|

Aldeouwer


Aldeouwer
©: FrieslandWonderland

Aldeouwer is in streekdoarp fan midsieuske oarsprong. Mooglik is dit it âldste fan de doarpen fan it Ouwster Trijegea, dêr’t Ousterhaule en Ousternijegea ek by hearre. Op de gritenijkaart út de atlas fan Schotanus (1718) leit it doarp tusken de greide- en haailannen yn en noardwestlik is de Atsepoel te finen en even fierderop stiet it ‘Oud Kerkhof ‘ yntekene. Yn it suden hat it doarp troch de ieuwen hinne slim te lijen hân fan it ôfbrokkeljen fan landerijen troch de Tsjûkemar.

Oan de dyksbuorren kaam in nije tsjerke en hjir, yn tsjinstelling mei de oare twa doarpen, mei in toer. Yn 1741 soarge grytman Johan Vegelin van Claerbergen foar de ynpoldering fan de Trijegeasterpolder en ek foar it ynkoartsjen fan de Skarster Rien. De twadde tsjerke is ek ôfbrutsen en dêr stiet no op it ferhege hôf in klokkestoel mei helmdak mei in klok út 1952.
Der binne in pear buertsjes fan wat huzen en fierder ferspraat steande boerepleatsen, wêrûnder grutte stjelppleatsen.

Colofon

Uitgeverij: NoordBoek - Auteur: Peter Karstkarel

© Foto voorblad: FrieslandWonderland
Lês mear

Relatearre ynformaasje


Foto’s