|

Sniksweach


Sniksweach
©: FrieslandWonderland

Sniksweach is in doarp fan midsieuske komôf. It wie it lytste doarp fan de gritenij Haskerlân, mar waard wol rekkene ta de waaier fan Hasker Fiifgea: fan west nei east Sniksweach, Westermar, Haskerhoarne, Aldehaske en Nijehaske. De gritenijkaart fan Schotanus (1718) biedt it betiidste byld fan Sniksweach. De Swaag Manne Vaart, letter de Sniksweachster Feart neamd, rûn súdwestlik by in lyts oantal pleatsen lâns en joech likegoed nei it noarden as nei it suden, ûntslutingen oer it wetter.Efter de bebouwing rûn in paad wêr’t de tsjerke mei tsjerkhou oan lei. It efterlân wie doe noch net yn kultuer brocht en ûnbewenne.

Oan de ein fan de 18e ieu waard yn de Tegenwoordige Staat van Friesland meldt: ‘het kleinste Dorp der Grieteny, ten Noordwesten van de Joure, aan de Slagtedyk, die weleer eene waterkeering was, doch thans vervallen is: hier onder liggen Zwaagmanne vaart, zich strekkende naar de Joure, en Westwaards naar Utingeradeel en Doniawerstal; voorts door de laage landen Ripkema Sloot, een gedeelte der Dolte, en der uitgedroogde wateren de Oude en nieuwe Geeuw.’ Der soe in Solkamastate stien ha. Neffens Schotanus moat dy socht wurde yn de uterste súdhoeke fan it doarp, tichtby de Jouster Sylroede flak tsjin De Jouwer oan.

Op de kaart yn de atlas fan Eekhoff út 1849 liket Sniksweach der wat op foarút gien. Yn de streek steane mear pleatsen en de miedlannen efter it doarp binne yn kultuer brocht. It tsjerkhou stiet oanjûn, mar de tsjerke bestiet net mear. Op it omgrêfte, goed ûnderhâlden tsjerkhou stiet in wyt skildere, houten klokkestoel mei in helmdak. It bouwurk is yn 1971 opknapt en draacht in klok dy’t yn 1787 getten is troch L.Haverkamp.

De streek bestiet hjoed de dei út pleatsen, wêrfan in stik as wat monumintale út de 19e ieu binne, en wenningen dy’t nei de ferkearsdyk, wêr’t de feart lein hat, rjochte binne. It eardere súdlike doarpsgebiet is foar in grut part yn gebrûk as bedriuweterrein fan Douwe Egberts.

Colofon

Uitgeverij: NoordBoek - Auteur: Peter Karstkarel

© Foto voorblad: FrieslandWonderland
Lês mear

Relatearre ynformaasje


OnderwerpenFoto’s