bebouwing (noard) omhinne groepearre binne. Dêrfan út wei rinne noch in pear sydstrjitsjes. De doarpstsjerke eaget mei har kleurige bepleistere uterlik noch net sa âld; lykwols moat se al datearje út de twadde helte fan de13e ieu. Mar der geane ek ferhalen dat tsjerke en toer yn 1762 ôfbrutsen binne mei it doel de dowestiennen te ferkeapjen oan de semintyndustry fan Makkum. Yn 1767 wie de nije tsjerke mei in spits tuorke op de westlike gevel klear. De lêste ‘fernijing’ fan de tsjerke hat yn 1877 plakfûn. It skip hat in trijekantich sletten koar en op de westlike gevel stiet in houten tuorke. De tagongspoarte is fersierd mei bak- en sânstien en hat in fronton mei opskrift en it jier 1767. De famyljebank fan Van Velzen datearret út de 18e ieu en in ienfâldiger bank mei draaide balusters is nóch in ieu âlder. Ek Ferwâlde hat in ferrassing op de Aldfaers Erf-rûte, in timmerwinkel (sûnt 1845) yn in wat eigenaardich gebou mei in hege tutegevel. Súdlik fan Ferwâlde lizze de buorskippen Doniabuorren en by de dyk Skearnebuorren.

Feinsum is in terpdoarp dat ûngefear yn it begjin fan de jiertelling ûntstien is yn it kweldergebiet eastlik fan it streamgebiet fan de Boarn. Yn de omjouwing fan Feinsum wienen mear terpen te finen; dêrfan leit ien hústerp noch dúdlik oan ‘e noardkant fan Feinsum yn it lânskip oan de Iestdyk. Dêr stiet no in wytferve pleats op. Nei it easten ta hie Feinsum in wetterferbining troch de hast seis kilometer lange Feinsumer Feart nei de Dokkumer Ie ta, dêr’t it buorskip Aldeleie mei in ferbiningsfeartsje ek fan profitearre. Boppedat lei it doarp frij ticht by âlde seediken: de Lage Hereweg, no mei de namme Bredyk, en de Hege Hearewei. Se koenen brûkt wurde as diken. Fan de Bredyk ôf liedt no de Holdingawei nochal wat hoekich troch it doarp hinne, in doarp dat gjin kom hat mar bestiet út in fjouwertal buorrens. De meast eastlike buorren hat foaral bebouwing súdlik fan de dyk, mar ek in noardlik dwersbuertsje. Dan folget de eardere krusing mei it yn it lânskip noch werkenbere trasee fan de Noord Friesche Lokaal Spoorweg. Feinsum krige yn 1900 in stopplak 3e klasse; dêrfan is no gjin spoar mear te finen. Dêrnei folget de Tsjerkebuorren, mei de bebouwing súdlik fan de dyk. Fuort nei de heakse hoeke leit de tredde buorren oan de westkant en nei de twadde hoeke folget de fjirde buorren mei bebouwing oan foaral de noardkant en in dwersbuertsje. De tsjerke is wijd oan Sint-Vitus, krekt lyk as de tsjerken fan Ljouwert en Stiens. It is in ienfâldige bakstiennen, romaanske tsjerke út de earste helte fan de 13e ieu. Ea mei in healrûn koar en in sealdaktoer út ein 13e ieu. De letGoatyske yngong yn in rjochthoekich kader en mei nissen fan deselde foarm datearret mooglik út begjin 16e ieu. De koarsluting is hjir nei alle gedachten weihelle yn de 17e ieu; dêrfoar yn it plak kaam de rjochte sluting. De tsjerke is yn 1962-1964 yngripend restaurearre.

