Boustyl: Romano-gotyk
Datearring: nei alle gedachten 13de ieu
Restauraasje: 1987
Lizzing
Noardlik fan Raard op in âlde foar in grut part ôfgroeven doarpsterp, dêr’t mar in pear pleatsen en huzen omhinne steane, stiet de tsjerke fan Boarnwert.
Eksterieur
De tsjerke is opboud mei in grut formaat bakstien. Earder hie dizze tsjerke in healrûn oaniensletten koar, no hat it in rjochthoekige tichte eastmuorre. De tsjerke hat gjin toer mear. Dy hat der wol west, mar der stiet no in dakruter op de westgevel mei dêryn in klok út 1653, getten troch Eppe van den Arck. It dak fan de tsjerke bestiet foar in part út 'nonnen en muontsen' (holle en bolle dakpannen). De noardlike yngongspartij is fersierd mei in ynswinke halsgevel út 1751, dy’t ôfkomstich is fan de eardere pastorije op De Lytse Jouwer en hat in opskrift yn it Frysk.
Ynterieur
De tsjerke hat in tige ienfâldich ynterieur mei in pear bysûndere muorreskilderings.
Gebrûk hjoe-de-dei
It tsjerkje is te hier foar (sjoen de beheinde kapasiteit) groepen oant op in heechst 50 persoanen. Der kin tocht wurde oan resepsjes, famyljebyienkomsten, gearkomsten, lytse konserten, ensfh.
It tsjerkje fan Boarnwert is by beslút fan de gemeente Dongeradiel oanwiisd as troulokaasje.