Unfortunately, at the moment we can provide only parts of this website in the English language. For those parts of the website that not yet have been translated we recommend use of the Google Translate option next to the title of the item.

12. Yn en om Easterein (ôfbrutsen huzen) troch Jan Hiemstra


12. Yn en om Easterein (ôfbrutsen huzen)  troch Jan Hiemstra
©: Onbekend

1 Part fan de Tsjerkebuorren yn 1914 ( fan súd nei noard de nrs 27, 25, 00, 23, 00, 19, 17)

Troch de machtige toer sjogge je al iuwen lang Easterein fanút de fierte lizzen. Dat sicht is itselde bleaun, mar yn it doarp is der wol it ien en oar feroare. Sjoch ik foaral nei de nei-oarlochske tiid dan wenje der no oare Eastereiners as foar de oarloch en de wenromten sjogge der oanmerklik lúkser út. Der binne nochal wat ‘onbewoonbaar verklaarde’ wenten ôfbrutsen. Dizze kear wol ik dan ek foarbylden fan ‘ferdwûn’ Easterein sjen litte. Ik begjin by de Tsjerkebuorren.

Twa fan de wenten op dizze foto mei de nummers 00 binne der neat mear. De wente mei de earste 00 is yn WO-2 ôfbrutsen. Sa op it sicht noch in kreas hûs, mar te plat en der sil fierders ek noch fan alles oan mankearre ha. It is no de iepen romte tusken de nummers 25 en 23. Nei de ôfbraak fan de wente tusken de nummers 23 en 19 is de frijkommen romte in part wurden fan nr 19, de tekstylwinkel fan Bergstra. Nr 27 wie it oarspronklike skoalhûs fan en foar de iepenbiere skoalle, yn nr 23 ha faak fervers wenne; de wurkpleats siet oan de efterkant, de lêste bewenner fan de earste 00 wie kapper Wypke Dijkstra dy ’t nei De Streek 10 gong. Yn nr 23 siet in winkelman (jierrenlang in Ypma, heit Ale en letter soan Tiede). De lêste bewenner fan de twadde 00 wie ‘post’ Zijlstra dy ‘t in tabakswinkel oan hûs hie. En dan folget nr 17 noch der ’t Pieter Bergsma in petroalje hannel hie.

 

Tusken de huzen steane kreaze stekken yn stee fan útwrydske hagen. De minsken steurden harren minder oan inoar en namen de tiid foar in praatsje. Sjoen it tal hinnehokken falt te konkludearjen dat de hintsjes der ek by hearden.

  


2.  Op 'e nij de Tsjerkebuorren mar no fan noard nei súd. No de nummer 19, 21, 00, 23, 00, 25, 27, mei as ôfsluting nr 29. En no falle stekken en hinnehok wer op.

 
In folle drastysker yngreep foar it doarpsbyld wie yn 1968 de ôfbraak fan de wenten op Vrijburg (tsjin de lettere Skoallestrjitte oan. De tsjerke hie dizze huzen yn 1882 sette litten foar de ‘asylsikers’ fan dy tiid. Easterein luts nochal wat minsken fan bûten oan dy ’t dan fan de tsjerke in útkearing krigen. Tal fan dizze minsken libben yn gammele boatsjes oan de Skippersbuorren. Om harren in fatsoenlik dak boppe de holle te bieden binne der doe yn blokjes fan fjouwer of acht keamer wenten kommen, dy’t der allegearre frijwol gelyk útseagen. De ûnderbou fan de wenten wie troch stiennen muorren skieden mar tusken de souderromten sieten houten sketten. It wengedielte bestie út in gonkje, in keamer mei twa bedsteden mei in kast der tuskenyn en in kelderke derûnder; oer in trepke nei boppen kamen je op in souder mei in ‘beskeaten’ dak. Fan elektrysk, wetterlieding en gas yn de huzen wie der yn de begjinjierren noch gjin sprake. Yn it doarp besteane dizze huzen net mear yn de oarspronklike steat. Foar it noch besteande ’t Heechhiem 2 is in blokje fan acht brûkt dat fergelykber wie mei de wenten op Vrijburg.

  



3 Vrijburg (midden op de foto) fanôf de toer. Dit wie de súdlike râne fan it doarp. De wenten oan de noardkant hiene hast nea sinne en dan seach it twadde hûs fan links ek noch op in bline muorre út!

 
Op de ûnderste foto falt oant it paadsje te sjen dat hjir de ein fan de ‘bewenne’ wrâld is. It is it hûs oan de súdkant. Foar de ruten hingje de blinen dy ‘t jûns tichtgongen. It hokje rjochts is it húske dat troch twa húshâldingen brûkt waard. De peal mei in lampe foar it elektrysk en de ferljochting.

 



 

 

Colofon

Jan Hiemstra

© Tekst: Jan Hiemstra © Foto voorblad: Onbekend
Read more