It terpdoarp Furdgum leit noardeastlik fan Tsjummearum en is alhiel op it grutte buordoarp oriïntearre. Furdgum leit op in noardliker kwelderwâl dan dy fan it buordoarp: in koarte wâl, mei ienris in rige oan lytse hústerpen It lei mar oardel kilometer fan de Griene Dyk ôf en lei dus foar de ynpoldering fan it Bilt yn de noardeastlike úthoeke fan Westergoa. Yn dy hoeke is de buert Dykshoeke ûntstien, mei ek in herberch mei in soad oanrin. Yn de omjouwing binne de hege lannen tige geskikt foar lânbou, mar wurde ek brûkt foar de feehâlderij. De toer fan de yn 1794 sloopte tsjerke stiet op de diels ôfgroeven terp. De toer datearret wierskynlik út de 13e ieu en is oplutsen fan kleastermoppen. Mei de restauraasje yn 1921 krige hy, nei in foarbyld fan in âlde tekening, in nije, sierlike bekroaning mei in klimmende bôgefries. It lytse Furdgum, dat no bestiet út twa lytse buerten fan wenningen en inkele grutte boerepleatsen, koe eartiids bôgje op trije staten: Camstra, Jelgersma en Klein Folta. Dy binne ferdwûn; dêrfoar yn it plak binne bourkerijen kommen. Fan Camstrastate binne noch belangrike spoaren te finen yn in grut boerebedriuw, dat in molkefeehâlderij en tagelyk in lânboubedriuw is. Oarspronklik stie op dit plak de state, stichte yn de earste helte fan de 16e ieu en gruttendiels sloopt yn de 18e ieu. Kelder en opkeamer binne noch diels bewarre yn de foarein en dêr stiet in pronkje fan in skou. Op de hurdsteestiennen mei portretten fan Keizer Karel V stiet it jiertal 1561 en de skou sels kin net fan folle letter datum wêze. Dizze âldste dokumintearre renêssânse skou fan Fryslân is ienfâldich, mar ferfine: pilasters op de baseleminten oan de sydkanten en in brede kroanlist mei wapenskylden. Dizze ha lange tiid ûnder aardich wat fervelagen ferskûle sitten, mar by restauraasje kamen ûnder kalk- en fervelagen perfekte wapens foar it ljocht: oan de lofterkant dy fan Schwarzenberg en Herbelstadt en rjochts Walta en Roorda.

Fochtel is in lang, tige ekstinsyf beboud streekdoarp tusken Easterwâlde en it Fochteloërfean, ien fan de grutste heechfeangebieten fan it lân. De Tegenwoordige Staat van Friesland melde yn 1788: “t oostelijkste Dorp der Grieteny ligt aan de hooge Veenen, waar tegen een dyk, de Leydyk genaamd, is gemaakt om het afloopende water te keeren, dewyl hetzelve anders, vooral in den Winter, niet alleen de Bouwakkers, maar ook ‘t geheele Dorp zou overstroomen.” Op de gritenijkaart út 1849 yn de atlas fan Eekhoff binne noch stikken fan dizze Leidyk yntekene. Hoe âld it fjouwer kilometer lange doarp krekt is, falt net te sizzen. Yn it suden binne, krekt foar de oarloch, troch amateurargeolooch H.J. Popping oan de râne fan it fean spoaren ûntdutsen fan in preehistoaryske delsetting. By fierder ûndersyk troch argeolooch Van Giffen koe fêststeld wurde dat de delsetting út ûngefear it jier 400 datearje moast en dat it bestie út in groep buorkerijen mei spikers. De streek wie troch it iderkear mear opkommende fean lange tiid net te bewenjen en in skoft letter ha har hjir wer boeren te wenjen set. Yn 1955 binne der troch de provinsjes Fryslân en Drinte plannen makke om it heechfean ôf te graven, mar yn 1961 beslute it regear om dizze ûntginnings te staken. It 1700 ha. grutte, diels noch libjende Fochteloërfean, sa te sizzen dat der noch altyd fean foarme wurdt, waard natuergebiet dat beheard wurdt troch de Vereniging Natuurmonumenten. It tsjingean fan it útdroegjen fan it fean is hjirby de grutste opjefte. Yn Fochtel hat oan it Zuideinde in tsjerke sûnder toer stien, mar dy is yn 1837 sloopt; dit is te sjen oan it tige fersoarge tsjerkhôf en de dûbele klokkestoel. Mooglik datearje de twa klokken noch út de 14e ieu. Yn 1918 is even fierderop in herfoarme kapel boud. Gâns noardeastliker is yn 1895 in suvelfabryk oprjochte, dy‘t yn 1907 fusearre mei it fabryk yn Easterwâlde. Yn Fochtel wienen de kampen Oranje en Ybehaer foar Molukkers ynrjochte. Fan de kampen binne allinne noch de terreinen waar te nimmen.

