Boustyl: Romaansk
Datearring: ein 12de ieu
Restauraasje: 2008
Lizzing
Yn Boer stiet it âldste noch besteande stiennen wenhûs fan Fryslân. It leit oan de dyk fan Doanjum nei Berltsum en telt hjoed-de-dei 19 wenhuzen.
Eksterieur
By de restauraasje binne in grut tal argeologyske fynsten dien. Tsjerke en toer binne alhiel bepleistere. Dêrefter sit in bakstiennen muorre. It houtene tonneferwulf yn de tsjerke is fan 1570 en hat trochhingjende skinkels, fersierd mei in sniene list. De lûkbalken binne foarsjoen fan kaaistikken.
Westlik fan de tsjerke fan Boer stiet ien fan de âldste wenhuzen fan Fryslân, de midsieuske pastoarswenning. De âlde state fan de famylje Elgersma waard mear as hûndert jier lyn ôfbrutsen. De sierlike yngong fan de state út 1664 is beholden bleaun en sit no as list om de tagongsdoar fan de tsjerke.
Ynterieur
Oan de súdmuorre wurdt de yngongspartij flankearre troch pilasters mei festoenen en hy hat in fronton mei liuwen út 1664 dat út de ôfbrutsen Elgersma State komt. Yn de tsjerke binne fjouwer lykbieren fan it Frysk Museum opslein en ien fan de tsjerke sels. Kolonel Ignatius van Kingma (begroeven yn Sweins) skonk yn de santjinde ieu in ikehouten kânsel oan de tsjerke, in opmerklike jefte foar ien dy’t sels katolyk wie. Yn de toer hinget in troch Willem Wegewart út Dimter getten lûdklok fan 1561.
Hjoeddeisk gebrûk
De tsjerke wurdt sûnt de restauraasje yn 2008 beheard troch in aktive Pleatslike Kommisje, dy’t ûnder oaren konserten organisearret,
mar dy’t de tsjerke ek ferhiert foar (famylje)byienkomsten. Geregeld wurde groepen pylgers ferwolkomme dy’t it earste part fan it Jabikspaad rinne tusken Swarte Haan en Frjentser. Yn septimber is de tsjerke fan Boer in ûnderdiel fan de keunstrûte fan Facit, de Frjentjerter feriening fan keunstners.