Stynsgea
Stynsgea is fan oarsprong in agrarysk dyksdoarp dat yn de Midsieuwen foarme is by de splitsing fan wegen fan Bûtenpost nei Surhuzum en Drachten. By de brêge en in slûs oer en yn it Knillesdjip, ûntstie de buert Blaufallaat. Yn it earstoan bestie de buert út in slûs- en brêgewachtershûs, in pear húzen en buorkerijen, in herberch en in bakkerij. Nei de oarloch kaam der oan de súdkant fan it kanaal wat bedriuwichheid. It westliker oan wjerskanten fan it Knillesdjip lizzende Reahel, hearde ek by Stynsgea, in buert mei twa skipshellings, dy ‘t yn de 18e ieu ûntstien is. No is der allinne noch in kloft huzen oan de noardkant fan it wetter te finen. Stynsgea hat mei in opfeart ferbining mei it Knillesdjip. Yn it doarp sels leinen de huzen en buorkerijen eartiids by in púndyk lâns. Boppedat stienen der westlik fan it doarp inkele foarname staten. Ein 18e ieu skriuwt men dêroer: “De ingang van dit dorp is zeer vermaaklyk in het geboomte, en deszelfs uitgestrektheid groot, ook heeft men hier eene fraaie kerkbuurt.”
Healwei de 19e ieu wie der ek al bebouwing kommen oan de sydpaden, mei wat in konsintraasje om de tsjerke hinne. De tsjerke, wijd oan Sint Augustinus, is in goatyske sealtsjerke mei in rjochtsletten koar, mooglik út de 15e ieu. De toer is âlder, 13e ieusk. Syn sealdak ferdwûn yn 1895. It ynterieur hat krúsribbe-ferwulven en meubilêr út de 17e en 18e ieu.
Yn 1897 krige Stynsgea in suvelfabryk, dy ‘t troch de Fabryksfeart mei it Knillesdjip ferbûn waard. By de feart kaam in rige arbeiderswenten te stean. It suvelfabryk gie yn 1968 ticht.
Yn de tweintiger jierren is der efter de tsjerke in nije ferbiningswei mei Surhuzum oanlein. Oan beide kanten fan ‘e dyk waard in freonlike rigele frijsteande boargerswennings boud, guon yn aardige ekspresjonistyske styl. Fierder kaam der oan dy súdkant fan it doarp yn 1917 de grifformearde tsjerke. Nei de oarloch is Stynsgea mei namme yn it suden, gâns útwreide.
Colofon
Uitgeverij: NoordBoek - Auteur: Peter Karstkarel