Unfortunately, at the moment we can provide only parts of this website in the English language. For those parts of the website that not yet have been translated we recommend use of the Google Translate option next to the title of the item.
6.Yn en om Easterein (Brêgen en brechjes) troch Jan Hiemstra
De majestueuze entree yn Easterein fan Wommels ôf mei flapbrêge, kafee, toer en tilbury op de eftergrûn.
Wetter yn en om Easterein is en wie der by de rûs. It wetter waard brûkt foar it transport fan minske, bist en guod, en as ôffier fan rein en smoarchwetter (= rioolwater). Moasten skippers fan de Skippersbuorren nei de Sebeare dan kamen se troch trije flapbrêgen en moasten ûnder ien Heechhout (de Streek) lâns.
Foar de skippers wie it in hiel karwei om troch it doarp te kommen. Doe ’t it ferfier oer lân belangriker waard naam de fraach nei skipsromte ôf. De brêgen wiene makke om maklik iepen en ticht te kinnen en net om de hieltyd gruttere frachtauto’s passearje te litten. Dêr moast wat oan dien wurde. De trije brêgen foar it trochgeande ferkear waarden ferfongen troch wapene beton en stien. Dêrmei wie de tagong ta it doarp wol praktysker, mar minder moai. Easterein rekke de status fan it Venetië fan Hinnaarderadiel kwyt.
Lâns tal fan huzen en strjitten lei in feart. Nei de bewenners moasten je oer in brechje. Dy feartsjes tsjinnen as rioelearring mar dan sûnder in parslieding nei de wettersuvering! It wetter moast fuortkomme kinne. En foar it smoarch wetter wie der mar ien oplossing: smyt it mar yn de feart, it wurdt wol wei. Lokkich sieten der doe minder skealike stoffen yn. Der wiene boppedat noch gjin WC ‘s (wetterhúskes). Wat der fan ús iten en drinken oerbleau gong kreas yn tontsjes nei de dwinger (= vuilnisbelt).
De opfeart hat noch in fertakking foar de hokken lâns en rjochting sportfjid. Fan ‘t Heechhiem nei Skippersbuorren lei der in ‘batte’ (in soart brechje). Bakker Dantuma oan it Skilplein krige syn moal oer it wetter.
Dan de foto Hidaarderdyk
De feart foar de opfang fan rein- en smoarchwetter. Guon brechjes binne al ferfongen troch in daam.
Foar de eardere pastorij
Der wie allinne mar op de pastorij te kommen oer it brechje, dat letter ferfongen is troch in betonnen ien.
Colofon
Jan Hiemstra