Unfortunately, at the moment we can provide only parts of this website in the English language. For those parts of the website that not yet have been translated we recommend use of the Google Translate option next to the title of the item.
30. Ljeppend it fjild yn
Snypsnaren troch Jan Hiemstra
Maitiid
Healwei febrewaris, begjin maart roeken wy de maitiid. De rook oer it lân waard oars en as bern woene wy it fjild yn. De earste ljippen, skriezen en tjirken kamen der oan. De einen waarden efternei sitten troch de jerken. De hazzen skeaten heaksk oer de ekers en it gers waard wer grien. De earste maitiidsblommen sa as it giele lyts hoefblêd, kamen wer yn bloei. De polsstokken waarden fan de souder helle en der moast ‘aaisocht’ wurde. Wy wiene net te hâlden!
De ein fan de winter
Natuerlik spile it waar in grutte rol. De iene kear wie it in winter wêryn it hast net frear. Dan koene je noch krekt ride op de lânsleatsjes of in leech stikje lân. De oare kear hie it hynste-iis ferzen. Nei sa ’n winter duorre it lang foar't alle iis teid wie yn benammen de lânsleatsjes. It kaam sels foar dat dy lytse sleatsjes oant de boaiem ta ticht sieten en pas begjin april it lêste iis derút teide. Hie it yn sa ’n winter dan ek noch foars snijd, dan duorre it noch langer mei safolle kjeld yn de natuer.
Sette en skoskerinne
De tiid dat it iis teide levere ek wer wille op. It iis mocht kapot! Mei in steltsje wat âldere jonges gongen je der dan earm-yn-earm oerhinne en waard it fernield ta skossen. Wiene dy der ienkear dan waard de grap om dêr op te farren en de oare kant fan de feart te berikken. Foaral op de Grieneleanefeart wie dit in hiele prestaasje. It wie dêr djip en de reis nei it tsjerkhôf lang. Mar ûnder it oanmoedigjen fan de famkes wiene der altyd wol wat dryste jonges dy ’t soks oandoarden. Droech bliuwe ûnder it skoskerinnen kaam net foar. Wiete fuotten wie al it minste wat je krigen, mar guon rekken ûnder grut joechei op de bealch yn de feart. De memmen wiene hjir net botte bliid mei, want de measte bern hiene mar twa stel klean; it stel dat se oan hiene en it stel dat yn de wask siet en nei in wike wer droech yn de kast lei. Fan poere need bedarren guon op bêd as se wiet thúskamen en koe de wiete brot op in rekje om de kachel drûgje. Dan koene se de oare deis yn alle gefallen droech nei skoalle.
Ljeppend it lân yn
Der kaam in momint dat je it lân yn koene, mar dan moasten je in pols ha èn ljeppe kinne. Yn de measte húshâldingen wie in polsstôk, mar mei mear bern yn in húshâlding wie der in probleem.
It ljeppen learden je spontaan. De measten begongen mei in brede greppel. Je moasten oan de goede kant fan de pols stean en der dan as it ware ûnder it springen omhinne kringelje. Der wiene der dy ’t dit net slagge en as sâltsekken neist de pols hongen. It wiene de jonges dy ‘t ljepten, mar myn suster dy ’t fiif jier jonger is, gong al mei in keppel famkes it lân yn. Al lang lyn hat de ljeppers emansipaasje syn beslach krigen!
Foar de measte bern wie it Fjouwerfeartsje de earste ‘echte’ feart om oerhinne te springen. Dit feartsje rûn oan de ein fan de Sjaardaleane de greiden yn. Koene je hjir oerhinne dan kamen de sleatten op de krusing fan it Fjouwerfeartsje en as je dy ek ljeppend nimme koene kaam de masterproef: skean (diagonaal) oer de krusing ljeppe. Slagge soks sûnder wiete fuotten dan wiene je in betûfte ljepper en koene je it fjild wol yn.
De polsstok
Polzen wiene der yn soarten: lange en koarte, lichte en swiere (fan fjurrenhout en bûkehout, keale en ferve (mar dy waarden sa glêd).
