9. Wilhelmina humor


9. Wilhelmina humor
©: Jan Hiemstra

Snypsnaren troch Jan Hiemstra

Oer minsken en mûzen
Sawol minsken as mûzen binne soms ien grutte aprilgrap. Se dogge dingen der ’t letter smaaklik om lake wurde kin. De grappen der ’t ik it no oer ha wol fûnen plak by ús korps Wilhelmina. Meastal wiene de minsken  de oarsaak, mar ien kear de mûzen. 

 
De dirigint

De dirigint om 1950 hinne wie Sierd de Boer fan Hylpen. Hy wie in ‘topper’ en hie foar de oarloch Wilhelmina, doe in bêst korps, al dirigearre. Fan út syn wenplak Hylpen moast er earst mei de ZWH-bus nei Bolswert, dêrwei mei de LAB nei Wommels en dan oerstappe (of rinne) nei Easterein. Earst kamen de learlingen oan bar en dêrnei folge de repetysje. Jûns moast de man wer nei Hylpen. Fan Wommels nei Bolswert en fan Bolswert nei Hylpen ried de bus noch wol, mar fan Easterein nei Wommels? Op it korps sieten in pear grouwe jongkeardels sa as Pieter Baukes (de Jong) en Jan Yeps (Kamstra). Sy wisten ried. Wy bringe De Boer efter op ‘e pakjedrager fan de fyts nei Wommels. En dat barde. Mar jongkeardels binne altyd yn foar in fyt (= grap). As wy no yn pleats fan de Grieneleane ris om it tsjerkhôf geane en dan flink hurd in pear rûntsjes mei De Boer ‘achterop’ dêr om hinne fytse! En sa barde it. Mar der ’t se net op rekkene hiene wie dat De Boer net allinne bang wie om efterop te sitten, mar ek noch allegearre geasten fan efter de grêfstiennen weikommen seach. De man waard deabenaud, âle as in bolle, mar doarst net fan de fyts te springen. De jongkeardels skuorden harren de bûsen út. Doch ha se ha de grap nea wer úthelle.

 
De muzikant (1)

De jonge Rouke, de soan fan de âlde Rouke de Jager, de slachter oan de Lytseleane (Foarbuorren) wie trompetblazer, mar hy oefene net al te faak. As blazers te min oefenje ha se gjin lipspanning. In remeedzje om sûnder te blazen lipspanning te krijen wie neffens de ‘kenners’ in soad tútsje, mar dat die Rouke doe noch net. Dy lipspanning, op syn Frâns ‘embouchure’, krigen je troch te oefenjen. Mar, al wer neffens de ‘kenners’, wie der ek in oare remeedzje: in pear drippen ‘ammesuer’ op de lippen. As der wat yn Easterein net te krijen wie krige frachtrider Sjuk Sandstra de opdracht it út Snits mei te nimmen. Foar in frachtrider wie neat te gek. In fleske ‘ammesuer’ waard de bestelling der ‘t Sjuk mei nei drogist Hofsteede teach. Net in minske yn de drogisterij begriep wat dit wie en sa kaam Sjuk mei neat werom en moast hy Rouke teloarstelle. Jo begripe wol dat dit ferhaal jierrenlang trochferteld is.

 
De muzikant (2)

De masinist fan it bûterfabryk die faaks in putsje (= karweitje) foar it korps, sa as it soldearjen fan ynstruminten. Dy ynstruminten wiene nochal âld en gebrekkich, faaks fan foar de Twadde Wrâldoarloch. Waard sa ’n ynstrumint lek moast der wat oan dien wurde. Earst moast it plak fan it lek fêststeld wurde en dan wie in metoade om sigarettereek troch de hoarn blazen. Der ‘t de reek nei bûten kaam siet it lek. En dan nei de masinist om it lek te soldearjen. Lekken kamen faaks op in ûngelegen momint. Dat ûntduts altblazer Edvard Kornelis ek. Op Himelfeartsdei soe der yn Easterein in festival hâlden wurde. De grutte publykslûker wie it korps Hallelujah fan Makkum. Earst in mars troch it doarp mei de drumband foarop en dêrnei in konsert. Foar it optreden fan Makkum spilen ferskate korpsen op de tinte. Dêr moast de deis fan te foaren noch foar repetearre wurde. Mar och heden, de alt wie lek. Op it fabryk waard it probleem oplost. De oare deis doe ’t Edvard syn saakjes thús klearmakke en efkes ynblaasde kaam hy derefter dat it by it soldearsel noch lekte en wat moatte je dan. Gelokkich wie der roggebrea yn ‘e hûs en kreatyf as Edvard wie: der waard in stik kliemsk roggebrea oer it lek plakt. It probleem wie wer oplost! Mar …. ûnder it optreden rekke it stik brea los. Yn it beoardielingsrapport waard melding makke fan in tige min stimmende altpartij!

 
Sneintemiddeis

Der waard net allinne sneintemoarns, mar ek sneintemiddeis yn beide tsjerken preke. Bern fan herfoarme âldelju hoegden middeis net nei tsjerke en dat jilde ek foar Bernlef Kornelis en my. Bernlef syn heit, master Kornelis, moast der natuerlik wol hinne, want hy wie de oargelist. Neffens de ferhalen hiene de tsjerkegongers faaks muoite om nei it waarmiten harren slûgens te ûnderdrukken. Doe ’t de preek goed en wol begûn wie seagen Bernlef en ik inoar foar it sliepkeamersrút stean, want wy wennen tsjinoer inoar. Bernlef hie de trompet yn ‘e hannen en ik wie wat op in fentyl tromboane oan it griemen. ‘Wy moatte mar efkes in marske blaze’ en dêr gong it los fan út de sliepkeamers mei de ruten wiid iepen. Ferskuorrend lûd. It davere troch hiel it doarp, mar wie benammen ûnder de preek fan ds. De Bruin goed te hearren. Elkenien yn tsjerke wie wer klear wekker.

De oare deis moasten Bernlef en ik by master Kornelis op it matsje komme. It die bliken dat er de humor fan ús aksje ynseach, mar ‘jonges, dit moat net wer gebeure’. 

 
Mûzen

Nei de brike setten fan de minsken komme no de mûzen. De muzyk dy ’t net brûkt waard, wie opslein yn in kast yn it repetysje lokaal. In pear kear is de Ald Skoalle ferboud. Earst ta Us Gebou en letter as Us Gebou. Wilhelmina moast dan op in oar plak repetearje en foar de muzyk moast in plakje socht wurde. Op de souder, yn in plestik pûde, yn it hok fan Jan Yeps (Kamstra) soe it grif droech en feilich bewarre bliuwe! Der sieten hiele âlde stikken by fan noch foar de Twadde Wrâldoarloch. Doe ’t nei de ferbouwing de muzyk wer werom yn de kast moast, die bliken dat de muzyk wol droech, mar net feilich bewarre wie. Der kaam út de plestik pûde in folksstam mûzen dy ’t yn en fan de al jierren goed bewarre muzyk harren wenromte makke hiene. Foar de mûzen in aldergaadlikst plakje om te nesteljen en soks levere yn de snippers in protte mûskes op.

Colofon

Jan Hiemstra

© Tekst: Jan Hiemstra © Foto voorblad: Jan Hiemstra
Lees meer