Boustyl: Goatysk
Datearring: 16de ieu
Restauraasje: Eksterieur yn 1973, ynterieur yn 1977-1978
Lizzing:
Healwei Ferwert en Dokkum leit noch krekt yn de gemeente Ferwerderadiel it terpdoarp Lichtaard op ien hiel âlde ouwerwâl.
Ekterieur:
It liket oft de tsjerke fan de 17de ieu is, mar hy is dochs wol fan de midsieuwen, sjoen de lytse segmintbôgige tichte finsters mei frij regelmjittich mitselwurk. It gehiel bestiet út deselde soarte fan bakstien, útsein de noardmuorre dêr’t inkelde fragminten dowestien yn sitte.
De foarm fan de toer suggerearret in boustyl mei in redusearre westwurk. De east- en westgevel binne opboud út bakstien, de noard- en súdkant binne beklaaid mei planken. Yn de toer hingje twa klokken, ien út likernôch 1370 en de oare út 1404. Op de klok út 1370 stiet dat it hjir om in Petrustsjerke giet.
Ynterieur:
De tsjerke hat in kânsel út 1642 mei yn de rûne iepenings Fryske panielen. Yn it ynterieur falt de kânsel út 1642 mei doopstek op. ‘Zijt daders des woords en niet alleen hoorders’ warskôget in opskrift foar it mei siersmidswurk dekorearre stek fan de kreake. De tsjerkebanken binne út de tsjerke weihelle. It liturgysk sintrum bestiet út in lege tafel mei deromhinne in heale sirkel mei stuollen.
Gebrûk hjoed-de-dei:
De tsjerke fan Lichtaard wurdt beheard troch in aktive Pleatslike Kommisje, dy’t ûnder oaren konserten en eksposysjes organisearret, mar dy’t de tsjerke ek ferhiert foar (famylje)byienkomsten en rou- en troutsjinsten.
De tsjerke is meastal wol iepen en besikers binne wolkom.