Boalsert is de iennichste noch selsstannige stedsgemeente fan Fryslân. De stêd lei yn de Midsieuwen strategysk foar ferkear oer it wetter en hannel. Der wie ferbining mei de Middelsee en troch de Marneslinke mei de Sudersee. Hoewol ‘t de wetterwegen tichtsliken, bleau Boalsert te berikken foar wetterferkear en koe opbloeie as hannelsplak. It rekke ferbûn oan de Hanze.

De oarsprong is noch te fielen oan de terpen by de Martinitsjerke en by de Hoogstraat: De lêste wie de hannelsterp. Boalsert wie in tsjerklik sintrum foar in wide omjouwing. Neist it Marktplein leit de belangrike grêft fan Marktstraat en Appelmarkt mei it fraaie stedshûs yn it sicht. Oan de Marktstraat steane foarname grêftepânen mei gevels yn barok, rokoko en neoklassicistyske stilen. De Boalserters woenen yn 1614-1617 harren wolfeart en beskaving útdrukke mei it bouwen fan in prachtich stedshûs. It rjochthoekige bouwurk mei pronkgevels en in hege lantearnetoer is boud nei in ûntwerp fan en útfierd troch pleatslike boumasters en dêrmei waarden de potinsjes fan de stêd ta útdrukking brocht. De middenpartij, wêr ‘t op de haadferdjipping de fjouwerskaar foar de rjochtspraak leit, wurdt bekroand troch in hege geveltop mei oerdadich rolwurk mei obelisken. Dêryn steane te pronk de personifikaasjes fan “Geloof, Hoop, Liefde en Gerechtigheid”; de twa lêsten dêrfan binne fan in útsûnderlike kwaliteit. De lantearnetoer is in wûnder fan arsjitektoanyske pracht.

De Jongemastraat wurdt breder oan it ein fan it Broereplein ta. Dêr rize de dramatyske muorren fan de Broeretsjerke op. De tsjerke, dy ‘t yn 1980 troch in brân grutte skea oprûn hat, is no in fassinearjende ruïne. It is in sobere 15e-ieuske pseudo-basilyk mei in rike foargevel, in rike fersiering dy ‘t net past by de biddeloarder fan de Fransiskanen, mar wol by de stêd Boalsert. Yn de Heeremastraat stiet in stedsstate fan ien fan de aadlike famyljes fan Boalsert: Heeremastate, dy ‘t krekt nei 1500 boud is. De muorren binne mitsele fan ôfwikseljend giele kleastermoppen en bannen fan lytsere reade bakstien.

De langste stedsgrêft, de Dijl, is omseame troch ôfwikseljende bebouwing fan Kleine en Grote Dijlakker. Foarname listgevels, in rychje ienfâldige halsgevels, in fraai fersierde trepgevel en in tige fraaie halsgevel. Efter de roailine riist de Sint Franciscustsjerke op, yn 1934 boud (nei ûntwerpen fan H.C. van der Leur en Dom. Paul Bellot) yn ekspresjonistyske styl, dêr ‘t foaral binnen yn de tsjerke fan te genietsjen falt. It is de tsjerke fan in mear as seis ieuwen âld devoasjebyld fan de Lieve Vrouw van Zevenwouden. Der wurdt in mirakelboek út it midden fan de 16e ieu bewarre.

It hûs Wipstraat 6, efter it stedshûs, wurdt beskôge as it bertehûs fan Gysbert Japix, de Fryske dichter út de 17e ieu. Oan de Nieuwmarkt, even fierder as de hearenssosiëteit “De Doele”, stiet it brede en fan bûten wat stive Sint Anthony Gasthuis. It is boud yn 1778-1791as húsfesting foar allinnichsteande froulju en hat in besûnder ynrjochte fâdenkeamer yn Lodewijk XV-styl. Oan de Skilwyk, in dimpt haventsje, stiet de Fermanje tsjerke mei in neoklassicistysk front en sels in tuorke op de foargevel; in útsûndering by de menisten.

Oan de noardeastkant leit it lêste restant fan it Hoog Bolwerk. Dêrefter riist de magistrale Martinitsjerke op, in pseudobasilyk, boud tusken 1446 en 1466. De mânske fiifliddige toer is wat âlder; de grutste fan de kenmerkjende sealdaktuorren fan Fryslân. It hege koar wurdt skoarre troch hege steunbearen; dat is ek wol needsaaklik omdat de wanden gruttendiels iepene binne mei grutte spitsbôgefinsters. Binnenyn binne op inkele ferwulven skilderings, sa as it krysttafereel. Yn it ljochte blanke ynterieur komt it manjefike iken meubilêr prachtich ta syn rjocht. Yn it koar steane ryk snieëne koarbanken, dy ‘t diels út de Broeretsjerke komme. De barokke preekstoel is yn 1662 makke troch in kollektyf fan Boalserter faklju.

De earste stedsútwreidings kamen nei de tweintiger jierren yn it súdeasten ta stân, dêrnei nei de oarloch yn Plan Noard. De stêd is yn de lêste desennia fan de 20e ieu gâns útwreide mei wiken oan de east- en noardkant. Fanâlds lizze de bedriuwen súdwestlik fan de binnestêd. It nije bedriuwepark is folop yn ûntwikkeling yn de Weeshúspolder westlik fan Boalsert.

Dokkum is ien fan de âldste stêden fan Fryslân. Yn 754 waard de Angelsaksyske misjonaris Bonifatius by Dokkum fermoarde. Al gau kamen der beafeartsgongers nei dit martlersplak.

De terpedelsetting hie troch it Djip in iepen ferbining nei see en ûntwikkele him yn in flot tempo as hannelsplak. Yn de 11e ieu mocht Dokkum sels munt slaan. Oan it ein fan de 13e ieu hie it in eigen stedsbestjoer. Yn de 15e ieu kamen der wâlen om de stêd hinne en ein 16e ieu wie it in regelmjittige bastionearre festing. De festingwâlen wurde al sûnt lange tiid brûkt as kuierpaden om Dokkum hinne. De frijwol regelmjittige seishoeke mei op de hoeken dwingers is foar in grut part rekonstruearre. Oan de eastkant binne de wâlen leech, mar it Noorder-, Parkster- en foaral it Westerbolwurk hawwe hege wâlen, dêr ‘t de Dokkumers har feilich efter fielden. Op de westlike dwinger en Zuiderdwinger ferheffe har mûnen. It binne achtkante boppekruiers op hege ûnderbouwen mei stellingen. Zeldenrust, in nôt- en pelmûne, datearret út 1862 en nôtmûne De Hoop is fan 1849.

