14. Spelen


14. Spelen
©: Jan Hiemstra

Snypsnaren troch Jan Hiemstra

Boartsje

Boartsje bern hjoed-de-dei no noch wol of net mear? Dit is in fraach fan alle tiden, want boartsjen is ‘moade gefoelich’. Boartsje sa as ús heiten en memmen, diene wy al net mear. Ek no boartsje bern, mar se dogge it oars as wy om 1950 hinne. Se hoege inoar net mear fan hûs te heljen, se hoege der net mear foar út de stoel. Sûnt de pokémon goarre (= eat dat tydlik algemien yn 'e moade is) is dit lêste lykwols net mear wier. Kompjûter en telefoan hearre derby! Boartsjen wie, is en bliuwt foar bern fan belang en dêrom dizze kear wat oer ‘ús’ boartsjen.

 Bûtendoar

Wy boarten foaral bûten. De huzen wiene lyts: in gonkje, in keammerke mei twa bedsteden en dan noch in souderke en dat wie net de measte romte foar de faaks grutte húshâldingen. De measte memmen fûnen it dan ek wol goed dat de bern bûten wiene! Benammen it skoalplein (Skilplein) luts. De measte bern wiene der faaks al ier en betiid, want foar't de skoalle yngong moast der boarte wurde. Dat wie ek sa yn it boartersskoft (‘speelkwartier’) en tusken de middei. De ierappels en de sûpenbrij wiene noch mar krekt efter de knopen of je sieten al wer op ‘e sprong. Mar yn de measte húshâldingen moast earst noch Bibellêzen wurde en dan hopen je mar dat dat net te lang duorre. Middeis nei skoaltiid nei hûs foar in bakje tee mei in stik koeke en dan op ‘e nij der op út. Dat jilde net foar elkenien. De famkes út de grutte húshâldingen moasten thúsbliuwe om foar mem in hantaast te dwaan en de ‘boerebern’ moasten nei hûs om ’t der op de pleats altyd wol drokten wiene.

 
It skoalplein

De ‘flierbedekking’ fan it plein wie grint en as je foelen sieten de stientsjes ûnder it fel. Letter waard it hiele plein oant en mei de Skippersbuorren fluorre.

De âldere learlingen wiene hear en master op it plein. Sa no en dan briek der in ‘fjochtpartij’ út; altyd tusken in stel jonges. Dat wie spanning en sensaasje en je begriepen net hoe ’t master Kornelis it yn de gaten hie, mar hy wie der as in hazze by om de fjochtersbazen út inoar te heljen. Under de waranda wie it domein fan de foaral de lytse famkes. Se slingeren om de izeren stangen hinne dy ’t tusken de peallen ûnder de waranda sieten.

                

De skoalle dy ’t op it plak stie der ’t no de huzen Skilplein 27 en 29 steane, mei tusken dizze huzen en ’t Kniplokaeltsje it plein der ’t sa op boarte waard.

 
De boartsjende famkes

It boartsjen fan de famkes gong hiel beskieden. De muorre mei de stien 'School met den Bijbel' der op waard brûkt om te heinderbaljen. De keunst wie om dit mei safolle mooglik ballen tagelyk te dwaan, sûnder se falle te litten. Ek hinkelje wie in favorite ‘beuzichheid’. Der waarden mei in stik kryt fakken ‘tekene’ en dêr moast dan fia bepaalde patroanen trochhinne hinkele wurde. Toudûnsje wie ek typysk foar famkes: of allinne of as in grutte ploech efterinoar oer it tou springe mei as ‘straf’ dat dejinge dy ’t op it tou sprong draaie moast. 

