Diken
Diken is in streekdoarp oan de eastlike wâl de Kûferdermar. Oan de oare kant fan dizze mar hearde ek noch in brede strook lân oan de Noarder Ie en Smelbrêge by Diken. Mar dat is nei de lêste oarloch mei it lân noardlik en súdlik dêrfan, dat by Langwar en Teroele hearde, foarme ta it nije doarp Kûferderigge.
It noardlike part oan de eastkant fan de Kûferdermar – earder rekkene by Langwar – is fan oarsprong in wetterstreek. Dêr wienen de pleatsen rjochte op ‘e Kraansleat. Dit is no in dearinnende sleat by de buorkerij Hoek. De Tegenwoordige Staat van Friesland melde yn 1788: “een klein Dorpje ten Noorden van Ter Oele. Het land is hier laag, en grenst aan de Koevorde: tegenwoordig staaan er maar elf Boerenplaatsen; doch ‘er worden verscheiden Huissteeden gezien, ook ter plaatse daar voorheen het buurtje de Kattebuuren plag te zyn. Weleer zag men hier ook eene Solkama State.”
Op de gritenijkaart fan Doniawerstal binne tusken de pleatsen yn yndie in soad lege hiemen – de hússteden – te sjen en ek it buertsje Katteburen tusken Langwar en Diken yn bestiet inkeld út lege plakken. De stins of state Solkema stiet yn 1718 wol, mar yn 1850 net mear op de kaart. De tsjerke is om 1700 hinne yn ferfal rekke. It sil nei alle gedachten net in weardefol gebou west ha, want it is net ‘op ôfbraak ferkocht’, mar ferwurden ta in ruïne. Op it heechlizzende tsjerkhôf is in klokkestoel mei in helmdak pleatst. Foar it tsjerkhôf, dat ynpakt is yn in moaie tichte seame fan beammen en struken, stiet in lyts mar fraai stek. De boerestreek bestiet út in ein út elkoar steande, meastal grutte pleatsen. Yn ‘e bocht in buorkerij fan even nei 1900 en yn it noardlike part ûnder mear in kop-hals-romppleats mei in molkenkelder út healwei de 19e ieu. Súdeastlik fan de trijesprong steane in deftige stjelp yn neoklassicistyske foarmtaal en in kop-hals-romppleats ticht by elkoar.
Colofon
Uitgeverij: NoordBoek - Auteur: Peter Karstkarel