Unfortunately, at the moment we can provide only parts of this website in the English language. For those parts of the website that not yet have been translated we recommend use of the Google Translate option next to the title of the item.

2. Yn en om Easterein (Alden fan dagen) troch Jan Hiemstra


2. Yn en om Easterein (Alden fan dagen) troch Jan Hiemstra
©: Jetske Santema

Jierrenlang waard der mei in list foar it ‘âldenfandagenreiske’ troch it doarp gongen. De doarpsbewenners dy ’t noch gjin 65-jier wiene, waard frege om in bydrage foar dit reiske. Yn it algemien wiene de 65-plussers de doarpsgenoaten dy ’t it yn de nei-oarlochske tiid net botte breed hiene. Foar it jild dat sa byinoar skarrele waard, waarden twa autobussen hierd en koene alle kosten foar dy dei sa as entrees en in miel iten, bekostige wurde. Fan dizze reiskes binne foto ’s mar ek filmopnames makke. It âldste filmke dat ik ha is út 1950 en makke troch Elzinga,  fotograaf te Frjentsjer. De filmkes fan 1956 ôf binne fan Folkert Reitsma. Fan Reitsma binne ek de foto ’s op dizze siden.

Op de foto hjirûnder is de ôfreis yn 1956 fêstlein. Op it ‘plein’ stiet noch de izeren elektisiteitsmêst mei dêrneist Iet doe noch Bergsma en no Scheltema. De smidterij oan de Foarbuorren is noch yn bedriuw. De ‘âlde minsken’ sitte al yn de LAB-bus en op it plein steane de ‘utswaaiers’. De reis giet oer Amsterdan, nei Skiphol en lâns it Noardseestrân wer werom.

It selskip sit ûndertusken op de rûnfeartboat troch Amsterdam. Ik neam in tal fan nammen fan minsken dy ’t ik herkin. 

Foaroan mei de pet grutte Pieter Hiemstra (Pieter dykwerker), dêr neist Jan Wybrandy, dêrefter mei it earizer op frou Heeg, twadde fan rjochts frou Bruinsma, links fanfrou Bruinsma Heeg en rjochts dêrfan Andries Namminga mei rjochts  fan Andries, mei bril smid Dekker. Achter Heeg Hilbrand Rijpma en dêr neist Foeke Wijnia.Achteryn steane de begelieders fan l/r Syb Arema, Tiede IJpma, Homme de Vries en Tiede Alie IJpma

Op de weromreis lâns de see. Swimbroek en bikini binne fergetten. De minsken binne net goed sichtber, mar ik bin der wis fan dat de man yn it wite boesgroentsje (=overhemd) Tiede IJpma is.

Colofon

Jan Hiemstra

© Tekst: Jan Hiemstra © Foto voorblad: Jetske Santema
Read more

Related information


Foto’s


|