Boustyl: Romaansk
Datearring: 12de ieu
Restauratie: 1975
Lizzing
It terpdoarp leit justjes noardwestlik fan Wiuwert dat om syn mummy’s foaral bekend is.
Eksterieur
Dizze Romaanske tsjerke is boud mei giele 'âlde friezen' en wijd oan Sint Joris. Yn 1514 is de tsjerke yn brân stutsen.
De yngongspartij is opsnolke mei in tinkstien fan Van Aylva en Bosma. In rige grêfstiennen op it tsjerkhôf hat net allinne
op de foarkant, mar ek op de efterkant opskriften meikrigen.
Ynterieur
Yn de tsjerke lizze âlde sarken fan aadlike famyljes en fan predikanten en professoaren út it geslacht Schotanus. Yn de toer is in klok dy’t yn 1534 makke is troch Geert van Wou jr.
Gebrûk hjoed-de-dei
De tsjerke wurdt sûnt maart 2010 ferhierd oan 'Station Fryslân' 2018. Dat boargerinisjatyf hâldt him dwaande mei de ambysjes
fan Fryslân foar de kommende jierren. It giet dêrby û.o. oer de takomst fan it lânskip, de lânbou, de ambysjes fan de
provinsje Fryslân op it mêd fan duorsumens, mar it gie ek de ambysje om yn 2018 Kulturele Haadstêd fan Europa te wurden, dat
yndied slagge is. It boargerinisjatyf hiert de tsjerke om der in ‘thúsbasis’ fan te meitsjen. De aktiviteiten binne lytsskalich en
meast yn besletten rûnte, en wurde ôfstimd op de aginda fan de 'Plaatselijke Commissie' dy’t de tsjerke beheart.
De tsjerketsjinsten en de rou- en troutsjinsten kinne dan ek gewoan trochgean.