|

Wommels


Wommels
©: Marica van der Meer

Wommels is yn 1984 it haadplak wurden fan de gemeente Littenseradiel, foarme út Hinnaarderadiel en Baarderadiel. It is fan âlds in suveldoarp. Oan de noardkant waard oan de Boalserter Feart yn 1892 de suvelfabryk fan de Nederlandsche Maatschappij van Kaas-en Roomboterfabrieken stichte (dy’t yn 1934 al wer ticht gie) en in jier letter, yn it suden oan deselde feart, de Coöperatieve Stoomzuivelfabriek Wommels dy’t it folle langer folhâlde soe.

Wommels waard foaral in tsiisdoarp. Hjir en dêr binne nochal wat tsiispakhuzen te sjen, daliks te werkennen huzen fan tsiishandelers; se ha ferhege souders mei heal rûne finsters boppe de gewoane wenferdjipping, de tsiissouders.

Midden yn it doarp leit in plektrumfoarmich skean gersfjild, in prachtige mei beammen omseame romte mei it portretbyld fan freule C.J. de Vos van Steenwijk. Troch har legaat kin alle jierren de ‘Freulepartij’ foar jonge keatsers hâlden wurde.

Oan de eastkant hat ea Sminiastate stien, in ienfâldige aadlike wenning mei in prachtich park. Yn 1898 hat boargemaster Hopperus Buma, fan memmekant ôfstammeling fan de famylje dy’t der wenne, der in gigantyske filla in neorenêssânse styl bouwe litten. Doe’t er al gau yn konflikt kaam mei de mienskip oer de organisaasje fan de earmesoarch naam er ûntslach en ferhúze nei Haarlim. Hy liet de filla stien foar stien ôfbrekke en oan it Spaarne wer opbouwe. Op it plak fan de tún fan Sminia binne huzen boud, ûnder mear de yn opfallende karreefoarm realisearre arbeiderswenten yn 1925. Yn de hege hoeke fan it gersplein, rjochting de tsjerke, stiet de Wilhelminabeam út 1898 mei in moai smei-izeren stek wêryn fiif fan izer getten portretmedaillons fan hare majesteit ferwurke binne.

Súdwestlik fan de tsjerke stiet it gemeentehûs, yn 1840 al stichte, faak ferboud en yn 1987 sterk útwreide. Efter it gemeentehûs leit it romme keatsfjild.

Wenningbou fûn plak om it sintrale gersplein, flak by de tsjerketerp, wat eastliker, oan beide kanten fan de trekfeart en foaral yn de lette 19e en yn de 20e ieu by de útfalswegen lâns. De ûntwikkeling fan húzebou en bedriuwen nei de oarloch hat ynearsten syn beslach krigen yn de smelle strook tusken de trekfeart en de strjitte nei de Súdhoeke en de Slachtedyk wêr’t in freonlik, tradisjonalistysk buertsje ûntstien is. Dêrnei binne earst foaral westlik fan de trekfeart en ek al gau eastlik fan de trochgeande noard súd rûte, wenwiken ûntwikkele.

Tichtby de brêge oer de trekfeart is by in raffelich plein it ‘Tsiispakhûs’ te finen, in museum mei ûnder mear ynformaasje oer de terpen en terpfynsten út de wide omjouwing, mar foaral mei in heldere presintaasje fan de striid tsjin it wetter mei as hichtepunt de monumintale Slachtedyk.

De herfoarme tsjerke stiet op in rom en betreklik heech tsjerkhôf, begrinze troch in stek mei boekehage. Oan de noard en súdkant steane wat eskdoarnen en op de súdeasthoeke in flinke treurwylch. De tsjerke is oarspronklik wijd oan Jacobus en is yn de 13e ieu boud fan mingde giele friezen. Se hat grutte spitsbôgefinsters mei profilearre trasearringen fan bakstien. Yn de súdgevel levert it mei de steunbearen in regelmjittich gevelritme op. Yn de noardgevel steane minder finsters en is it metrysk effekt minder. Yn it koar mei in sluting fan fiif siden fan in regelmjittige tsienhoek binne de finsters tichtset, mar der sit wol in tagongspartij yn in moaie tudornis. De tsjerke is yn de 16e ieu ferboud. De foarse toer datearret út de 19e ieu. Hy hat trije segminten mei rûnbôgenissen, in blokte kroanlist en in ynsnuorre achtkantige spits. It stimmige ynterieur hat net ferve balken op moaie kaaistikken en in protte iken meubilêr fan kânsel, doopstek en banken. Der stiet in hearebank út 1625, it oare meubilêr is jonger. It oargel is neutraal griis skildere en yn it koar der tsjinoer hingje roubuorden fan de bewenners, út de famyljes Sminia en Eysinga, fan Sminiastate.

Colofon

Uitgeverij: NoordBoek - Auteur: Peter Karstkarel
NLP: Doarpswurk

© Foto voorblad: Marica van der Meer
Lês mear

Relatearre ynformaasje


Foto’s