Follegea is in streekdoarp fan midsieuske oarsprong. De boerestreek folget op Jistergea. De oergong tusken de doarpen is net merkber. It binne doarpen lyk as de fuortsetting fan Dunegea yn de buorgemeente Skarsterlân mei in fergelykber karakter. De pleatsen leinen oan in hynstepaad, dat oan it ein fan de 18e ieu ta in ryddyk ferbettere wie, mar yn 1843 as ryksstrjitwei fan Snits nei de Lemmer it aloan drokker wurdende ferkear oer de dyk wol oankinne moast. Foar dy tiid wie it ferkear oer it wetter folle mear fan belang en ek derfoar hie it doarp mei de Follegeasleat tusken de Grutte Brekken en de Tsjûkemar yn, in belangrike ferkearsier. De faak monumintale boerepleatsen steane op ûnderling royale ôfstân oan de ryksstrjitwei. Allegearre steane se oan de westkant; dat hat te krijen mei de oriïntearring fan de lannerijen, dy‘t by de pleatsen hearre, de oan de Grutte Brekken ta har útstrekkende Lemster Polders. Fan de pleatsen hat de helte ek monumintale wearde, sa as ‘Foar de Mar oer’ en de frijwat âlde fan giele stien boude kop-hals-romppleats ‘Zeldenrust’. De buorkerijen ha allegear oandachtige en fariearde hiembeplanting. Noardlik fan de brede Follegeasleat is wat komfoarming. Dêr stie yn de 18e ieu in tsjerke, dêr‘t no, wat efterôf it tsjerkhôf mei in klokkestoel mei helmdak te finen is. De klok fan Peter van den Ghein datearret út1596. Yn de bocht by de brêge stiet it hege hûs ‘De 3 Kogels’ (dy‘t yndie ek oan in úthingboerd hingje). By dizze eartiidske herberch is skiednis skreaun. De Bataafse Republiek hie it lân yn Frânske ynfloedssfear brocht en dat feroarsake de gram fan de Britten. De Ingelsen weagen yn 1799 inkele ynfallen. Op 2 oktober lânen de Ingelske troepen by de Lemmer. By Follegea waarden se troch in boargerwacht weromdreaun: dêrom de trije kûgels. De lytse kearn fan Follegea bestiet fierders út in pear boerepleatsen, inkele huzen en in dûbeld streekje rjochting Doniaga. De brêge oer de Follegeasleat, dêr‘t yn eardere tiden tol betelle wurde moast, is nij.

