|

Skearnegoutum


Skearnegoutum
©: Dorpsbelang Scharnegoutum/Looiinga

Skearnegoutum is oan de eastlike râne fan de eardere Middelsee in terpdoarp wêrfan it profyl dúdlik te merken is. Mar de terp leit besiden de trochgeande dyk dy’t nei de brêge oer de Swette, de trekfeart tusken Snits en Ljouwert, rint. De terpfoet is te werkennen oan de oprinnende tún fan de klassike pastorije. Der binnen terpfynsten út de 4e en 7e ieu. Mei it ynpolderjen fan de Middelsee is de terp opnommen yn it dykkompleks.

It doarp hat profitearre fan de lizzing oan de trekfeart en de dyk tusken Ljouwert en Snits. Dêr stienen ynearsten de huzen en wurkpleatsen: om de tsjerketerp hinne wie it oardel ieu ferlyn noch frij leech. Oan de trekfeart en dyk binne âlde buertsjes te finen. By de brêge stiet oan de kant fan de dyk de earder drok besochte herberch. Op de oare walskant fan de Swette stiet de eardere suvelfabryk, no mei in oare bedriuwsbestimming.

Op it krúspunt yn it doarp is yn 1884 in tsjerke troch de ôfskiedenen stichte, wat gjin wûnder fan arsjitektuer is. De herfoarme tsjerke fan 1861 is dat likemin, mar de mingde styl is der mei plezierige ferhâldingen en sels mei in bytsje grandeur tapast. It gebou op de hege, troch hagen en beammen omseame terp is in ûntwerp fan de Snitser arsjitekt Miense Molenaar. De tsjerke hat grutte rûnbôgefinsters yn it griisbrune muorrewurk dat troch lisenen yndield is. De toer hat in swiere ûnderste yndieling dy’t tagelyk tagongsportaal is. Dêrop folgje noch twa dielen en in spits. Noardlik fan de tsjerke stiet it ferieningsgebou Elim yn in aardige Amsterdamse School trant.

Nei de oarloch hat de earste doarpsútwreiding oan de súdwestlike kant mei benammen folkswenningbou plak fûn, letter is oan de noardkant in fikse útwreiding kommen. Oan de oare kant fan it spoar leit in nij bedriuweterrein. Noardeastlik fan Skearnegoutum is yn 1233 út Bloemkamp wei by Hartwert it frouljuskleaster Aula Dei of Nijeklooster op in hege terp stichte. No steane der in pear pleatsen en huzen.

Colofon

Uitgeverij: NoordBoek - Auteur: Peter Karstkarel
NLP: Dorpsbelang Scharnegoutum/Looiinga
FYP: Gemeente Sudwest Fryslân

© Foto voorblad: Dorpsbelang Scharnegoutum/Looiinga
Lês mear

Relatearre ynformaasje


Foto’s