Unfortunately, at the moment we can provide only parts of this website in the English language. For those parts of the website that not yet have been translated we recommend use of the Google Translate option next to the title of the item.

20. Yn en om Easterein (winkellju) troch Jan Hiemstra


20. Yn en om Easterein (winkellju)  troch Jan Hiemstra
©: Jetske Santema

1.  Oan de Tsjerkebuorren 23 ferkochten earst Tiede (1839 - 1913, dêrnei Alle 1876 - 1932, dêrnei Tiede 1907 – 1991 en Alie) oant 1960 ta winkelguod.

It sil foar Eastereiners út 2021 net te begripen wêze dat je foar alle deistige boadskippen jierrenlang yn it doarp telâne koene. It soe wolris sa wêze kinne dat de wat âldere Eastereiners mei in gefoel fan weemoed weromtinke oan de tiid dat je fluch efkes nei de bakker, de slachter, de grienteman of de winkelman koene. En oer dy winkelman/-frou wol ik it dizze kear ha. Healwei 2016 ha ik ûnder de titel Snypsnaren alle winkeltsjes neamd dy ’t der yn de fyftiger jierren yn ús doarp wiene. Yn op syn minst trije fan dizze winkels koene je foar in grut part fan it deistige iten, drinken en sjippe telâne. Bôle, fleis, griente en molke waard der net ferkocht, mar wol wer produkten as klompen, dweilen en panspûnzen. Foar it farske iten wiene der de bakker, de slachter, de grienteman en de molketaper en je woene inoar it brea net út de mûle stjitte. Boppedat wie it op grûn fan allegearre wetten ferbean om branch frjemde artikels te ferkeapjen. De trije gruttere winkels der ’t de boadskippen helle waarden wiene de VIVO-winkel fan Tiede en Alie Ypma (Tsjerkebuorren 23), it winkeltsje fan Rinske Hingst oan de Griene leane 13 en Spar Hendrik de Jong  oan de Streek 10. Mar behalve dizze trije, wiene der noch mear, noch lytsere krudenierswinkeltsjes. 
           

Oarspronklik ferkochten de Ypma ’s neist krudeniersartikelen griente en fruit, mar doe ’t de lêste Ypma de VIVO-winkel mei syn frou Alie hie wie dat net mear it gefal.

It wiene foaral de froulju dy ’t de boadskippen diene. Mei de tas oan de earm gongen se nei de winkel en wat nedich wie waard neamd en troch de winkelman of frou út de fekken pakt of yn pûden ôfwoegen sa as sûker en op de toanbank setten. It waard betelle en kaam yn de tas. 

  


2 Rinske Hingst efter de toanbank fan har winkeltsje oan de Grieneleane 13.

Ek Rinske Hingst moast fan har winkeltsje bestean. Se wie heit Anne Hingst yn de 60-er jierren opfolge. Heit Anne hie yn de minne foaroarlochske tiid in winkeltsje makke fan it wenhûs oan Grieneleane 13. Dat wie dan ek noch dúdlik te sjen as je deryn kamen. De romte efter de toanbank wie krap en it winkelguod stie op inoar. Yn ferliking mei Ypma en de Jong hie Rinske mar in beheind assortimint, mar se hie bysûndere dingen sa as ‘boeretou’(tou om it fee mei fêst te setten) en binen (=halsters). It wiene foaral de grifformearden dy ’t by de ‘suster fan de gemeente’ harren winkelguod kochten en har de hân boppe de holle holden. Rinske hie it gelok dat de measte winkellju (Ypma, De Jong, Van Dijk, Tjalling Sijtsma, Jan Vellinga) herfoarme wiene.

De modernste winkel fan de trije wie de modernste en stie oan de Streek 12. Hjir wiene Harke en Jehanne Kamstra oant 1949 ta de winkellju. Harke die der noch wat boerewurk by. Tidens de grutte emigraasje golf soene Harke en Jehanne mei de bern emigrearje, mar dêr is neat fan kommen. De winkel wie lykwols al ferkocht oan in stel jonge lju út Nij Beets, Hendrik en Kee de Jong. It âlde winkeltsje fan Harke en Jehanne krige in flinke opknapbeurt en waard in foar dy tiid tige moderne winkel. Hendrik en Kee diene der fan alles oan om der as nijelingen yn te kommen en de Eastereiners foar harren te winnen. Dat dit slagge is docht wol bliken út it feit dat de Spar en letter Kasper bestean bleaun is oant 2003. Doe foel op de duer net mear tsjin de grutmachten op te boksen. Dochs hat de femylje de Jong altyd by de tiid west. Rûn 1965 kaam de keamer by de winkel en wer letter mei de eardere kapperssaak derby hie Easterein in komplete ‘supermarkt’. 

  

 



3. Hendrik de Jong efter de snijmasine en syn frou Kee efter de kassa doe 't de minsken al net mear fan efter de toanbank holpen waarden.

  

© Tekst: Jetske Santema © Foto voorblad: Jetske Santema
Read more