Folsgeare is in terpdoarp dat ûntstien is yn de Midsieuwen. Lange tiid hat it doarp allinne in lytse tsjerkebuorren hân. By de Tsjaerddyk lâns, dy‘t nei Nijlân rûn stie al lange tiid lyn in flinke rige buorkerijen. Súdlik fan it doarp lei ek in groep boerepleatsen, mar dy wienen net op it doarp rjochte. De Folsgeaster Opfeart joech in ûntsluting yn súdlike rjochting om fia de Alde Rien ferbûn te wêzen mei de Wimerts of Boalserter Feart oan de iene en mei De Geau tusken Snits en Drylts oan de oare kant. Mei dit stelsel fan wetterwegen wienen de súdlike pleatsen, elts mei in eigen opfeart, sadwaande ek ûntsletten. Op de kaart yn de atlas fan Schotanus út 1716 stiet dat oanjûn. De Tegenwoordige Staat van Friesland melde yn 1788 net folle: “een Dorp van middelbaaren omtrek en landerijen, doch gering van buurt, hetzelve bevat 20 stemdraagende plaatsen, en ligt in den hoek van gemelden Tjaarddyk, tusschen Nieuwland en Sneek. Weleer lag hier de State Walma. In 1498 werd hier den Kerk met den toren afgebrand door de Soldaaten, die de Vetkooper Tjerk Walta had in ‘t land gebragt; ook kwamen daarby twee huislieden om, die op den toren gevlugt waren.” De midsieuske tsjerke is yn 1875 troch de hjoeddeiske sealtsjerke mei in trijkantige koarsluting ferfongen, mar de sealdaktoer is mooglik noch 13e-ieusk. De measte âlde doarpsbebouwing is te finen oan de Tsjaerddyk. It doarp is nei de Twadde Wrâldoarloch frijwat útwreide, yn it begjin mei in eastlik kwartier, letter mei in wyk oan de súdkant. Yn de lannen om Folsgeare hinne, stean grutte, soms monumintale buorkerijen. Noardlik fan Folsgeare leit Tsjalhuzum, in buorskip fan inkele huzen en in toer op in terp. It hat in ferline as midsieusk terpdoarp. De tsjerke is yn 1823 ôfbrutsen, mar de toer waard yn 1871 noch hielendal fernijd, in toer fan trije segminten en in ynsnuorre spits. Tusken Folsgeare en Tsjalhuzum yn is healwei de fyftiger jierren in fersetsmonumint fan Wymbritseradiel oprjochte: in wekkere hoanne op in hege piloan.

Formearum is in agrarysk streekdoarp dat him yn de 17e ieu ûntwikkele hat op in strânwâl tusken Midslân en Hoarne yn. It bestiet út in fersprate bebouwing fan boerepleatsen en wenhuzen. Westlik is oan de kant fan Midslân op ienselde manier it buorskip Landerum ûntstien. Yn it doarp, sels, lange tiid beskôge as in buorskip, hat nea in tsjerke stien. It doarpsgesicht wurdt dominearre troch in koarnmûne. De mûne wie yn 1838 boud op de Dellewâl yn West, mar is yn 1876 nei Formearum oerbrocht. De bedriuwsweardige mûne hat al lange tiid in hoarekabestimming. It is in achtkante houten stellingmûne, dutsen mei reid, en op in potdeksele ûnderbou fan hout. It wjukkenkrús hat in flecht fan tweintich meter. Yn Formearum en omjouwing is in oantal buorkerijen fan it eilanner type te finen. De measten binne net alhiel geef mear, mar de oarspronklike yndieling is faak noch wol ôf te lieden. It och sa eigen type fan de Skylger buorkerij is in fariant op de langhûsbuorkerij. Mei it wendiel en de skuorre mei stâlen en heafekken ûnder in trochrinnende, net dielde kape. It wendiel – de foarein – bestie oarspronklik út in foarkeamer en in binnekeamer mei bêdsteden. Dêrefter kaam de skuorre mei stâlromte, dy‘t oan de sydkant foar de dwersreed iepen is mei in houten útbou, in saneamd ‘skúntsje’ dêr‘t de haaiweinen troch ride koenen. Ien fan de bêst bewarre boerepleatsen fan dit type stiet yn Formearum Súd, it ‘Spylske Huus’ út 1759, sa neamd omdat yn de boppekant fan it dak troch fersakkings wat bochten sichtber binne. De foarein hat in topgevel, fersierd mei flechtings en siermitselwurk. De buorkerij is al lange tiid net mear yn bedriuw en binnenyn is de wenfunksje frijwat oanpast. De lizzing, de sterke haadfoarm en de moaie detaillearing meitsje dizze restaurearre boerepleats ta in tsjûgenis fan it agraryske ferline fan de polders fan it eilân. Oan it Súd fan Formearum en yn Landerum stean mear frij geve 19e-ieuske boerehuzings; inkele derfan binne ynrjochte foar rekreaasje.

