|

Nijhuzum


Nijhuzum
©: Hendrik van Kampen

Nijhuzum is in lyts streekdoarp mei in eigen sfear. De frij lytse streek wurdt yn it noarden fuortset mei ferspraat lizzende buorkerijen yn de Mûntsebuorrenpolder oant en mei de buorkerij De Klompen. It leechlizzende doarpsgebiet leit opsletten yn it wetter, de Flakke Brekken en de Grûns yn it easten, de Lange Fliet yn it suden en de Warkumer Trekfeart yn it westen. It doarp is allinne troch in dyk rjochting Warkum ûntsletten. Boppedat rint de spoardyk Snits-Starum oer it doarpsgebiet.

De bysûndere sfear fan it lytse doarp komt net allinne troch de grutte buorkerijen dy’t de streek dominearje. De skepper fan ambiânse is foaral it beammeguod. De doarpsstrjitte is omseame mei machtige kastanjes en ek de boerehiemen en huzen binne ryklik bedield mei beammen. Oarsaak is it feit dat in pear pleatsen net goed oriïntearre binne en de molkenkelder op it suden ha. Foar it kuoljen yn waarme simmers binne de skermen fan beammen foar de pleatsen plante.

Ek it lytse tsjerkje is diels ferskûle yn ‘e beammen. De uterst sobere tsjerke is fan giele stien boud, hat oan ‘e noardkant in bline muorre en is oan ‘e súdkant iepene mei rûnbôgefinsters. Op de westgevel stiet in lytse houten toer. It doarp hearde oant foar koart by de gemeente Wymbritseradiel en de tsjerklike gemeente ek: dy wie ferienige mei dy fan Aldegea, Idzegea en Sânfurd.

Colofon

Uitgeverij: NoordBoek - Auteur: Peter Karstkarel
FYP: Gemeente Sudwest Fryslân

© Foto voorblad: Hendrik van Kampen
Lês mear

Relatearre ynformaasje


Foto’s