Unfortunately, at the moment we can provide only parts of this website in the English language. For those parts of the website that not yet have been translated we recommend use of the Google Translate option next to the title of the item.

38. Cornelis van der Eems


38. Cornelis van der Eems
©: Jan Hiemstra

Snypsnaren troch Jan Hiemstra
van der Eems
Komme je fan de Itenser kant ôf yn Easterein dan stiet der links foar it doarp op de eardere ‘twa pûnsmiet’ in prachtich bedriuw: Drukkerij van der Eems. Tal fan Eastereiner publikaasjes sa as ‘Easterein’(1995), mar ek dit  Doarpskrantsje kamen dêr fan de parse.

Geane je dêrnei it doarp troch dan komt der op de oergong fan de Tsjerkebuorren nei it Skilplein in ‘bline’ bocht. Frachtauto ’s kinne der hast net trochkomme en dêrom is de hoeke fan it hûs (Us Gebou) oan de Tsjerkebuorren skansearre. Binne je de bocht dan troch dan sjogge je oan de rjochterkant in muorre mei in doar en oan de linker in muorre mei in rút. Efter dat rút wie jierrenlang ien oan it wurk om ’t er dêr syn bedriuw hie. Dan wer siet er mei de holle foaroer efter in typmasine, dan wer stie er by de stensil-masine.
 
Cornelis van der Eems

De man efter it rút wie Cornelis van der Eems; Kees foar de doarps-genoaten, mar skreaun as Cees. Dizze persoan wie ferbazend warber en wat hy die, wie yn dy tiid bysûnder. Woene lju út it doarp of omkriten in tekst op papier ferspriede (en dat diene bygelyks winkellju mei harren oanbiedingen, doarpsbelang om in feest oan te kundigjen, ferieningen om de leden op te roppen foar in fergadering, en tsjerken as der foar in bysûndere tsjinst in bysûndere liturgy komme moast) dan gongen hja mei in skreaun stik nei Van der Eems. Dy moast it dan type (meastal mei it konsigne ‘jo rêde jo der mar mei’) en fermannichfâldichje.            

De winkel

It bleau by dizze ûndernimmer net by ien ‘tak’. Der wie noch in twadde, in tredde en miskien noch wol ien, want nêst it rút der ’t Cees efter oan it wurk wie, siet in folle grutter finster: in etalaazjerút mei der neist de winkeldoar. Hjirefter lei faaks in ferskaat oan guod: fan boeken oant folpinnen en fan reaukes (kopke en pantsje) oant in solabestek. Mei dizze etalaazje woe de winkelman oanjaan dat er hiel wat yn de winkel hie. It wie in Hema yn it lyts. Kamen je hjir foar in boadskip dan kaam van der Eems yn syn stofjas út syn wurkromte om de klant helpen.
 
Assortimint

Tal fan kearen ha ik foar heit of mem nei de winkel fan ‘Cees en Annie’, sa ’t se by ús thús seine, moatten. Foar heit moast ik dan om in kasboek, in potsje inket, in potlead, in stikje gom en neam mar op wat je as lytse middenstanner foar je administraasje noadich hiene. Foar mem gong ik bygelyks om in ierappelskylmeske, in skrift of in kadoke foar beppes jierdei. Myn earste folpinne, want dêr skreaune wy op de ulo mei, kaam hjir natuerlik wei.

It wie in winkel yn galanteryen, potten en pannen en kadoartikelen. Hie van der Eems in artikel net yn foarried, dan waard it besteld en koe it in pear dagen letter helle wurde. It wie al in modern postoarderbedriuw mei ôfhelfunksje! Ek de rouadvertinsjes foar de krante koene hjir opjûn wurde en foar de roubrieven wie dit it adres. Hiene je help noadich dan stie de net hiel spraaksume, mar wol hiel behelpsume van der Eems foar je klear. 
 
De boekwinkel

Cees van der Eems hie in offisjele boekwinkel en soks koe net elke boekferkeaper sizze. Yn 1946 waard troch him it diploma fan ‘De vereeniging ter bevordering van de belangen des boekhandels’ helle en dêrmei waarden je as boekferkeaper erkend. Sa ‘n boekwinkel yn in plak mei de grutte fan Easterein wie wol hiel bysûnder en dat hat it doarp witten. De boeken yn de etalaazje setten de minsken oan ta lêzen, en lêzers waarden klanten. It waarden net allegearre persoanlike klanten, mar de boeken dy ‘t yn de biblioteek fan de jongelingsferiening stiene, kamen fan …van der Eems. Ek de boekjes dy ’t op de twadde krystdei nei de krystfiering yn de ‘grut’tsjerke oan de bern meijûn waarden, kamen by VdE wei. Mannich boek yn in Eastereiner húskeamer, kaam hjir wei.
 
De skoalboeken

De skoalboeken moatte foaral net fergetten wurde. Op tal fan skoallen foar fuortset ûnderwiis moasten de learlingen de boeken sels keapje. Oan ‘e ein fan it skoaljier hiene se dan op dy skoallen in boekebeurs en koene de learlingen se foar in part ferkeapje, mar dy boeken moasten in kear nij oanskaft wêze. Foar in erkende boekwinkel wie it leverjen fan dizze kategory boeken de drokste tiid fan it jier, want foar it begjin fan it nije skoaljier moast alles yn oarder wêze. Dan wie it moai dat de van der Eemsen in grutte húshâlding hiene! Under it motto dat ‘vele handen licht werk’ meitsje sil ek dit middenstânsbedriuw gebrûk makke ha fan en grut wurden wêze troch de ‘eigen’ minsken. Boekhannel van der Eems hie by de levering fan skoalboeken in sterk punt. Kochten je dêr je skoalboeken dan waarden se kreas yn brún kaftpapier levere. De linige hantsjes fan ien fan de van der Eems bern soargen hjir foar.
 
Postkantoar 

Doe ’t de jonge Cees foar de oarloch nei it beheljen fan it mulo-diploma by heit oan it wurk rekke, wie it winkeldiel ek noch post- en telefoankantoar. De postsekken kamen dêr binnen, de post waard der sortearre en dêrnei troch de postrinners besteld. It ynkommende telefoanferkear rûn noch oer in telefoansintrale. De telefoantsjes dy ‘t binnenkamen moasten trochferbûn wurde nei dy inkeling dy ’t yn it doarp in telefoanoansluting hie. Dit barde troch in stekker fan stopkontakt te ferwikseljen. Dat waard dien troch heit Hendrik dy ’t earst de saak hân hie, mar nei de oarloch noch allinne it postkantoar. Hiel hommels ferstoar Hendrik yn 1948 en soan Cees koe it postkantoar der net by ha. Dat ferhuze doe nei de Hidaarderdyk.
 
En doe …

De wurksumheden yn it bedriuw namen hieltyd ta. Dochs hie van der Eems noch tiid om mei te dwaan mei it kompetysjekeatsen. It wie in tûke keatser dy ’t soms yn in lange, mar meastal yn syn ‘koarte’ kakybroek op it fjild stie. Yn 1956 kaam er yn it bestjoer fan de keatsferiening, itselde jier dat er op syn 42-ste winner fan it kompetysjekeatsen waard. Ek de herfoarme tsjerke hat van der Eems op ferskate manieren tsjinne. Fiersten te jong ferstoar Cornelis van der Eems yn 1972. Hy hat de útwreiding fan stensilbedriuw anneks winkel oant moderne drukkerij net meimakke, mar hie der sûnder mis op syn beskieden manier grutsk op west.

© Tekst: Jan Hiemstra © Foto voorblad: Jan Hiemstra
Read more

Related information


Foto’s


|