Foudgum is in terpdoarp dat wierskynlik al foar it begjin fan de jiertelling foarme is op in kwelderwâl en dat yn it begjin fan de 19e ieu noch in ûnfersteurde radiale terp hie. Oer de destiids fierhinne ûnbeboude terp hinne rûn in frijwol perfekte rûne ringwei dêr‘t op regelmjittige ôfstannen fjouwer paden hinne fierden. Dizze ideale foarm is fersteurd troch it oanlizzen fan de dyk Dokkum-Holwert, dy‘t healwei de 19e ieu fuort lâns en in ieu letter by ferbettering, sels oer de súdwestlike terpsoal lein waard. Om ‘t de terp tin beboud bleau, koenen yn de lêste jierren fan de 19e ieu grutte stikken ôfgroeven wurde. Opmerklik is dat hjir in ieu letter wer hoeken terp oanfold binne, in soarte fan terprestauraasje. Op in hast seis meter hege krún stiet de oarspronklik oan Maria wijde doarpstsjerke, dy ‘t om 1200 hinne boud is, mar dêr‘t net folle fan oerbleaun is. It eastlike part fan de toer dat ea mei in westwurk foar de tsjerke foarme, docht noch tinken oan de midseuske perioade. Dizze toer, dy ‘t alderhande histoaryske spoaren fertoant, is yn de 15e ieu gruttendiels ferboud en tagelyk ek ferhege, yn 1753 opknapt en yn 1977 restaurearre. Der hingje klokken yn út 1395 en 1732 (fan Nicolaas Derck) en it oerwurk yn ‘e toer datearret út 1640. De tsjerke hat in ieremidsieuske preekstoel en in kabinetoargel út it tredde kwart fan de 19e ieu. Noardeastlik fan de tsjerke stiet de pastorije. Dizze datearret, te sjen oan de muorre-ankers út 1723, mar is net mear as sadanich yn gebrûk. It is in breed pân dat foar in grut part oplutsen is fan kleastermoppen. It hat fleugels en in flink nei foaren útspringende middenpartij mei in ferdjipping mei geveltop. Hjir hat fan 1859 oant 1863 ta François HaverSchmidt yn wenne, dy‘t amper as dûmny, mar mear as romantyske dichter Piet Paaltsjens namme makke hat. De fierdere bebouwing, boarger- en arbeidershuzen, stiet benammen oan de eastlike en noardlike kant fan de ringwei. Boerepleatsen fynt men foaral oan de súdwestlike kant.

