Boustyl: Romano-goatyk
Datearing: earste helte 13de ieu
Restauraasje: 1939-1942
Lizzing: Hantumhuzen is in doarp dat ûntstien is yn de midsieuwen. De tsjerke leit der fuort by op in restant fan de oarspronklike terp.
Eksterieur: De tsjerke stiet op in terprest eastlik fan de buorren fan it doarp en is ien fan de meast sprekkende foarbylden fan de romaansk-goatyske boustyl yn Fryslân.
Ynterieur: De tsjerke hat in fraai ynterieur mei koepelferwulften mei skildere ribben. Tsjin de pylder oan de noardkant stiet in epitaaf mei in tinkteken fan Pibo van Emingha út 1571 mei alliânsjewapen. Yn it koar stiet in grêfsark fan sânstien fan Amke Jarla mei op de hoeken de fjouwer evangelisten. De tsjerke hat in moaie en fraai sniene kânsel met rokoko foarmen út 1773.
Oargel: it ier 20ste ieuske oargel (1907) is boud troch de fa. Bakker en Timmenga yn Ljouwert. It hat acht stimmen en in klassyk fiifdielich front.
Hjoeddeisk gebrûk: De arsjitektoanysk hiel bysûndere romano-goatyske tsjerke fan Hantumhuzen is yn 2007 oernommen troch de stifting. De Pleatslike Kommisje dy’t it behear hat, stelt de tsjerke sa folle mooglik iepen. Fierder fine der út en troch konserten plak, en rou- en troutsjinsten.