De Zijl midden yn Dokkum is in brêgeplein; der hat in slûs lein út 1583 dy ‘t yn 1757 noch ris fernijd is. Oan de Zijl stiet it âlde stedshûs oan de Suupmarkt. De kelders dogge noch tinken oan in eardere stins. Yn 1608 is hjir in ryk foarmjûn stedhûs boud. Om 1800 hinne is it ferboud ta it gebou mei it strange hjoeddeiske uterlik. Út de renêssânsetiid restearret in skitterende skou en it ferware Justitiabyld. De riedsealfleugel kaam yn 1763 ta stân. Útwindich ienfâldich, mar ynwindich yn sjarmante rokokostyl mei grutte allegoaryske skilderingen. Oan de súdwestkant fan de Zijl stiet in trijetal prachtige pânen út 1622. It hoekpân hat oan beide kanten in treptop. Dêrnjonken in hûs mei ferdjippe finsternissen en it tredde, it smelste, hat de fraaiste fersierings boppe de finsters: akkoladefoarmen yn maniëristyske styl.

It Admiraliteitshûs, no museum, stiet wat ferskûle tusken Diepswal en Oosterstraat yn. De Fryske admiraliteit waard yn 1597 húsfeste yn in stins en yn 1618 waard der nij boud. It is ûnderwilens wol feroare. De fan reade stien mitsele gevels binne wat libbener makke mei sânstiennen details en sierankers. Oan de túnkant stiet de oarspronklike tagongspartij. It waachgebou stiet midden op de Grote Breedstraat, in frijsteand bouwurk fan twa lagen heech en fersierd mei pilasters en kúfstikken mei de wapens fan Dokkum en Fryslân.

Fan het Diep ôf is yn de Hoogstraat it hichteferskil fan de terp goed te fernimmen. Healwei stiet de yn 1869 troch P.J.H. Cuypers ûntwurpen neogotyske roomsk-katolike Sint-Martinustsjerke, ek noch tawijd oan Bonefatius en Gezellen. Oan de súdeastkant fan de Markt stiet de Herfoarme tsjerke. Sy is yn de 15e ieu ta ferfanging fan in âldere tsjerke boud. Skip en beuk binne ynwindich mei rûne kolommen fan elkoar skieden. It tsjerklik meubilêr is oerdadich fersierd mei rokoko snijwurk. Oan de oare kant fan de wjerynrjochte Markt steane twa ynstellings foar woldiedigens njonken elkoar. It eardere Weeshûs falt troch syn eigensinnige neoklassicistyske uterlik it meast op. It yn 1839 stichte Sint-Laurentiusgasthús hat in wat rêstiger arsjitektuer. Oan de Legeweg stiet efter de roailine it plechtige neoklassicistyske front fan de tsjerke (1852) fan de Verenigde Christelijke Gemeente, in bruorskip fan menisten en remonstranten. De foarnaamste huzen steane oan de kaden fan Grootdiep en Kleindiep, mar ek oan de Grote Breedstraat, Hogepol, Legeweg en Koornmarkt binne kreas fersoarge wenningen te finen.

Fuort súdlik fan de binnestêd leit – fol mei leginden – de Bonifatiusboarne, dy ‘t yn 1884 in pomp mei in sierfaas krige. Yn 1925 waard by de boarne in útstrekt prosessypark oanlein en der kaam yn 1934 in diels oerkape kapel ta stân yn neoromaanske styl. Dokkum siet oan it begjin fan de 20e ieu klem tusken syn wâlen. De earste folkshúsfesting kaam yn ‘e binnestêd. Nei wat anneksaasje koe de súdlike útfalsdyk Woudweg, stâl krije mei rigen fariearde filla’s en boargerswenten mei ek it fraaie folkshúsfestingskompleks fan it Bonefatiusplein en omjouwing. Nei de oarloch is Dokkum oan alle kanten flink wat útwreide, benammen oan de noard-, súdeast- en eastkant.

Frjentsjer wie yn de Midsieuwen de belangrykste stêd fan noardlik Westergoa. Frijwat fername aadlike lju bouden dêr harren stinzen en staten. Albrecht fan Saksen fêstige yn 1498 syn gesach fan Frjentsjer út wei.

Op de Voorstraat tuorret it Martenahûs boppe de oare bebouwing út. Dizze stedsstate bestiet út twa fleugels, mitsele fan ôfwikseljende lagen reade en giele bakstien mei yn de oksel in hege achtkantige treptoer. It Martenahûs hat altyd deftich bewenne west en lange tiid wie it ek yn gebrûk as riedhûs fan de gritenij en plattelânsgemeente Frjentsjerteradiel, dy‘t om de stêd hinne lei. De Martenatún is foaral yn de betide maitiid, as de stinzefloara bloeit, in besite wurdich. Krapoan in ieu letter (1585) stichte stêdhâlder Willem Lodewijk van Nassau in universiteit yn Frjentsjer, nei Leiden de twadde yn de Republyk. Dat Frjentsjer ek in gewoane stêd is toant it Waachgebou út 1657. It ienfâldige wyt pleistere gebou is no de publyksyngong fan Museum ‘t Coopmanshûs, dat festige is yn de twa represintative professoarehuzen njonken de Waach. Dêryn wurdt ek de skiednis fan de stêd en fan de Akadeemje presintearre.

Frjentsjer wie de earste Fryske stêd dy‘t nei de Opstân in nij stedshûs boude en dêrmei de toan sette foar de represintative oerheidsbou. It liket der op dat Frjentsjer tusken 1591 en 1594 de erudysje fan de akadeemjestêd yn dit gebou sjen litte woe. Op de hoeke kamen oan beide kanten hege trepgevels. Op it plak dêr‘t de fleugels mekoar snije ferriisde in hege achtkantige lantearnetoer. It ryk fersierde stêdshûs is it wurk fan Frjentsjerter boumasters en stienhouwers.

Fierders binne der oan de strjitten en grêften tal fan bysûndere gebouwen te finen. Yn de Eise Eisingastraat is yn 1910 in winkel yn elegante Jugendstil ûnderbrocht yn in pân mei in halsgevel út 1745. Efter it fuort hjirneist steande ienfâldige klokgeveltsje fynt men in wier wûnder: it Planetarium fan Eise Eisinga. De Frjentsjerter wolkjimmer, knap op ‘e hichte fan de wis- en stjerrekunde, hie de gongen fan de stjerren fan de planeten fan ús sinnestelsel oanskôglik makke. Yn 1781 wie Eise mei syn hielal oan de soudering fan syn wenkeamer klear. By de brêgen fan de Eise Eisingastraat en Zilverstraat stiet it lytse, út 1634 datearjende Koarndragershúske. It Noarderbolwurk toant oan hoe‘t Frjentsjer fan sawat 1600 ôf mei hege bolwurken beskerme waard. Dêr bouden de gegoedigde ynwenners harren simmer- of teehuzen.

