Boustyl: Romaansk
Datearring: 13de ieu
Restauraasje: 1997/1998
Lizzing:
Swichum bestie oarspronklik út in natuerlike ferheging tusken sompen en marren yn. Yn de tsiende ieu krige Swichum troch it oanlizzen fan diken in fêste ferbining mei Goutum en Ljouwert. Op de foar in part ôfgroeven doarpsterp stiet de Nikolaastsjerke
út it jier 1234, wijd oan de hillige Nikolaas fan Myra.
Eksterieur:
Dizze tsjerke is ien fan de earste tsjerken fan bakstien yn Fryslân. De tsjerke hat prachtige rûnbôgefinsters, in piscina, in hagioskoop en in heal fuortwurke poartsje.
Tsjerke en toer litte alderhanne spoaren sjen fan de skiednis: dêryn spile de famylje fan haadling Wigle fan Aytta in wichtige rol.
Nei dy famylje ferwize grêf- en gevelstiennen en in oantal prachtige brânskildere rútsjes út 1626 mei ûnder oare ôfbyldings fan in titelroas, tulp en papagaai. Yn de toer hingje twa klokken, ien út 1438 en in klok fan Geert van Wou jr. út 1548. Tanksij de opskriften op dy klokken is bekend dat de Hillige Nikolaas en Katarina, de patrones van fammen en filosofen, de patroanhilligen fan dizze tsjerke wienen.
Ynterieur:
Der binne noch hieltyd taastbere oerbliuwsels fan de bân mei de aadlike famylje dy’t in soad foar it doarp betsjutten hat: de Aytta’s. Yn de tsjerke binne twa grêfkelders fan de famylje Aytta bleatlein.
Gebrûk hjoed-de-dei:
Der wurde in soad houliken sletten yn Swichum sûnt de tsjerke ien fan de offisjele troulokaasjes fan Ljouwert is. Ien op de tsien lit syn houlik dêrnei ek tsjerklik befêstigje mei in sels meinommen pastor, want Swichum falt tsjintwurdich net mear ûnder in tsjerklijke gemeente. Doop- of routsjinsten kinne op deselde wize organisearre wurde.
Foar it oare hâldt Doarpsbelang yn de tsjerke syn nijjierssûpke en mei Sinte Merten krije de bern dêr waarme sûkelarje. De (lei)linebeammen en de stiennen muorre om it tsjerkhôf jouwe in skildereftich gesicht op de terp dy’t iensum yn it lân leit. Op it hôf binne âlde en moderne grêfmonuminten te bewûnderjen mei hiel ferskillende foarbyden fan grêfsymbolyk.