Boustyl: Klokkestoel
Datearring: Oarspronklik 1800
Restauraasje: 1983
Lizzing:
Nijeholtwâlde (Stellingwerfsk: Ni’jhooltwoolde) is in doarp noardlik fan Wolvegea. De klokkestoel stiet by it lytse tsjerkhôf.
Bysûnderheden
: Yn de klokkestoel mei in helmdak hinget in klok út 1788. Dy is getten troch Christiaan en Jan Seest út Amsterdam. Yn 1973 is der in nij eksimplaar foar yn it plak kommen.
De klokkestoel is kommen yn it plak fan in tsjerke dy’t omtrint 1800 ôfbrutsen is. By de restauraasje is der in alhiel nijen ien foar yn ’t plak kommen. Hy is yn 1973 troch de Stichting oernommen.
Gebrûk hjoed-de-dei:
De klok liedt noch altyd foar de deaden.