 
De boartsjende jonges

De jonges boarten like rûch. Se kamen faaks mei in skuor yn de broek, de knopen fan de jas of de kap fan de klomp thús. ‘Slingerje’, ‘trije oere troch it midden’ en ‘fuotbalje’ wiene favoryt. SDS bestie noch net sa lang en dat hie syn ynfloed. Keatse ha ik op it skoalplein nea dien! By it ‘slingerjen’ hiene de bern inoar fêst en waarden troch in stel bearen fan jonges oer it plein skuord. De achtersten fan de slinger hiene dan muoite om net oer de kop te fleanen. By ‘trije oer troch it midden’ moasten de bern fan de iene kant nei de oare kant drave sûnder pakt te wurden. De klû wie dan om oer te bliuwen. Dêr moast striid foar levere wurde. Soms leine je op ‘e rêch yn it grint op sa te foarkommen dat je de trije tikken dêr krigen en ôf wiene.

‘Pimel pot’ wie minder rûch, mar wol spannend. Tusken de beukerskoalle en de âld skoalle waard in fjouwerkant fak fan sa ‘n 40 by 40 sm op de strjitte tekene. Dêr waard in flinke stien yn lein dy ‘t ien fan de sterkste jonges dan in ein fuort wâdzje mocht. Ien fan de bern moast de stien ophelje en de oaren, dy ’t harren ûndertusken ferstoppe hiene, opsykje. Om wa ’t as earste sykje moast waard poft. Undertusken waarden der bern ûntdutsen dy wiene dan ‘ôf’, mar as in oar dy ’t net ûntdutsen wie kâns seach de stien op ‘e nij út de pot te skoppen dan wiene de ‘pakten’ wer ferlost. Yn feite wie it in soarte sideplakboartsjen.

 
Hoepelje en knikkerje

By it hoepeljen en knikkerjen gong it frediger ta. ‘Ynienen’ wie it wer hoepeltiid wie. Dan kamen de hoepels út it hok of makke de smid fan in stik betonizer in nijen ien. Mei in stokje en in spiker dêr heaks yn gongen je dan dravend achter de hoepel oan, dy ’t dan rôljend hâlden waard, nei skoalle. Jonges makken oeral in kompetysje fan. Der moast tusken twa bakstiennen, dy ’t hyltyd tichter by inoar lein waarden, trochstjoerd wurde. Wa ’t de hoepel dan troch it smelste gleufke wist te stjoeren hie wûn. Foar de winner stelde bakker Dantuma dan wolris in stik koeke beskikber.

It knikkerjen barde op in part fan it plein. Der waard in miet lutsen en op in meter of wat fan de miet waard in rûntsje (‘it potsje’) oanjûn. Dêr moast elkenien ien knikkert yn lizze. Fan ôf de pot moast dêrnei de boster (= in grutte stiennen of izeren knikkert) nei de miet rôle wurde en wa ’t it tichtste by of op de miet lei mocht begjinne. Dan wie it de grap om de knikkerts út de pot te rôljen, in oar ûndertusken ‘dea’ te sjitten troch in oars bosters te reitsjen. Uteinlik bleau der ien oer dy ’t alle knikkerts hie en net troch de oaren rekke wie. It wiene foaral de famkes dy ’t kûltsjeknikkeren. Dan moasten de knikkerts nei in kûltsje yn de grûn rôle wurde.

 
Simmerjûn

As it dan simmer wie dan hiene de bern op sa ‘n lange simmerjûn noch lang net hun nocht fan it boartsjen. Der wie noch gjin TV. Wy diene dan ‘stabal’. De bal waard, omheechsmiten der waard de namme roppen fan ien dy ’t fange moast en al de oaren moasten tagelyk sa fier mooglik fuort sjen te kommen. Dêrnei moast der ien rekke wurde. As je de earste kear rekke wienen dan wiene je ‘mislik’, dêrnei waarden je ‘siik’, dêrnei ‘swak’ en as je foar de fjirde kear rekke waarden wiene de ‘dea’ en waarden út it spulle helle. Wa ’t de minste kwalen oprûn hie, hie wûn. En dan nei hûs, efkes waskje en op bêd om al wer oer moarn te dreamen.

© Tekst: Jan Hiemstra © Foto voorblad: Jan Hiemstra
Lees meer