Skarsterbrêge
Skarsterbrêge is as lytse delsetting yn de 18e ieu as útbuert fan Ousterhaule en Ousternijegea op de Skarren ûntstien op de krusing fan in dyk en in feart. Yn de 18e ieu waard foar de turffeart de Skarster Rien nij groeven om in feart dy’t droech fallen wie te ferfangen. Yn de Skarren moast in tolbrêge komme foar de krusende dyk.
Yn de Tegenwoordige Staat van Friesland waard yn 1788 by Aldeouwer meld: ‘Johannes Assema, en die van Douma en Solkama deeden den reeds gemelden Nieuwen Rhyn graaven; en dewyl hier door eene nieuwe doorvaart wierd geopend, die veel bekwaamer was, dan de door droogte verlamde Oude Rhyn, tot het vervoeren van turf, die hier in groote menigte plag gegraaven te worden, hebben de Staaten van den Lande Oktrooi verleend aan de Eigenaars, doorgaans Rhynheeren genaamd, om een’ tol van twee Stuivers te mogen heffen van ieder Schip, dat vaaren zoude door de brug, welke door hen gelegd was over gemelde vaart, door den Ouwster rydweg, van de Joure naar Sloten loopende, en naar de Scharren, een buurtje van verscheiden boerehuizen, niet verre van daar gelegen, de Scharster brug genaamd; gelyk deeze tol daar nog heden betaald wordt, aan de Herberg, by deeze brug staande.’ De dyk wie ynearsten allinne in paad; yn de 19e ieu waard in keunstdyk oanleiin dy’t Haskerlân en Doniawerstal ferbûn.
Oan it ein fan de 19e ieu struts der in grutte suvelfabryk del, de Maatschappij Hollandia dy’t lang, ûnder oare flagge, draaid hat. De fabryk is faak fernijd en útwreide: de âlde fabrykspiip stiet noch altyd nei eardere tiden te hunkerjen. Oan de Hollandiawei binne de lange rigen arbeiderswenningen fan griis mei rôze kalksânstien byld bepalend foar it doarp.
Oan de St.Nykster marzje fan it doarp stiet noch in opfallend bouwurk. De herfoarme tsjerke is yn 1914 ûntwurpen troch de foaroansteande Snitser arsjitekt Geert Stapensea yn in behearske Berlagiaanske styl en mei dekorative keramyske sier fan keunstner Willem Brouwer út Leiderdorp.
Colofon
Uitgeverij: NoordBoek - Auteur: Peter Karstkarel