Nes (Boarnsterhim)
Nes is fan oarsprong in agrarysk terpdoarp oan de noardkant fan de Boarn en letter oan de Leppedyk, dy’t dêr oanlein is. Nei it noarden ta leit de Nesser Sylroede rjochting de boerebuorskippen Bokkum en Burstum, in wetterloop dy’t mei in pear nammewikselings ferbining hat mei de Pikmar by Grou. It is in wetterferbining dy’t by’t simmer drok befearn wurdt troch wetterrekreanten, mei in soad drokte by de twa brêgen fan Nes.
Nes bestiet út inkele wetterbuertsjes oan de Boarn, oan wjerskanten fan de brêgen, wêrfan‘t dy oan de noardwestkant út in freonlik eagjende rige brede boargerhuzen bestiet. Oan de súdkant is der frijwat mear bebouwing, mar it is net dúdlik oft dizze by it nei it easten útwreide Akkrum rekkene wurde moat of by Nes. Foar it oare bestiet it doarp út in âld tsjerkhôf en in moderne wettertoer.
Yn 1956 krige Nes in opfallende wettertoer. It wetterliedingnet wie nei de oarloch sa útwreide dat it needsaaklik wie om hjir (en yn St. Jabik) in toer te bouwen. De troch jhr. A.P. Wesselman ûntwurpen toer is 37 meter heech en hy krige op in kannelearre slanke romp in rûne doaze fan beton mei in reservoir foar 515 kubike meter wetter. Oan ‘e noardkant fan de Boarn en westlik fan de Nesser Sylroede is resint de wetterwyk Boarnstee ûntwikkele dy’t by Nes rekkene wurdt. Sadwaande is it ynwennertal yn koarte tiid ferfjouwerfâldige.
Uitgeverij: NoordBoek - Auteur: Peter KarstkarelColofon
NLP: VVV Mid Fryslân
DEP: VVV Mid Fryslân © Foto voorblad: FrieslandWonderland