De Martinitsjerke kaam yn de 11e ieu ta stân mar is fan 1421 ôf fernijd en fergrutte. It is in pseudo-basilyk mei in breed en heech skip en oankape sydbeuken, dy ‘t om it heger lizzende koar fierder liede ta in omgong. De grutte toer hat in ynsnuorre nullespits. Ynwindich is de Martinitsjerke tige ryk bedield, foaral mei in skat oan manjefike sarkeboukeunst. Skean tsjin de tsjerke oer stiet it Klein Botniahûs oan de Bredeplaats, in sealstins út de 15e ieu. Dêr stiet ek noch it wyt pleistere Dekemahûs. Fóár de tsjerketoer stiet it Cammingahûs, in tredde sealtsjerke en de âldste, mei muorrewurk út de 14e ieu. Efter de Academiestraat steane de oantinkens oan de universiteit fan Frjentsjer. Om it binneplein hinne, ea de ‘hortus botanicus’, steane ymposante gebouwen. It restant fan it Kruisherenkleaster, letter ferboud ta haadgebou fan de Akadeemje en tsjin de fraaie orânzjery oer, it botanysk laboratoarium.

De hillige grûn fan de Fryske keatssport, it Sjûkelân, leit yn it westen fan ‘e stêd en is sûnt 2003 aksintuearre troch twa slanke tuorren. Op it Sjûkelân wurde de wichtichste wedstriden fan dit âlde balspul spile. Njonken dit goed ûnderhâlden sportfjild stiet de âldste studintekroech fan it lân, de ferneamde Bogt fen Guné. Tsjin de súdlike râne fan de binnestêd oan rûn fanâlds de belangrykste ferkearsier, de Harnzer Trekfeart, no Van Harinxmakanaal. De stêd hat dêr altyd profyt fan hân, want by it kanaal lâns kaam in soad bedriuwichheid. Lykwols is de stêd der ek troch belemmere by syn stêdsútwreidings. Dy kamen yn in waaier om de noardlike âlde stêdsrânen hinne.

De stêd Harns hat syn groei en bloei te tankjen oan de see. It wie ynearsten in buorskip fan fiskers en skippers, dat by it tsjerkedoarp Almenum hearde. Yn 1234 moat Harns stedsprivileezjes krigen ha. Hannel op Ingelân, Hamburg, Skandinavië en oare Eastseelannen brocht wolfeart. Yn 1500 waard der in earste haven groeven.

Healwei de 16e ieu groeide de stêd eksplosyf: sy ferfjouwerfâldige yn oerflakte, der kaam in festing omhinne en waard foarsjoen fan twa romme binnehavens. De rykdom drukte de stêd út yn fraaie stedspoarten yn renêssânsestyl en in stedshûs. De poarten binne yn de 18e ieu sloopt. Dêrfoar yn it plak kaam in rige ek yndruk meitsjende izeren brêgen. Oan de Voorstraat stiet de 16e-ieuske riedhûstoer, dy‘t faak fernijd is. Hy draacht de patroanhillige fan de stêd, Sint-Michaël. De ierdsingel stiet ek yn de foargevel fan it stêdshûs oan de Noorderhaven dat yn 1730 troch stêdsboumaster Hendrik Norel yn barokstyl ferboud is.

Oan de súdkant fan de Noorderhaven stiet in oantal pakhuzen, sa as it oarspronklik 17e-ieuske pakhús Java, mei in fraaie tutegevel út de17e ieu en in hûs mei in trepgevel út 1694. In pronkje is it pakhús by de Roepersteeg mei in trepgevel en gevelstiennen mei Venus, Ceres, Bacchus en Aeolus. Oan it ein fan de Noorderhaven leit de Grote Sluis dy‘t oarspronklik út 1524 datearret, mar nei de tiid ferskillende kearen fernijd is. Op de lânhaden binne fjouwer skylddragende liuwen mei stedswapen pleatst. Oan de noardkant fan de Noorderhaven stean gâns wat foarname wenhuzen en ymposante pakhuzen. Ien pân hat in ferrassing op it dak, want de dakkajút wurdt flankearre troch Neptunus en Mercurius. Fierder stiet der in pân mei in bekroaning mei in gevelbreed fronton mei dêrop foarstellings fan hannel en skipfeart.

Noardlik fan de Noorderhaven leit de lytse Zoutsloot as wetterier fan de regelmjittige stedsútwreiding út it lêst fan de 16e ieu. De skildereftige grêftehuzen út de 17e ieu en foaral de 18e ieu binne systematysk restaurearre, ek de wat minder ymposante eksimplaren. Oan de eastlike râne fan de binnestêd leit de Engelse Tuin, it stedspark dat fan1843 ôf oanlein waard op de diels ôfgroeven festingwâlen, want dy wienen as wurkferskaffingsprojekt ûntmantele. It Franekerend hie op de kaden in keur oan fariearde monumintale pânen, sa as it Heerenlogement en it hoekepân oan de William Boothstraat mei in 18e-ieuske yngongspartij, de fraaiste fan Harns.

De âldste toer fan Harns, dy fan de Grote Kerk of de Dom van Almenum datearret al út it lêst fan de 12e ieu. It is in toer fan dowestien fan it âlde doarp Almenum. De tsjerke waard yn de 18e ieu op inisjatyf fan it stedsbestjoer ôfbrutsen. Der kaam yn 1772-1775 in nije tsjerke efter de toer, in tige hege krústsjerke. It ienfâldige gebou is mitsele fan giele stientsjes, sûnder mis út in Harnzer stienbakkerij. Ynwindich is yn in ymposant fersieringsskema yn Lodewijk XVI-styl, de ekselinte kânsel- en oargelpartij fan A.A. Hinsch mei snijwurk fan J.G. Hempel it hichtepunt.

Foarby de âlde (dimpte) wetterlopen Lanen en Schritsen strekt him de yn 1597 groeven Zuiderhaven út. Oan de súdkant leinen ea de werven fan de Fryske admiraliteit. De noardkant wurdt dominearre troch de Sint-Michaëlstsjerke, in grutte neo-goatyske krúsbasilyk (1881) mei in hege toer, dy ‘t it silhûet tegearre mei dy fan de Grote Kerk fierhinne bepaalt. Oan de Grote Bredeplaats stiet ien fan de moaiste pakhuzen te pronk: ‘De Blauwe Hand’. Oan de Voorstraat stiet ek in ferskaat oan monumintale pânen, sa as dat fan museum it Hannemahuis, dêr‘t de skiednis fan de stêd presintearre wurdt.

Harns siet lange tiid opsletten tusken de stedsgrêften yn, mar yn de 20e ieu kamen der stedsútwreidings. Earst yn it easten (begjin fan de 20e ieu) en noardeasten (fan de tweintiger jierren ôf) en letter (fuort nei de oarloch) yn it suden, al gau folge mei grutte wiken oan ‘e oare kant fan de autodyk N31. Oan de seekant kamen stik foar stik de Voorhaven, Nieuwe Willemshaven, Visserijhaven en Industriehaven ta stân. Resint koe in twadde, grutte yndustryhaven yn de Riedpolder groeven wurde.

