Waskemar
Waskemar is in karakteristyk en jong feankoloanjedoarp, in streekdoarp by de Kompanjonsfeart en de Haulerwykster Feart lâns. De feart waard yn 1756 troch de Drachtster Compagnie groeven op it doarpsgebiet fanDe Haule twa en in heale kilometer noardlik fan dit doarp. De delsetting waard fan it ein fan de 18e ieu ôf Beneden Haulerwyk neamd en krige pas nei de Twadde Wrâldoarloch de status fan selsstannich doarp. It waard der ek de Cruijmte of de Krompten neamd, nei de kromming yn de feart. In strjitte by de bocht fan de Haulerwiekster Vaort nei de Mandefeart bewarret dizze namme. De lêste feart fiert mei wat bochten nei Bakkefean.
Doe’t it yn 1953 de status fan doarp krige, is it neamd nei in poel yn de Duerswâlder Heide, dy’t westlik fan it doarp op it grûngebiet fan Opsterlân leit. Yn 1849 blykt op de gritenijkaart yn de atlas fan Eekhoff dat der oan beide kanten fan de feart al kilometers lange, frij regelmjittige bebouwing groeid is. De westlike hoeke fan Beneden Haulerwyk is dan noch net ticht beboud.
Ungefear in heale ieu letter kaam der op dizze hoeke in koöperative súvelfabryk ta stân. Wer in lytse ieu letter is de fabryk, dy’t troch konsintraasje yn it suvelbedriuw al stillein wie, ôfbrutsen om romte te meitsjen foar wenningbou.
Súdwestlik fan it doarp binne om 1900 hinne op inisjatyf fan de filantroop Pieter Wilhelm Janssen ûntginningsplakken ta stân kommen. Janssen hie fortún makke yn Ynje en luts him de minne wengelegenheid yn Fryslân oan. Wenningferbettering keppele er yn súdeast Fryslân, ûnder mear yn Beets, Jobbegea-Skuorregea,Terwispelen Waskemar, oan de ûntginning fan de útfeane grûn. By de pleatskes hearde ûngefear tsien hektare yn kultuer te bringen grûn. By Waskemar bestiet de noch reedlik geve Janssenstichting út njoggen fan dizze pleatsen. De boerebuorskip leit súdlik fan de Leidyk by de Duerswâlder Heide lâns. Oan wjerskanten fan dizze Leidyk is tsjin it doarp oan yn de ôfrûne tsien jier in bedriuweterrein oanlein.
Colofon
Uitgeverij: NoordBoek - Auteur: Peter Karstkarel