By ús thús wie der gjin pols, mar doe ’t ik ein febrewaris yn de tredde klasse njoggen waard, stie der op dy dei in prachtige pols foar my klear. In swart blok mei dêrnei de stôk, lakt yn de houtkleur en fierhinne boppeyn in swart rinkje mei dêryn yn wite letters myn inisjalen JH. Ik wie dan ek sa grutsk as in protter en koe meidwaan. It wie in lichte fjurrenhouten pols dy ‘t tige bûge woe. Dit boegen waard my needlottich. Likernôch myn tweintichste wie ik mei in freon yn it lân efter it sportfjild oan it aaisykjen; de pols wie net mei myn tanommen gewicht ‘meigroeid’ en bruts healwei in sprong. It sil wol dúdlik wêze wer ’t ik bedarre.
Nei skoaltiid
Ut skoalle wei wie it fluch nei hûs, tee en koeke en dan it lân yn. It begjin wie altyd it Fjouwerfeartsje, ek doe ’t de skoalle noch oan it Skilplein stie. Mei de pols op it skouder gongen je it fjild yn. Je strúnden dan wolris de ekers ôf, mar it tal aaien dat fûn waard wie net grut. It gong foaral om de wille en it ljeppen.
Us ljeppersterritoarium wie it gebied tusken de nije huzen (Sjaardaleane) en de reed fan de Hidaarderdyk foar Santema lâns nei wat no Bouma is. Dêr moasten je oer in hiel ferskaat oan fearten en begongen je tsjin inoar op te bieden en sprongen oer in hieltyd gruttere feart. Nei ferrin fan tiid kamen je grif in kear yn de flotgerzen en hiene je wiete fuotten. Guon droegen learzens yn stee fan klompen. Dan hiene je dan minder kâns op wiete fuotten, mar yn de praktyk makke soks net it measte út, want je doarden ek wer mear.
Wiete fuotten
Foar de measte bern wie it net in bliid foarútsjoch om wiet thús te kommen. Dêrom waard der ek fan alles dien om de wiete brot droech te krijen. De sokken waarden útdien, tsjin in hikkepeal útslein en dêrnei yn de punt fan de pols hongen. It bliuwde net altyd by wiete fuotten, mar as it waar it taliet, ein maart koe it al hiel lekker wêze, waard de wiete broek útdien en yn de ûnderbroek fierder ljept. Dat barde foaral as wy in skoftke op in fêst plak sprongen sa as by de reed fan de Hidaarderdyk ôf. Dan waard it ljeppen in prestaasje sport. Mei in ‘boereplomp’ fan heech op leech of yn de pols opdrave dy ’t dan in eintsje fan de wâl ôf stie, waard om de fierste sprong striden. It ljeppen as ‘keunstfoarm’ kaam foar by it kultsjebrekken wêrby je de pols tusken de skonken hiene as je oer it feartsje sprongen en it bûkeljen en dan ûnder de sprong in rûntsje om de pols draaiden ear ’t je op de oare wâl kamen.
De natuer
Under de tochten troch it lân diene je ek hiel wat oer de natuer op. Soms fûnen je eine-aaien yn de wâl en ljip- en skriesaaien op de ekers. In hazzeleger mei dêryn de jonge bistkes wie gjin seldsumens. Der wiene jonges dy ‘t in pear fan dizze bistkes meinamen en thús oan de flesse setten, mar der wiene de lytse haskes net op berekkene. Tsjin de tiid dat it aaisykje ferbean wie, wie de natuer safier dat der ek wer allegearre libben yn de sleatten siet. Dat wiene dan de griene wetterplanten en it kikkertdril (de aaikes der ’t de kikkerts út kamen). Dan wie de neat moaiers as it kikkertdril thús yn in glêzen pot te setten en te sjen hoe ‘t út de kraaltsjes, earst de kikkertsfiskjes, dêrnei de lytse kikkerts der ’t noch in sturtsje oan siet en úteinlik de folwoeksen bisten groeiden, mar dan hiene je de pot meastal yn de sleat lege.
Foar ús as bern wie de maitiid in grut feest.