Hylpen is in opmerklike stêd, dy‘t har rykdom tanket oan de seehannel. Dat is noch altyd ôf te lêzen oan de eksellinte ynterieurkeunst. Lykwols hat de stêd gjin haven. De delsetting hat him ta stêd ûntjûn fanwege de keapfardij foar benammen Amsterdamske keaplju. Hylpen die mei oan it Hanze-ferbûn en yn de 14e ieu bestie der al in bloeiende hannel mei Skandinavië, de Baltyske lannen en Ingelân.

Hylpen wurdt foar in belangryk diel omfette troch de âlde Suderseedyk. By de lytse foarhaven fan hjoeddei mei in havenljocht op it havenhaad stiet in rêdingsloads fan de KNRM. By de slûs is yn 1619 it slûshús boud: it sylhues. De iepen dakruter kaam der krekt yn de 19e ieu op, de Oostertoren foar de Hylpers. Oan de kant fan dyk en haven is in leugenbank pleatst. De luif datearret út 1785. Dêr boppe sit in gevelstien mei in foarstelling fan Petrus’ fiskfangst. Dôchs wie it earder in skippers- dan in fiskersstêd.

Fan de slûsbrêge, de Sylsbrêge ôf, is der nei it suden ta in goed sicht op de dûbele wipbrêge mei de namme Skoelebrêge. It is in brêge mei in eargat, in ynventive slûf tusken de twa flappen yn, om aken en botters mei steande mêst trochgong te ferlienen sûnder dat de brêge ‘wipt’ hoegde te wurden. Fierderop leit de ûnregelmjittige bebouwing oan in tizeboel fan strjitten, stegen en wetterkes.

De Hylper kommandeurswenningen besitte sierlike tutegevels mei yn de geveltop meastal twa horizontale friezen mei frissels, siermitselwurk fan giele en reade stien. Yn dy geveltop steane ien of mear ovale finsters. De omlisting fan de doar is ek besûnder: de doar stiet yn in swier kezyn en it kalf dat de doariepening ôfdekt is útsnijd mei in akkoladefoarm en as de fersiering kompleet is: mei noch twa rozetten. Het moaiste kommandeurshûs stiet op ‘e hoeke fan de Buren en it grêftsje fan de Nieuwe Weg. Oan de Nieuwstad en oare strjitten binne ek soksoarte wenningen te finen. Bgl. op ‘e hoeke fan de Nieuwstad en de Meenscharsteeg: gebou Irene dat yn 1714 boud is en yn de jierren tritich renovearre.

Oan de Meenscharswiken steane noch inkele ‘likhuzen‘, lytse simmerhuzen op it efterterrein dêr‘t de húsgesinnen yn wennen as de kapteins en skippers op see wienen.

Op ferskate plakken kin men de Hylper ynterieurskilderkeunst bewûnderje. Op Nieuwe Weide 14 bgl., dêr‘t yn de winkel in âlde betimmering op oerdiedige wize beskildere is mei ûnder mear de deugden yn de Hylper klaaiïnge. It is ien stik tradysje yn Hylpen.

De stêd wie oan it lêst fan de 18e ieu ta mear rjochte op de see dan op it Fryske efterlân. De ynwenners ha in eigen taal mei ynfloeden fan it Frysk, mar ek mei in eigen wurdeskat. Der binne dus twatalige strjitnammebuordsjes. De Hylper klaaiïnge wurdt noch droegen by spesjale gelegenheden. De deftige, ynbannige manljusklaaiïng en de kleurige sitsen klean fan de froulju.

De kultuer fan Hylpen kin benammen yn it Hidde Nijland Museum yn it eardere stedshûs út 1682 bewûndere wurde. De tradysje fan snij- en foaral skilderkeunst is hjir bewarre bleaun. Nettsjinsteande dat de krollerige aspekten hjiryn net frjemd binne fan bûtelânske ynspiraasje, is de styl benammen basearre op dekorative renêssânsepatroanen.

De herfoarme tsjerke stiet oan de westlike râne fan de stêd, in gefolch fan de ôfslach fan lân oan de seekant. Se is yn 1593 boud en makke yn 1632 al wer plak foar in grutter gebou. Yn de 17e ieu groeide it ynwennertal fan Hylpen sa rap, dat der in folslein nije beuk needsaaklik wie. Dy nije oanbou ferdwûn yn it jier1892; de Hylper befolking wie doe al wer krompen. Tsjin de westkant fan it skip oan stiet in markante toer, de moaiste fan de Fryske Iselmarkust.

It moaiste hûs fan Hylpen stiet oan de Nieuwe Weide op in hoeke fan twa grêften: in earder stedshûs. It steatlike hûs is as wenning boud yn de Lodewijk XVI-styl yn de lette 18e ieu. De stedsútwreidings fan nei de oarloch ha yn it suden plak fûn, yn it noarden is in grutte rekreaasjehaven oanlein

De stêd Drylts is sûnt 1984 it haadplak fan Wymbritseradiel. It lei oan it begjin fan de folle Midsieuwen, in bloeiperioade, tsjin de súdkant fan de Middelsee oan. De delsetting wie ûntstien oan de mûning fan de Ie, in wichtich wetter foar it ferkear fan súdwest Fryslân. Nei it oanlizzen fan de Himdyk waard it in plak fan oerslach, bedriuwichheid en hannel. Yn 1739 krige it merkrjocht en al gau makke it him as stêd los fan it omlizzende gebiet. Drylts bleau in belangryk plak mei syn ambachten fan benammen skipsbou en oare houtprodukten.

Fan de stêd ôf rint yn eastlike rjochting de Geau, it brede wetter yn ‘e rjochting nei Snits ta. Nei it westen ta liedt it wetter nei de Wiiddraai mei in skerpe bocht nei it suden ta: de Wide Wimerts, de farrûte nei Heech en fierder nei Wâldsein en Sleat. Eartiids, doe‘t der noch gjin fêste brêgen oer de Steds-Ie leinen, gie it wetterferkear troch de stêd hinne nei it suden ta, om dêr yn de Wide Wimerts út te kommen. Fan Zevenpelsen ôf, neamd nei sân arbeidershuzen dy‘t hjir ea by in pelmole stienen, is te sjen dat oan de Wiiddraai de bedriuwichheid fan Drylts konsintrearre west hat. Oan dizze wâl wienen houtferwurkjende bedriuwen en oan de oare kant, it no yn grut ferskaat boude Uilenburg, leinen fan de 16e ieu ôf de nije skipstimmerwerven. Der sille nei alle gedachten noch earder soksoarte skipswerven west ha.

