Rotstergaast
Rotstergaast is in streekdoarp dat tichtby feanmoeras nei alle gedachten yn de Midsieuwen ûntstien is op in útrinner fan in sânrêch noardlik fan de Tsjonger of de Kuunder. Yn 1315 stienen twa kapellen yn Rotstergaast, wêrfan ien ta tsjerke ferheven waard. It doarp hat twa út inoar lizzende buerten mei wat konsintrearre bebouwing en fierder fersprate pleatsen.
Yn de Tegenwoordige Staat van Friesland waard yn 1788 meld dat Rotstergaast of Kleine Gaast it lytste doarp fan de gritenij Skoatterlân is: ‘Weleer stond hier eene Kerk, die reeds voor veele jaaren is te niete geraakt: dit Dorpje ligt even ten noorden van de Kuinder, en strekt zich zeer verre uit naar dien kant met zyne hooilanden; zynde de Westelykste huizen bekend by den naam van Westergaast. Ook gaat van dit Dorpje, door de drooge Rustersloot, een rydweg naar Nieuwe Schoot.’Op de gritenijkaart yn de Schotanusatlas fan 1718 stie al oanjûn dat de tsjerke ferfallen wie.
De súdwestlike buert, Westergeast is no de streek by de Skoatterwei en wie doe aardich beboud. Wylst yn de noardeastlike buert, mei de namme Snakkerbuorren dy’t doe noch by Rottum hearde, ferspraat wat huzen en pleatsen stienen. In reed yn noardeastlike rjochting gie nei Nijeskoat. De Rustersleat dy’t nei Rottum gie, stie oan it begjin fan de 18e ieu al droech, mar dêr is letter wat oan dien: op de kaart yn de atlas fan Eekhoff is de Rotster Sleat oanjûn.
Yn Westergeast is it tsjerkhou bestean bleaun en nei’t de tsjerke ferfallen wie, is yn 1928 dochs wer in sobere herfoarme kapel boud. Der stie yn elts gefal fan 1722 ôf in klokkestoel. De tsjintwurdige, mei in helmdak, is yn 1976 restaurearre.
Yn Snakkerbuorren stiet de stjelpbuorkerij Champignon út 1871 mei in foar in part ûnderkeldere foarhûs en oan de Skoatterdyk tusken de twa buerten yn oan de iene kant Nieuw Jagtlust, in stjelp fan itselde type út 1870 en oan de oare kant de kop-hals-romppleats Tsjongerswâl út it midden fan de tritiger jierren mei ekspresjonistyske karakteristiken.
Colofon
Uitgeverij: NoordBoek - Auteur: Peter Karstkarel