Boustijl: Letgoatysk
Datearring: 16de ieu
Restauraasje: 1977-1978
Lizzing:
De skiedenis fan Ketlik giet werom oant yn de trettjinde ieu. It is bekend dat der yn 1254 in kapel stie en dat der dêrnei stadichwei in buert ûntstie. Yn 1525 krige de buert in eigen tsjerke, wêrtroch’t it in doarp waard.
Eksterieur:
De tsjerke is boud fan ’rooswinkel’, bakstiennen dy’t in slach lytser binne as âlde friezen (kleastermoppen), en hat oan de westkant in puntgevel út omtrint 1600 mei bakstienfruslings yn de top. It tsjerkegebou is foarsjoen fan swiere bearen. De twa klokken yn de klokkestoel neist it tsjerkhôf binne yn de oarloch troch de Dútske besetter yn beslach nommen. Sûnt 1952 hingje der nije, dy’t mei de hân let wurde om yn de tiid dat de dagen koartsje de boaze geasten te ferjeien.
Ynterieur:
De flier is befluorre mei estrikken. Foar de tsjerkebanken kamen stuollen yn ’t plak. De 17de ieuske preekstoel krige it âlde plak oan de súdmuorre werom. Under de oargelgalerij steane hearebanken.
Gebrûk hjoed-de-dei:
Der binne noch geregeld tsjerketsjinsten fan de protestantske gemeente dy’t simmerdeis twa kear en winterdeis ien kear yn ’e moanne plakfine. Dernjonken binne der rou- en troutsjinsten en binne der tanksij de treflike akoestyk geregeld konserten en soms cd-opnamen. Der fine ek ferskillende aktiviteiten fan Doarpsbelang plak.
Mei de ferkeap fan kaarten, kearsen en oare sûveniers besykje hja it ûnderhâld fan de tsjerke mei te finansierjen.