|

Iens


Iens
©: Jan Dijkstra

Iens is in lyts terpdoarp mei in losse struktuer fan in pear pleatsen en fierder wat huzen om in troch hagen omseame en nei de terp oprinnend dykje nei de tsjerke ta. Mei twa dwersdiken efter de tsjerke mei aardige buertsjes.

Op de noardlike hoeke stiet in stukadoare pân út 1877 dat eaget as in âlde herberch. Der is in romantyske tún by oanlein en in fraai kontrastearjende, moderne sêre. Dêr tsjinoer stiet in rige oaniensletten arbeidershuzen mei in aardich ferline: de oarsprong leit al yn de 18e ieu, mar se binne sterk fernijd. Op de oare hoeke stiet in ûnderkeldere wenning fan giele bakstien mei in trep nei de foardoar en dêrneist in grut dûbeld hûs út de perioade om 1800 hinne mei in deftige yngong en moaie koarstmoas op de bakstien. Oan de noardlike râne fanIensstiet in stjelppleats en even bûten it doarp oan de súdkant, dêr’t it opfeartsje fan it doarp nei de Boalserter Feart in knik makket leit in grutte stjelp op in rom hiem. It is de ‘Sinte Klaze Pleats’, dêr‘t in pracht fan in ferhaal oan fêst sit oer in boerewiddo dy‘t harsels op sinteklaasjûn kado jout oan har masterfeint.

Yn 1874 is de fan oarsprong13e-ieuske tsjerke gruttendiels fernijd. Oan de noardkant sit noch muorrewurk fan giele moppen mei in spoar fan in romaansk rûnbôgefinsterke mei in lûk. De oare muorren binne fan brune stien mitsele. Ek de toer, fernijd yn 1852, bestiet diels út giele moppen. De deklisten, skouders en pinakels fan de bekroaning binne fan betonbepleistering. Besûnder is de strieljende stjer op de eastpunt fan it tsjerkedak, dy‘t yn alle gefallen út de 19e ieu datearret. De kânsel út de 17e ieu is noch altyd it middelpunt fan it ynterieur. De doarpsput fan 1783 is troch fergrutting fan de tsjerke yn it koar fan de tsjerke telâne kommen. De alterstien út 1350 dy‘t by de restauraasje yn 1988-1990 weromfûn is, wurdt no brûkt as nachtmielstafel.

Colofon

Uitgeverij: NoordBoek - Auteur: Peter Karstkarel

© Foto voorblad: Jan Dijkstra
Lês mear

Relatearre ynformaasje


Foto’s