By‘t simmer is de brêge in drok plak foar wettersporters en beskerme Drylts ea tsjin fijânen. De stêd is nea befeilige en beskerme west mei festingswâlen; it is sels net ûntstien op in terp. Yn it leechlizzende lân wie der beskerming fan ringgrêften, de Dij-grêften en men hoegde yn it noarden de brêge mar op te heljen om de stêd ôf te sluten.

De Overkluizing wurdt dominearre troch de restanten fan de Nooitgedagtfabryk. Jan Jarings Nooitgedagt wie yn 1865 begûn mei it meitsjen fan redens. Al gau groeide it út ta in yndustrieel bedriuw dat neist redens ek ark en degelik houten boartersguod makke. It bedriuw is ferhuze en it âlde fabryk wurdt yn in fernijingsplan, dêr‘t de Overkluizing ek yn meinaam wurdt, as histoarysk monumint diels hanthavene.

Oan de Iegrêft folget de meniste tsjerke, dy‘t yn 1857 boud is nei in ûntwerp fan Meinse Molenaar yn in aparte mingstyl: de klokgevel nei 18e-ieusk model is fersierd mei neoklassicistyske eleminten. Tradisjoneel foar de menisten leit de Fermanje bûten de roailine.

Even fierder oan de Eegracht stiet in foarname wenning yn renêssânsestyl dêr‘t hiel wat oare stêden jaloersk op wêze kinne. It hûs wurdt de Messingklopper neamd omdat der ea in koperslagger wenne en wurke. It is in lykwichtich en navenant breed renêssânsepân út 1669 mei in trepgevel. De bebouwing oan de Eegracht is fierder frijwat farieard mei meastal 19e-ieuske huzen en in inkeld eksimplaar út de 17e ieu. Opfallend dêrby binne in pear knap fersoarge brede notabele wenten. It meast skildereftige aspekt fan de Eegracht is de struktuer. De huzen ha oertunen oan de grêftskant, oan ‘e oare kant fan de strjitte. Oan wjerskanten wurdt dat aksintuearre troch in seame linebeammen tusken de dyk en de oertunen yn. Midden yn Drylts stean de herfoarme tsjerke en it stedshûs tsjin elkoar oer. De herfoarme tsjerke mei flinke toer datearret út 1830 en hat in fraaie preekstoel út 1672. It stedshûs is boud yn 1859 yn in dekorative mingstyl. De middenpartij en de gevelbekroaning eagje neogoatysk. Yn de lytse ruter op it dak hinget noch in 15e-ieusk klokje, ôfkomstich út it lytse Dryltser karmelytkleaster. De riedseal is yn in sjarmante biedermeierstyl ynrjochte.

Houtseachmole De Rat leit prachtich oan de Geau. Hy waard op dit plak opboud yn 1828, mar is folle âlder en oerbrocht út de Zaanstreek. Oant 1955 ta hat in houthannel der gebrûk fan makke. Nei de restauraasje waard de monnikmole mei stelling wer yn gebrûk nommen.

Nei de oarloch is it stedsje eksplosyf groeid, earst mei in wyk yn it noardwesten, letter oan ‘e eastkant fan ‘e stêd, oant en mei de wyk ‘De Iendracht ‘ : de earste wyk yn Fryslân op basis fan in byldkwaliteitsplan.

Ljouwert is ûntstien op in terp út de iere Midsieuwen mei in agrarysk karakter tichtby de Middelsee, Oldehove, en yn de 9e ieu oan wjerskanten fan de mûning fan de Ie opsmiten terpen mei in hannelsdelsetting. Terpen, dy’t yn de Hoogstraten noch altyd goed te erfaren binne.

De âldste fermelding fan Ljouwert is yn de 11e ieu. De houten tsjerke fan Sint-Vitus waard doe ferfongen troch in (dowe)stiennen gebou en yn dy tiid fûn ek de earste dikebou plak. Nei‘t de Middelsee tichtslike wie, wreide de delsetting him yn westlike rjochting út. It swiertepunt bleau op de terpen fan Nijehove en dêr waard yn de 12e ieu de Mariatsjerke boud en healwei de 13e ieu tsjin de soal fan de terp oan it kleaster fan de Dominikanen. De kleastertsjerke, de Jacobijnertsjerke, is yn de 13e ieu boud en ferskate kearen útwreide. Oan de noardkant stean de oantinkens oan it kleaster mei in part fan de prachtich oerwulve kleastergong. Yn it koar binne de leden fan de stedhâldersfamylje begroeven.

Yn it easten en súdwesten wreide de stêd út en alles waard yn 1435 ûnder in stêdsrjocht brocht. Omdat Ljouwert yn in net fan wetterlopen lei, koe de stedsstruktuer trochriuwen wurde troch grêften. Troch hannel en oare aktiviteiten groeide de stêd foarspoedich en doe‘t Albrecht van Saksen Hear fan Fryslân waard, keas hy yn 1504 foar Ljouwert as sit fan de bestjoersynstellings en dus as haadstêd.

De letGoatyske Aldehou, it symboal fan de stêd, bliuwt as skeane en kromme toer it ferhaal fertelle fan de mislearre ambysjes fan tsjerke- en stedsbestjoer. Yn 1529 koe men begjinne mei de bou fan in hege toer. Hy begûn te sakjen en bleau sakjen en it wurk waard yn 1533 stillein.

De sintrale oerheid slagge wol. It bestjoerspaleis, de Kânselarij, is fan 1566 oant 1571 boud troch de boumaster fan kening Filips II. It ryk detaillearre gebou tsjinne as húsfesting fan het ‘Hof van Friesland’, it belangrykste bestjoersorgaan. De boustyl is noch hielendal letGoatysk, mar tagongspoarte, kraachstiennen en oare details binne al yn de nije styl fan de renêssânse. It gebou drukt it kenterjen fan de tiid út: Opstân en Herfoarming wienen yn in tiidsbestek fan tsien jier in feit. De Kânselarij is no ûnderdiel fan it Frysk Museum. Nei‘t der al earder in grêft om de stêd hinne groeven wie en in begin fan in omwâling, krige de stêd yn de tsientallen jierren om 1600 hinne in frijwol folslein bastionearre fêsting.