Friens is in lyts terpdoarp yn in opmerklik lânskip. It bestiet út in diels ôfgroeven, hege terp mei de tsjerke, in pear beskieden streekjes oan de Beslingadyk en Van Sytzamawei en ferspraat lizzende boerepleatsen. Friens leit westlik fan it drokke doarp Grou yn de wrydske greiden tusken twa fraai troch it lânskip meänderjende útrinners fan de Boarn nei de eardere Middelsee: tusken it Swin en de Mûzel yn. It lêste wetterke, dat no yn Raerd eindicht, wie oant 1984 de grins tusken Idaarderadiel en Raerderhim. It Swin rint nei it noarden ta, rjochting Reduzum. Alhiel yn it suden streamt it brede wetter fan de Kromme Grou. De doarpsbebouwing leit oan in âlde dyk dy’t de hearewei foarme fan Ljouwert nei Swol; de ryksstrjitwei waard yn 1826-1827 westlik fan it doarp oanlein. No rint de âlde dyk foarby it doarp dea. Noardlik fan Friens leit de agraryske buert Wilaard mei inkele buorkerijen. Oant 1849 waard it lytse doarp dominearre troch de súdlik fan it doarp steande Beslingastate, yn 1620 as bûtenhûs ferboud en ieuwenlang bewenne troch de famylje Van Sytzama. “Eene schoone gelegenheid met graften en cingels omringd” wurdt it ein 18e ieu neamd, mar goed in heale ieu letter is de state ôfbrutsen. Op it hiem stiet no in buorkerij. De herfoarme tsjerke is yn 1795 boud en ferfangt in midsieusk beahûs. Se is yn 1906 noch ris ferboud. It is in ienfâldich bouwurk mei in rûnbôgige yngong, mei deromhinne tinkstientsjes en in geveltop mei lytse finsters en bekroand troch in tuorke mei galmgatten, oerwurken en in ynsnuorre spits. Binnenyn de tsjerke liket it as is it it eksklusive mausoleum fan de Van Sytzama’s. Oan de wanden en oargelgalerij hingje trettsjin grutte roubuorden út de 18e en 19e ieu en in stamlist fan de famylje. Boppedat steane der yn de koarsluting seis grutte byldhoude sarken fan de famylje opsteld.

Fryske Peallen is in jong streekdoarp, ûntstien by in krusing fan in feanfeart en in âlde postwei, de Tolweg, midden yn in feangebiet tichtby de grins mei Grinslân. De peallen yn de doarpsnamme binne de grinspeallen en op dat plak is yn it lêst fan de16e ieu in skâns opsmiten. Yn it begjin fan de Tachtichjierrige oarloch moast de rêst yn Fryslân ferdigene wurde troch skânsen op strategyske plakken. Dy oan de Tolweg, tsjintwurdich Tolheksleane, lei krekt oan de noardkant fan de hjoeddeiske doarpskearn. De skâns waard oan syn lot oerlitten, yn 1672 wer opmakke en nei de tiid ferfallen. Restanten binne noch yn it lânskip werom te finen. Yn de 17e ieu wie der noch gjin sprake fan doarpsfoarming. Yn it ferlingde fan de Lange Wyk wie troch de Drachtster Kompanjonsfeart fan ûngefear 1660 ôf de Grutte Feanfeart nei Bakkefean groeven om de feangrûnen yn it noardeasten fan Opsterlân eksploitearje te kinnen. By Fryske Peallen makke dizze feart mei ferlaat en flapbrêge in bûging nei it súdeasten ta. Dêr stienen inkele huzen en in herberch. De Schotanus-atlas lit de ferfeaningen yn folle gong sjen. De gritenijkaart yn de atlas fan Eekhoff út 1848 toant oan dat Oerterp oan de Feart libbendich beboud wie; boeren brochten de ôffeane grûnen op lytsskalige wize yn kultuer. By de krusing fan Fryske Peallen stienen inkele bousels. De grûnen yn de omjouwing waarden woest en toar neamd. De feart is dimpt en no is de Tolheksleane de haadier fan it doarp, in leane mei moaie ikebeammen, fatsoenlike bebouwing fan foaral frijsteande wenningen, wat boerepleatsen en in skruten tusken de bebouwing yn, wat efterôf steand tsjerkje. Eastlik fan de Tolheksleane fynt men strjitsjes mei nijbou: Lytse Leane, Lytse Dobbe en ‘t Paed. Letter is ek it plan De Slûs realisearre en resint is de opfallende senioarehúsfesting De Jister ta stân kommen. Fryske Peallen is in kompleet doarp, dat nei de oarloch dizze status krige. Op it krúspunt stiet noch in kafee (út 1913), yn ‘e buert fan it plak dêr‘t de slûs lei, dy ‘t troch it dimpen fan de feart ek ferdwûn is.