Ljouwert is in deftige stêd wurden, want se is ek ieuwenlang residinsje west fan Nassause stedhâlders. Dy wennen mei har húshâldings en hofhâlding yn it sintrum fan Ljouwert. Dit ‘Stadhouderlijke Hof’ bestie oarspronklik út twa yn styl ferskillende staten, dy‘t tegearre wol in foarplein foarmen. De ferskate generaasjes Nassaus ha it skildereftige gehiel sa faak ferboud dat in ienriedich mar lykwols in strang fleugelgebou it resultaat waard. De stedhâlders ha hjir oan 1747 ta residearre. Tsjin it Hof oer stiet it stedshûs. It haadgebou is yn 1715 yn sober klassisisme boud op keldersferwulven fan in midsieuske stins. De middenpartij krige de measte oandacht. Boppe de yngong binne frede en gerjochtichheid útbylde. Yn de koepel hinget in kariljon út 1687. Yn 1760 is efter it haadgebou in riedsealfleugel yn rococostyl boud. Ljouwert wie let mei in represintatyf stedshûs, ynfestearre yn de waach, in steatlik gebou yn renêssânsestyl dat it belang fan de suvelhannel ta útdrukking bringt. It waachgebou kaam ta stân yn 1595 en is oan de ûnderkant iepen mei grutte bôgen en in hingjende luif deromhinne. Boppe de luif binne op de hoeken wapenshâldende liuwen en in prachtich bewurke fries te sjen.

Yn de iere 19e ieu is de fêsting ûntmantele en krige de stêd in râne fan plantsoenen, wêrfan‘t no mei de Prinsetún, allinne de noardlike gedielten noch bestean. Yn de 20e ieu is de stêd nei alle kanten útwreide, nei de oarloch, doe’t in part fan Ljouwerteradiel anneksearre wie, ek nei it suden ta. Der kamen oan ‘e bûtekant fan in yn rap tempo foltôge rûnwei bûtenwiken fan grutte omfang.

Sleat liket in ideale renêssânsestêd: in krús fan wetter en dyk mei in regelmjittige fêsting der omhinne en yn it brânpunt de gebouwen fan it wrâldsk en tsjerklik gesach. Mar it lytse Sleat is âlder as de stichte renêssânsestêden en is ta in ideale foarm groeid. De stedsstruktuer is hast regelmjittich. Yn it skaad fan de feefoerfabryk – yn 1903 as suvelfabryk begûn – stie oant it midden fan de 19e ieu de Kowepoarte dy’t har gelikense hie mei de Wyckelerpoarte oan de oare kant: de twa lânpoarten yn de betiid midsieuske handelswei. De wei krúste hjir de Ie, in belangryk wetter foar it trochgeande ferkear.

Doe’t de delsetting him yn de folle Midsieuwen ta stêd ûntwikkele, wie de betsjutting fan de âlde lândyk al ôfnommen: de Kostrjitte is dan ek in smel strjitsje. Oan de oare kant fan it Djip giet dy hast like smel troch mei de Dûbelstrjitte, flankearre troch kreaze huzen. By it Djip lâns steande foarname huzen. De ekonomyske betsjutting fan it wetterferkear oertrof dy’t oer lân gie, dúdlik.

Op de Hearewâl stiet it eardere stedshûs út 1759. It middenpart hat barokke fersieringen en de riedsseal hat Lodewijk XVI dekoraasjes. Sleat is oant 1984 in selsstannige stedsgemeente bleaun, ien fan de lytste fan it lân. Doe binne Sleat en Gaasterlân gearfoege en ferlear it stedshûs syn funksje. It museum ‘Stedhûs Sleat’ kaam der yn mei ûnder mear in fassinearjende presintaasje fan ‘Sleat, de ideale stêd’. De oarspronklike kapel is yn 1647 as tsjerke fergrutte yn let goatyske styl. Efter de ienfâldige giele tutegevel stiet in dakruter op it dak. Efter it nochal sletten front stiet in troch finsters oerdiedich ferljochte tsjerke. It meubilêr datearret foar in grut part út de boutiid. Op Hearewâl 53 stiet it dûbele, fan trepgevels foarsjoene pân, dat as boargemasterswenning, letter as pastorije brûkt waard en tsjintwurdich partikulier bewenne wurdt. It rjochter part is sa’t bliken docht oan de ankers fan 1610 en it linker is in útwreiding fan 1671. Yn de seal fan dit pân fergadere de rie en waard rjocht sprutsen. Op de Hearewâl stiet fierder in kar oan aardige wenningen en pakhuzen mei foargevels yn ferskate foarmen en stilen.

Oan it ein fan de Hearewâl leit de Lemster wetterpoarte oer it Djip, in hege, fan giele bakstien mitsele wetterpiip. De korfbôgige trochgong is ôfsetten mei bewurke sânstienblokken en der binne wapenskylden fan Sleat te sjen (mei SPQS en 1821) en Fryslân. Njonken de wettertrochgong sit in romme trochgong foar fuotgongers en dêrtusken oan de binnekant de romte fan it kasjot. Op it bastion by de poarte stiet de nôtmole: in 18eieuske boppekruier mei stelling. Hjir stie al sûnt de lette Midsieuwen in standertmole.

It súdwestlike kwartier fan Sleat, it grutste, is it gebiet wêr’t pleatsen stienen. Efter it súdwestlike bouwurk stiet in flinke kop-hals-romppleats en der binne noch mear spoaren fan agraryske aktiviteiten yn dizze hoeke. Oan de westkant fan it Djip leit de Foarstreek mei in grut tal wenningen yn ferskate stilen. Under mear in ynbannich wenninkje mei in útbou boppe de stoepe en in luif mei in sjarmante markearring. Fierder in klokgevelpear út it midden fan de 18e ieu en in pronkje mei trepgevel út 1655 dy’t yn renêssânsestyl fersierd is mei in protte ûnderdielen yn sânstien. Op’ e hoeke fan de Dûbelstrjitte stiet Herberg De Zeven Wouden. Oan it begjin fan de Kapelstreek wie de waach yn in uterst ienfâldich lyts gebou festige.

Oan it ein fan dizze kade stiet de yn 1933 boude roomske tsjerke mei in foarse sealdaktoer. De Lindegracht oan de oare kant hat ek in fariearde bebouwing mei fraaie list en klokgevels. Net allinne hjir,mar oeral by it Djip lâns steane snoeide linebeammen. De Snitser of Wâldseiner wetterpoarte hat in selde foarm as dy oan de oare kant. Oan de fjildkant sitte fraai houwe platen mei it stedswapen en SPQS en 1768. Oan de eastkant leit it eardere sompige Bûtenlân dat tsjintwurdich ûnregelmjittich beboud is. De foar in part útgroeven bolwurken mei soms in protte beammeguod foarmje it dekor foar in moaie kuier.

Snits is oant 1984 ta in karakteristike stedsgemeente bleaun. De stêd krige troch de gemeentlike weryndieling yn 1984 lanlik gebiet mei de doarpen Ysbrechtum, Offenwier en Loaiingea der by. Dat gebiet rikt no ek oant by de Snitser Mar, wêr’t de stêd mei syn wettersportaktiviteiten sterk op rjochte is.

De stêd is oant yn de twadde helte fan de 19e ieu fêst sitten bleaun binnen de stedsgrêften út de 16e ieu dy’t in hertfoarmige plattegrûn foarmen. Dêryn is it noardwestlike part it âldst, in terp wêr’t noch altyd de Martinitsjerke op stiet en even noardliker in hannelsdelsetting tichtby in slûs yn de Himdyk. Dizze delsetting hat him yn súdlike rjochting útwreide mei it Grutsân, de Wip en de Suupmerk as grêften. Dêr omhinne kaam al yn de 13e ieu in omgrêfting dy’t foar in part binnengrêften waarden doe’t de stêd letter oan de eastkant noch in oansjenlike ‘Nyestadt’ fan Easterdyk en Lytssân krige.

Snits soe yn 1294 ta stêd ferheven wêze. De stêd wie as iennige fan de alve stêden – sa waard beweard – troch muorren omfêste. It wienen gjin muorren dy’t yn it twadde kwart fan de 16e ieu mitsele waarden, mar de Snitsers smieten wallen op en beklaaiden dy mei bakstien. In kostbere ynvestearring, dy’t troch ferkeap fan stien fan de 18e ieu ôf wer wat werom fertsjinne waard. Snits hat as glorieus oantinken syn Wetterpoarte noch: alle Snitsers binne der grutsk op. De poarte mei in poartershûs op in loggia tusken twa elegante tuorren markearret de tagong ta de stêd fan de brede Geau ôf. Doe’t de poarte yn 1613 yn bewurke renêssânse styl ferriisde, bedarre it kriichsgeweld en tsjinne se noch om it ferkear te kontrolearjen en om op de reizgers yndruk te meitsjen.

Efter it romme Martiniplein, krige it Ald Tsjerkhôf okkerdeis in frisse ynrjochting. De Martinitsjerke riist der omheech; in grutte let goatyske tsjerke dy’t faak en yngripend feroare is. Yn 1681 stoarte it front fan de toer yn en der kaam in sluting dy’t op in twadde koar liket. Op it dak is yn 1771 in sierlike klokkekoepel pleatst en it kariljon struit op fêste tiden muzyk oer de stêd út. Oan de súdkant stiet in prachtige 16eieuske sakristy. Even noardliker strekt de Merkstrjitte him út, omseame troch in kar oan gebouwen dy’t in protte te fertellen ha. Haantje de foarste is it stedshûs yn sjarmante rokoko styl út 1760. Der leit in monumintaal bordes mei dûbele trep yn swiere barokfoarmen foar en binnen is de riedsseal fan goudlearbehingsel mei Sjineeske patroanen foarsjoen.

Oan de eastkant fan de Merkstrjitte iepent, nei in knik, de romte him opnij om in dearinnende grêft hinne, de Wip. Om even fierder de grêften fan Grutsân en Suupmerk / Lytssân tsjin te kommen en oan de oare kant it skildereftige Schaepmansplein te begelieden. By de grêften lâns steane deftige huzen wêrfan in protte út de 18e en 19e ieu datearje. It Schaepmerkplein liedt nei de Nauwe en Wide Boarchstrjitte en fierder nei de Easterdyk, wêr’t in protte winkels te finen binne.

Snits is it keapsintrum fan de Fryske Súdeasthoeke. Tusken gebrûklike winkels binne oan neamde grêften en strjitten opfallende eksimplaren te finen út de perioade om 1900 hinne wêr’t in protte soarch oan bestege is. Dat binne gebouwen fan ûnder mear de Brenninkmeijers, Stockmanns, Lampes en oare út Westfalen ôfkomstige ûndernimmers dy’t doe de wyn yn de seilen krigen. Want sile moast yn Snits. Hoewol’t resint de stedsrûnwei klear is, bleau de Houkesleat rjochting Snitser Mar sûnder hindernis troch in fraai akwadukt. De rûnwei is foar in grut part om de bûtenwiken lein.

De groei bûten de âlde binnestêd is oan it ein fan de 19e ieu mei wat bûterânen begûn en fan it begjin fan de 20e ieu ôf trochgien mei earst de Noardeasthoek en it Sperkhem. Yn de tuskentiid hat de stêd in omfang krigen dy’t rom tolve kear grutter is as dy fan it stedshert, dat ieuwenlang de befolking herberge hat.

Starum heart ta de âldste fan de Fryske alve stêden. De delsetting lei geunstich oan inkele wetterwegen, mar wetter is Starum ek needlottich wurden. Nei’t de Sudersee foarme wie, waard it plak kwetsber: stoarmen sloegen stikken fan de stêd fuort, slokten sels it wichtige Odulphuskleaster op.

Al fan de 9e ieu ôf naam Starum diel oan de handelsfeart by de Noardseekust lâns en al gau dêrnei waard it plundere troch de Noarmannen. Starum waard Hanzestêd, krige yn de 12e ieu it tolprivileezje fan de keizer en koe al gau in stêd neamd wurde. foaral oan de seehannel hie Starum har bloei te tankjen.

Mei fallen en opstean binne de havens it brânpunt fan de bedriuwichheid bleaun. It is in skoft stil west ear’t Starum de kânsen fan de rekreaasjefeart pakte. Op de kade tusken de âlde Bûtenhaven, de haven foar de “brune float” mei drokke charters, en de Spoarhaven, wêr’t de feartsjinst op Enkhuizen en it halteplak fan it spoar te finen binne, stiet it VVV kantoar. It havengebiet is fernijd. Der is noch sfear te priuwen út de tiid dat dit noch in echte seehaven wie.

De wite slûsbrêge jout tagong ta de stêd. De slûs datearret fan 1576 en is ieuwenlang fan belang west foar de grutte skipfeart út it efterlân. De slûs waard dan ek troch de stêd en omlizzende plattelânsgemeenten ûnderhâlden. Troch it oanlizzen fan de Johan Frisoslûs (1966) oan de súdkant fan de stêd ferlear de âlde slûs har funksje. It wettersteatkundige monumint is yn 1979 restaurearre. De flapbrêge nei âld model draacht it stedswapen. Njonken de slûs stiet it havengebou foar de bûtenhaven. Tichtby de brêge stiet it byld fan it Frouke van Starum, de frou dy’t de fal fan de heechmoed ferpersoanlikt. Fierder nei see ta leit de Fiskerijhaven mei eigentiidske, kleurige nijbou dy’t yn syn foarmen ferwiist nei histoaryske havenfronten.

Wêr’t ea de float fan Staverske jollen lei, is it no de thúshaven fan fiskkotters. Op de fiskôfslach wurdt noch geregeld fisk feild. Oan it ein fan de Havenwei stiet in leugenbank njonken in taantsjettel wêryn seilen, trossen en netten foar konservearring bewurke waarden. Op it havenhaad stiet it reade havenljocht (1884) en oan de oare kant it oare, griene, ljocht.

Op it grutte iepen gersfjild njonken de Havenwei stie eartiids it blokhûs of it kastiel fan Starum. It blokhûs wie koart nei 1500 troch Albrecht van Saksen boud as in festing fan ûngefear 100 by 100 m. Yn 1996 binne de grûnfesten argeologysk ûndersocht.

De Smidsstrjitte is de winkelstrjitte fan Starum en dizze liedt nei de Foarstrjitte, de strjitte oan wjerskanten fan de Voordelft, de wichtichste grêft fan de stêd. No in grien omseame en troch beammen oerwelve, rêstige grêft, wêr’t eartiids redershuzen en pakhuzen stienen. It is foar it grutste part lege, ienfâldige bebouwing út de 19e ieu. Op’ e hoeke fan de Boargemaster Albertsstrjitte stiet it uterst ienfâldige tsjerkje fan de menisten. Yn it midden riist oan de westkant it eardere stedshûs op. It is in heech, blokfoarmich en fraai detaillearre gebou út 1880. Earder ferskafte de linkerkant hûsfesting oan de boargemaster en syn húshâlding. De rjochterkant wie foar de sekretary, boargemasterskeamer en riedsseal, mei beskildere behangpapier. By de gemeentlike weryndieling yn 1984 kamen de stêden Starum, Hylpen en Warkum yn de nij foarme gemeente Nijefurd te lizzen en ferlear it stedshûs syn funksje. Tsjinoer it stedshûs leit de herfoarme tsjerke efter de bebouwing, in sealtsjerke mei in fraaie neoclassicistische yngongspartij en in elegant tuorke út 1860.

Oan de eastkant fan de âlde stêd rint de Skâns, tsjintwurdich in kade by de brede bûtengrêft lâns, earder de festingwâl. Op nûmer 23 is stedsherberch Aldgillis te finen: in brún kafee mei muorreskilderingen. Oan de oare kant fan de Skâns leit de beskieden stedsútwreiding. Hielendal súdlik fan de stêd leit de Johan Frisoslûs. Even fierderop binne de karakteristike kontoeren fan it Ir. Hoogland gemaal te sjen, yn 1968 ûntwurpen troch arsjitekt Piet de Vries as spannende wettertrochgong troch in dyk hinne.

Warkum wie in iepen stêd sûnder stedsferdigening. De stêd wie smel en lang, fan de slûs oant it Dwersnoard mear as oardel kilometer. Warkum is boud oan wjerskanten fan de oandamme Wimerts. Hoewol de stêd net oan see lei, die se folop mei oan de seehannel. Warkum wie troch it Soal mei de Sudersee ferbûn. Dit wetter hat nei twa kilometer fan de Iselmar ôf in skutslûs mei tsjin de dyk oan in skildereftich gebiet. Hjir leit û.o. herberch Séburch en de mear as trije ieuwen âlde skipswerf De Hoop.

Dat de Warkumers in protte omset hân ha mei seefeart en hannel is oan in protte pronkgevels út de 17e en18e ieu by it Súd en it Noard lâns te sjen. Fan de slûs ôf oant it súdlikste ein fan it Súd stiet in grut ferskaat oan bebouwing. Der steane foaral 19eieuske huzen dy’t tsjûgen, dat it Warkum foar de wyn gie. Oan it Súd fan de oandamme Wimerts is de bebouwing ûngelyk fan leeftyd en foarm.

It sintrum is de Merk. Fan de Merk út is de rangoarder helder. Oan de Merk steane stedshûs, tsjerke en waach, de haadgebouwen fan wrâldsk en tsjerklik gesach. Hoe fierder fan de Merk, hoe ienfâldiger de bebouwing wurdt, hoewol der oan it Dwersnoard hielendal yn it noardeasten noch belangrike huzen stean.

De Sint-Gertrudistsjerke stiet mei har foarse toer oan de súdwestkant fan de Merk. Sûnt de 10e/11e ieu hat yn Warkum al in tsjerke stien. Yn 1480 waard mei de bou fan in nije tsjerke begûn. Earst mei it koar. Yn 1560 wie it wurk noch mar foar 60% klear en yn it begjin fan de 17e ieu is it heal ôfmakke skip mei skudwurk tichte, dat yn 1951 ferfongen is troch in echte westgevel. De oansluting mei de toer is nea makke. Dy likemin ôfmakke toer is fan 1523 oant 1545 boud. Yn it begjin fan de 17e ieu kaam by de tsjerke in prachtige sakristy. Tegearre meitsje tsjerke, toer en sakristy in ymposante yndruk, ek mei omdat de bebouwing oan it Skil der om hinne, sa beskieden bleaun is. Yn de tsjerke in protte pracht: in barokke preekstoel, in koarstek út de betide renêssânse, in froedskipsbank en in unike samling fan acht beskildere deadsbieren fan Warkumer gilden út de 18e en betide 19e ieu. Se foarmje it histoarysk printeboek fan Warkum.
Yn de Waach wurdt de histoaryske kolleksje fan de stêd bewarre en sjen litten. It waachgebou is in rjochthoekich bouwurk mei luif dat krekt yn it midden fan de 17e ieu boud is. De twa ferdjippingen binne bekroand troch in tintedak en der binne kajútfinsters útboud ta trepgeveltsjes mei pilasters op liuwekoppen. Op’ e hoeken sitte ek liuwen.

Oan de súdkant fan de merk stiet it rizige stedshûs, sûnt 1984 it gemeentehûs fan Nijefurd. It liket op in barok patrisiërshûs, mar dit is skyn: de kearn is noch goatysk. Dy krige fanôf 1725 in nij uterlik en in ekstra ferdjipping. Yn 1620 is it stedshûs útwreide mei in smel pân, in moai renêssânse húske dat in bytsje ferside stiet efter de hege trep foar it hûs. Yn it pân is de rococotiid foaral te sjen yn de riedsseal.

Tsjinoer de Merk stiet oan it begjin fan it Noard it Sleeswijckhuis, in hichtepunt fan wenhûskultuer. It foarname hûs hat in siergevel út 1663. It Jopie Huisman Museum stiet oan de oare kant fan it Noard. It Noard is oan beide kanten omseame troch in kar oan gebouwen mei gevels út ferskate stylperioaden: fan ienfâldige listgevels oant prachtige trep en halsgevels. Op Noard 12 stiet in pân mei in klokgevel mei in grutte efterbou. It is de kosterswente mei de skûltsjerke fan de Minnisten út 1695 dy’t der efter leit.

Ek de roomsken fan Warkum moasten har ynearsten ferside hâlde mar koenen yn 1876 de Werenfridustsjerke oan it ein fan it Noard bouwe. Yn de pastorije is in museum fan religieuze keunst. De stedsútwreiding fan nei de oarloch is oan de eastkant lein, tusken it âlde stedslint en de trochgeande dyk.